19 February o/m 3 March 2019

SÂN KEUNSTNERS, 24 OERE YN SYB

Gearwurking mei Academie Minerva, Grins

Hoe is it eins om te gast te wêzen yn in residinsje? En wat kinst dwaan en meitsje yn 24 oere? Yn febrewaris en maart sille in stikmannich keunstners de útdaging oangean yn in 24-uurs residency in Kunsthuis SYB. Mei: Radina Kordova & Kamile Cesnaviciute, Marieke Grunnewijk, Sven ten Berge, Jorien Ketelaar & Lola Diaz Cantoni en Laura Bolscher.

De selektearre keunstners studearje oan Academie Minerva, of binne dêr koartlyn ôfstudearre. Yn de ôfrûne moannen koenen hja in útstel ynstjoere foar in ferbliuw- en wurkperioade fan net mear en net minder as ién dei en ién nacht.

Út alle útstellen selektearre byldzjend keunstner en kurator Noor Nuyten de opfallendste útstellen. De keunstners wurde yn harren ultrakoarte residinsje op ôfstân begelaat, en krije alle romte en tiid om yn harren etmel in nije draai oan besteand of nij wurk te jaan. Sa dogge se ûnderfining op mei it wurkjen as artist-in-residency, it plennen en útfieren fan in projekt op lokaasje, en kinne se ûnderfine wat de rêst en omkriten fan Beetstersweach en in residinsje lykas SYB har biede kin. De útkomsten fan harren wurk by SYB sille op ferskillende lokaasjes toand wurde.

19 – 20 febrewaris
Radina Kordova en Kamile Cesnaviciute
It projekt fan Radina en Kamile giet oer minsken. Oer harren omjouwing, harren sosjale libben, harren plak yn de mienskip. Mar ek oer harren binnenkant: dat emosjonele en in bytsje ferburgen part fan in minske, dat har makket ta wa’t hja binne. Yn it projekt fan Radina en Kamile brûke sy dy twa aspekten om harren eigen úthâldingsfermogen en linigens te ûndersykjen. Mei te dûnsjen, te bewegen, te rinnen, te krûpen, te springen, te razen of gewoanwei troch nei ién punt te stoarjen. Sa wolle hja inoars grinzen ferlizze, en útdrukken wat der yn har omgiet troch lichemstaal.

21 – 22 febrewaris
Marieke Grunnewijk (met Lance Schmale en Brian Tumusiime Nuwamanya)
In ierdehutte is in húskje dat folslein makke is fan natuerlike materialen lykas hout en liem. Keunstner Marieke Grunnewijk ferbleau op har reizen al faker yn sa’n hutte, en wol yn de 24-oere residinsje tegearre mei Lance Schmale, in yllustrator dy’t spirituele keunst makket, nije plannen en sketsen meitsje foar in eigen skulpturale ierdetimpel. Lance en Marieke sille online kontakt sykje mei Brian Tumusiime Nuwamanya dy’t yn Oeganda op it plattelân wennet. Hy sil kommend jier teset mei it bouwen fan tradysjonele liemen hutsjes neffens de Banyankole tradysje. Hy sil syn boutekeningen diele en sketsen mei har útwikselje.

23 – 24 februari
Sven ten Berge
Yn de residinsje fan Sven ten Berge wol er him dwaande hâlde mei de tentoanstellingsromte fan SYB, en sil er de hiele romte omtsjoene ta in ynstallaasje. Sven brûkt touwen en ljocht om in balâns te finen tusken de sjogger, de romte en it wurk. It doel fan syn wurk is om al dy eleminten sa gearkomme te litten dat de romte in aktyf ûnderdiel fan it wurk wurdt.

26 – 28 febrewaris
Jorien Ketelaar en Lola Diaz Cantoni
Jorien en Lola binne ynteressearre yn it byinoar bringen fan minsken en it skeppen fan nije situaasjes foar moetingen en dialogen. Yn harren byinoar foege 48 oere duorjende residinsje wolle se resepten fan potiten sammelje fan de ynwenners fan Beetstersweach en dêrmei in diner hâlde yn Keunsthûs SYB. Yn SYB sille hja de resepten klearmeitsje en de gasten en dielnimmers útnûgje om mei-inoar te iten en petearen oan te gean.

2 – 3 maart
Laura Bolscher: A Talking Lamp and Others
A Talking Lamp and Others is in wurk dat Laura Bolscher makke foar de ‘Graduation Show’ fan it Sandberg Instituut. In dat wurk freget in pratende lamp oan de taskôgers om sitten te gean oan in rûne tafel en diel te nimmen oan in petear. It petear giet oer praten en hoe’t objekten en wurden de ferbylding aktivearje. Foar har kommende tentoanstelling en petearerige yn SIGN yn Grins (fan 24 febrewaris ôf) wurket Bolscher oan in oanpassing fan it skript foar har petear dat op 9 maart plakfynt.