8 June o/m 22 July 2018
Notes of the Receptionist
Residinsje Anne Marijn Voorhorst, Minne Kersten, Marlena von Wedel en Charlott Weise
De stadigens, de duldsumens, de ûntfanklikens, de stilstân. It binne gjin útgongsposysjes dêr’tst by tinkst: no sil it heve! Nee, der hearsket stilte; wy binne yn ôfwachting, yn limbo. Passivens iepenet in wrâld dy’t wy leaver net sjogge. Wy hawwe foarkar foar in wrâld fan aksje; doelen helje, ‘statements’ meitsje. Bam bam bam!
Wêrom sjogge wy passivens einliks as wat minderweardichs? Freget keunstner en skriuwer Anne Marijn Voorhorst har ôf. Passivens mei de wei fan de minste wjerstân wêze, mar jin sûnder wjerstân iepenstelle foar de wrâld om jin hinne, soe wolris liede kinne ta in bûtenwenstich yntinsyf kreatyf proses. Dat is in foarm fan wurkjen dêr’t benammen froulike keunstners sterk yn wêze kinne omdat dy sa radikaal oars is as de troch manlju dominearre styl fan tinken en hanneljen.
“Passivens,” sa skriuwt de Frânske feministe, skriuwster en filosofe Hélène Cixous, “is likegoed in machtiging as in technyk. Dy foarm fan passiviteit is ús wize – wier en feitlik in aktive wize – om mei dingen yn ’e kunde te kommen troch mei ússels yn ’e kunde te komen troch de dingen.”
Anne Marijn Voorhorst frege trije froulike keunstners om yn ’e mande mei har seis wiken lang te ûndersykjen wat passivens is en wêr in passive wurkhâlding ta liede kin. En wat is dêr no in better plak as it rêstige “hjir bart hielendal neat” Beetstersweach?
De fjouwer keunstners behelje inoar yn inoars kreative proses, ûnder oare troch alle dagen moarnsrituelen en middeisgearkomsten foarinoar te organisearjen. Se diskusjearje, lêze inoar foar, harkje, observearje en wachtsje ôf… Dy metoade skept in romte dêr’t – los fan doelen en krityske blokkaden – nij wurk ûntstean kin. Oan ’e ein fan ’e residinsje presintearje se harren wurk yn in eksposysje (yn it Keunstwykein Beetstersweach fan 14 en 15 july) en leit der in basis foar in publikaasje dêr’t hja harren ûndersyk sawol yn tekst as byld fierder yn útwurkje.
Anne Marijn Voorhorst (1992, NL) is skriuwer en byldzjend keunstner. Yn har wurk ferkent hja fol verjefte de potinsje fan it fertellen fan ferhalen. Likegoed is hja fassinearre troch de taalwittenskip: de foarm fan taal, de lûding en de relaasje tusken taal en (froulike) bemiddeling. Yn SYB wol Anne Marijn fierder dûke yn it ferhaal sûnder plot en yn de ynterne monolooch. Se sil skriuwe út passive karakters wei dy’t harsels lykas in rivier of in stien liede en bewege litte troch harren omjouwing. Yn it mjuksjen fan poëzy en proaza, siket Anne Marijn in wei nei in djippere laach fan de taal.
Minne Kersten (1993, NL) makket bylden en ynstallaasjes dy’t ûntsteane út fiktive fertellingen. Dêryn ûndersiket hja hoe’t skreaune taal en it fysike byld har ta inoar ferhâlde. De fokus leit faak op de ynteraksje tusken it minsklik lichem en de opboude wrâld fan objekten. Op mikroskopysk nivo observearret se hoe’t minsken en objekten meiinoar libje. Yn SYB wurket Minne oan in rige objekten dy’t hja ‘safe-keepers’ neamt. Dat is in taspiling op de term keepsake: in objekt dat in oantinken yn him meidraacht oan in persoan of in situaasje. Minne ferbynt dêr it idee oan dat der aktive eleminten sitte yn de matearje fan objekten. Sa kin in ‘passyf’ objekt troch fiksje yn beweging set wurde.
Yt wurk fan Marlena von Wedel (1989, DE) set faak út ein as in performance dy’t hja dêrnei transformearret yn in libbene fideo. Marlena is ynteressearre yn it idee fan “performative sinema”: it kontinu útwikseljen fan byldmateriaal, skript en idee, wêryn’t it sinematografyske produksjeproses om himsels draait. Dêrnjonken is hja fassinearre troch rituelen en seremoanjes en troch wat yn de etnografy de “perioade fan liminaliteit” neamd wurdt: in momint yn in oergongsrite wêryn’t de dielnimmer tusken twa stadiums yn sit. Hy kin him net langer identifisearje mei wêr’t er wei komt, mar hat ek net de sosjiale status dêr’t er nei op wei is. Hy stiet op in drompel. Yn SYB ferkent Marlena dat idee troch de perioaden fan liminaliteit yn har eigen libben te ferbinen oan dy fan de oare trije keunstners.
Charlott Weise (1991, DE) beskôget skilderjen as in wize fan skriuwen. Yn har skilderijen sirkelje abstrakte of figurative foarmen om avontoeren, ideeën en obsesjes út har eigen libben. Charlott boartet yn har wurk graach mei it dekorative of it patroan dat yn de keunstskiednis altyd sjoen waard as wat lossinnichs, wat minderweardichs. Foar Charlott hat dat dekorative wat frouliks; in aktive passivens. Yn SYB wol Charlott har eigen proses fan loslitten dokumintearje yn tekeningen en schilderijen dêr’t hja emblematyske, froulike haadrolspilers út ’e skiednis en hjoeddeistige kultuer yn banale kontroversjes yn figurearje lit.