16 April o/m 6 June 2018
IN SEARCH OF THE FUTURE
Residinsje Stijn Verhoeff en Sjoerd Leijten
Mei alle berjochten oer klimaatferoaring, it heger wurden fan de seespegel en it tekoart oan skjin drinkwetter ûntstiet sa njonkelytsen in tige mismoedich takomstbyld. En al jout sa’n ûndergongssenario it nedige gefoel fan urginsje, it kin ek sa oerhearskjend wêze, dat it dreech wurdt om der in oar, positiver takomstsenario foar oer te stellen. Wy wolle net dat de minske allinnich efterbliuwt op in betonnen eilân, mar wat wolle wy ál? Wannear’t wy ús in idee foarmje kinne fan in takomst, sjogge wy faaks ek de wei derhinne. En dy wei omfiemet mear as it skieden fan ’e hússmoargens of in deilang de auto stean te littten.
Neffens Stijn Verhoeff en Sjoerd Leijten – en in protte moderne tinkers mei har – leit de kaai foar feroaring yn in nije, kollektive dream. Wy sille meiïnoar oparbeidzje moatte en dus ek meiïnoar fantasearje oer in takomst dy’t tsjinwicht biedt oan de eangstdream. De keunst kin faaks gjin oplossingen jaan, mar wol de romte skeppe dêr’t wy meiïnoar yn dreame kinne.
Stijn Verhoeff en Sjoerd Leijten makken yn 2016 yn gearwurking mei ‘field recordist’ Malu Peeters DE TOEKOMST LIGT IN ZEE (de takomst leit yn ’e see); in audiowurk dêr’t de taharker yn ien oere troch in imazjinêr lânskip yn reizget. Atmosfearyske lûden, somtiden dreaomerich, dan wer rûch en lûd, begeliede de stimmen fan trije fertellers. In fjirde stim bringt de trije ferhalen byinoar en nimt de taharker by de hân.
Yn SYB sille Verhoeff en Leijten de kommende wiken wurkje oan it ferfolch op dat audiowurk. Diskear wurdt it in film. Krekt as DE TAKOMST LEIT YN ’E SEE, bestiet IN SEARCH OF THE FUTURE út ûnderskate losse, sketsmjittige en ympressionistyske takomstsenario’s dêr’t alle eleminten (byld, lûd en wurd) in lykweardige rol yn spylje. In Gesamtkunstwerk yn de klassike betsjutting fan it wurd, mar ek in Gesamtkunstwerk yn de betsjutting fan in kollektyf wurkproses: Leijten en Verhoeff sammelje seis wiken lang in hiel tiim oan professionals en amateurs om harren hinne. De lêste groep hawwe hja fûn mei help fan in iepen oprop (open call) foar amateurskriuwers, -musisy en akteurs út Fryslân.
IN SEARCH OF THE FUTURE wurdt gjin film dy’t de wrâld feroarje sil, mar yn alle gefal wurdt it in film dy’t oantrunet om lûdop fantasearje te doaren oer in bettere takomst en om, yn petear mei de oar, inoars ideeën fierder út te wurkjen.
Yn de hiele wurkperioade stiet de doar fan Keunsthûs SYB iepen foar it publyk. Jo kinne der altyd ynstappe en meitinke oer de film of harkje nei in opnamesesje mei de muzikanten.
Stijn Verhoeff (1981) wennet en wurket yn Amsterdam. Yn eardere films, boeken, tentoanstellingen en performances spilet de kultuerhistoaryske betsjutting fan it desolate lânskip in grutte rol. Sa makke er yn 2007 in film en in rige foto’s oer de Mesopotamyske sompen op de grins tusken Iran en Irak. Yn 2010 foltôge er in tentoanstelling, in boek en in fideo-performance oer de skiednis fan it ferbyldzjen fan it noardpoalgebiet. Yn syn wurk ferbynt er konkrete, feitlike kennis oer ús skiednis en kennissystemen oan it ûngrypbere fan de ferbylding en de estetyk. Yn resintere projekten, lykas it keunstnersboek Ventriloquist (2013), konsintrearret Stijn Verhoeff him hieltyd faker op de posysje fan it yndividu yn de maatskippij. Fierder skriuwt Stijn Verhoeff kollum-eftige resinsjes en iepen brieven, dêr’t er oare keunstners en tinkers yn útdaget om de dialooch oan te gean.
Sjoerd Leijten (1983) wennet en wurket yn Amsterdam. Hy is muzikant en lûdskeunstner en makket elektro-akoestyske muzyk dêr’t ymprovisaasje, fjildopnamen en bewegend lûd in wichtige rol yn spylje. De balâns tusken it behearskjen en it ferliezen fan ’e macht oer it gehiel is yn syn wurk fan belang. Dêrfandinne dat er graach gearwurket en faak yn ’e bûtenloft of mei ûnfoarsisbere elektroanika wurket.
Sûnt 2015 wurket er mei keunstner Mariana Lanari oan in rige audiowurken en performances útgeande fan it boek Finnegans Wake fan James Joyce. Dêrnjonken is er de inisjator en ‘koadekomponist’ by it audiofisueel fytskollektyf Volle Band, dat guerrilja-performances makket en keunstsinnige fytsekspedysjes organisearret. Koartlyn fierde Volle Band yn de Oude Kerk yn Amsterdam it stik Removing the Entrance út foar twa lûdsfytsen, acht radio’s, in FM-stjoerder en in tsjerkoargel. Fierder makket er lietsjes, harkspullen en muzyk en lûd foar film, fideogames en teater.
mei mooglik makke troch:
SYB’s Huisclub
Gjalt en Leonne van Ecologisch bedrijf ‘Rûn Libben en Grûn’
Ritske Boelema Gasthuis