6 o/m 9 September 2018
DIELNIMMENDE KEUNSTNERS BEKEND
Twadde triennale fan beetstersweach
Keunsthûs SYB presintearret yn ’e neisimmer de twadde edysje fan it om ’e trije jier weromkommend festival foar byldzjende keunst: de Triënnale fan Beetstersweach. Op ferskate histoaryske lokaasjes kinne jo fjouwer dagen lang sjen nei keunst, live performances, meidwaan oan aktiviteiten, harkje nei lêzingen, keunstners moetsje, kuierje en fansels lekker ite en drinke, wylst jo genietsje fan ’e hjerstsinne en de kleurepracht fan de boskrike krite fan de gemeente Opsterlân.
Yn Almende, de Twadde Triënnale fan Beetstersweach ferbine gastkurators Julia Geerlings en Niekolaas Johannes Lekkerkerk it tema “iepen mienskip” mei it oerâlde begryp fan de “almende”, in begryp dat weromgiet ta de midsiuwen en tsjut op in mienskiplik oanpart fan de mienskip yn net beboude, net ferparte greiden, bosken en fiskwetters. Geerlings en Lekkerkerk wolle de noasje fan de almende fan nijs yntrodusearje en brûke it begryp as oanlieding om op ’e nij nei te tinken oer de dielde ferantwurdlikens en belangen dy’t anneks binne mei it mienskiplik gebrûk fan it lân, it lânskip en de publike romte.
Njonken de reële, etyske en morele fraachstikken oangeande in dielde ferantwurdlikens ferbûn oan it begryp almende, meitsje Geerlings en Lekkerkerk gebrûk fan in mear spekulative tinkromte dêr’t frijút yn eksperimintearre wurde kin mei ferskate ferhalen en senario’s oangeande de ûntsteansskiednis fan it minskdom en de rol fan natuerlike prosessen yn de ûntjouwing fan in beskaving.
It útgongspunt is Oera Linda, in 19e-iuwsk besykjen ta skiednisferfalsking sabeare yn de foarm fan in iuwenâld pseudoruneskrift. It Oera Linda-boek ûnderstelt it bestean fan in Aldfrysk manuskript oer it ûntstean fan de wrâld en de ûntjouwing fan de minsklike beskaving. Mytology, matriarchaat, nasjonalisme en natuerrampen rinne as in reade tried troch it Oera Linda-boek en jouwe hieltyd op ’e nij oanknopingspunten om nei te tinken en te spekulearjen oer it brûken en ynrjochtsjen fan de mienskiplike romte.
Gastkurators Geerlings en Lekkerkerk selektearren 29 keunstners (mei dêrûnder 23 alumny fan Keunsthûs SYB en 6 nije kommisjes) dy’t 26 projekten realisearje sille op ûnderskate histoaryske lokaasjes yn de gemeente Opsterlân. Wat de selektearre keunstners mien hawwe is, dat hja wurkje út in besef wei fan de ferfrisseling fan natuer en kultuer en har rjochtsje op it ûntwikkeljen fan alternative maatskippij- en mienskips-foarmen.
Dielnimmende keunstners (û.f.): Isabelle Andriessen, Feiko Beckers, Egle Budvytyte, Madison Bycroft, Joaquin Cociña & Cristóbal León, Deirdre M. Donoghue, Helen Dowling, Wapke Feenstra, Priscilla Fernandes, Toon Fibbe & Laura Wiedijk, Paul Geelen, Eric Giraudet de Boudemange, Ane Graff, Jason Hendrik Hansma, Josje Hattink, Rosie Heinrich, Femke Herregraven, Sjoerd Leijten & Stijn Verhoeff, Eric Peter, Lea Porsager, Anne Marijn Voorhorst, Louwrien Wijers, Riet Wijnen, Müge Yilmaz en Timmy van Zoelen.
Op it webstek fan de triënnale sille takom perioade de keunstners ien foar ien foarsteld wurde. Almende, de Twadde Triënnale fan Beetstersweach is ûnderdiel fan it haadprogram fan LF2018.