18 September o/m 30 October 2017
It ambacht fan it tinken
troch Agnes Winter, oersetting Eduard Knotter
Fan de brûzende metropoal Londen nei it stille Fryske doarp Beetstersweach, in grutter kontrast is hast net foar te stellen. Yn 2017 gie Keunsthûs SYB foar it earst in gearwurking oan mei it King’s College yn Londen, ien fan ’e âldste universiteiten yn it Feriene Keninkryk. Foar de dielnimmende keunstners wie it in bysûndere kombinaasje fan akademyske ferdjipping yn filosofy en teory en in konsintrearre, praktysk oriïntearre wurkperioade yn Keunsthûs SYB. De foarstap ta de útwiksel waard dien troch it Centre for Philosophy and the Visual Arts oan it King’s College en slút oan op in lange rige fan residinsjes wêryn’t keunstners as King’s Artist de kâns krije om harren keunstnerspraktyk te ferdjipjen yn it ramt fan in akademyske kontekst. Bysûnder oan it King’s College is dat dy tradysje fan oparbeidzjen fan ûndersikers, studinten en keunstners net allinnich plakfynt by de Geasteswittenskippen, mar by suver alle ôfdielingen fan de universiteit: fan de Ynformatikaôfdieling oant it Ynstitút foar Toskhielkunde.
Foar dy earste edysje waarden (nei in iepen oprop) twa keunstners selektearre dy’t in spesjale ynteresse hienen yn twa fakken út it kurrikulum fan it Department of Philosophy oan King’s College. Sa sleat de lêzingrige Kant’s Groundwork of the Metaphysics of Morals fan dr. John Callanan folslein oan by it ferlet fan de Britske keunstner Hester Reeve om him fierder te ferdjipjen yn de tinkwrâld fan Kant, om dy kennis dêrnei trochwurkje te litten yn har byldzjende en performative wurk. De Ierske keunstner Siobhán Tattan folge de lêzingrige The Search for Meaning fan dr. Christopher Hamilton, dêr’t filosofyske ideeën oer it aard fan it minsklik bestean yn ûndersocht waarden nei oanlieding fan in rige literêre teksten. Te ferlykjen mei dy kolleezjes, steane yn har eigen wurk faak fiktive personaazjes sintraal dy’t wrakselje mei it iensume bestean en de kompleksiteit fan ynterminsklike relaasjes. Njonken it folgjen fan de kolleezjes gienen de keunstners yn petear mei de oanbelangjende dosinten oer de behannele matearje én oer harren eigen keunstnerspraktyk.
Nei’t de dielnimmers yn ’e maitiid fan 2017 trije moanne oan it King’s College kolleezjes folge hienen, folge yn ’e hjerst in residency fan seis wiken by SYB. Op 21 oktober 2017 fûn dêr de einpresintaasje plak. It wie dúdlik dat de wurkperioade yn SYB produktyf west hie en harren tiid oan de Londenske universiteit ynspirearjend; der wie in protte nij wurk te sjen. Opfallendernôch hie it akademyske ûnderwiis by de keunstners net laat ta wurk mei in teoretyske lading, maar har earder weromlaat nei de oarsprong fan de keunst: hânwurk en ambacht.
Siobhán Tattan
Yn it foarhûs liet Siobhán Tattan twa projekcten sjen dy’t fuortkamen út har residinsje oan King’s College. Dr. Hamiltons kolleezjerige rekke, njonken filosofyske, ek oan teologyske fraachstikken lykas sinjouwing, troch sintrale figueren yn in rige literêre wurken te analysearjen. Ien fan dy nuveraardige figueren, de Dútske skriuwer Heinrich von Kleist (1777-1801), stiet sintraal yn it wurk A Yearning Deep Enough. Dêryn keppelet Tattan de skriuwer oan in oare ûnbegrepen figuer út ’e literatuerskiednis: Elisabeth ‘Lolly’ Yeats (1868 – 1940), zus van W.B. Yeats. Sy stelt in optochte românse tusken de twa ûnferbetterlike romantisy út, hjir útbylde yn twa eks-librissen. Skielk sil it projekt útwurke wurde yn in senario en audiowurk.
Dêrnjonken toant de keunstner it wurk Forsaken: mei wol benaaide foarstellingen fan it ferlitten Ierske lânskip. Yn har ûndersyk nei Elizabeth Yeats kaam Tattan de keunst fan it bordueren tsjin, dat yn de njoggentjinde iuw in faak foarkommende aktiviteit wie ûnder froulju. It bordueren, of de spesjale technyk fan heakjen (‘hook punching’) dy’t Tattan tapaste, waard doedestiids lytsachtsjend as plattelânskeunst sjoen, foar froulju dy’t it de moaiere dingen net barre mocht en it dêrom sels meitsje moasten. De foarstellingen dy’t benaaid waarden wienen faak in neitins oan wichtige hisoaryske feiten, persoanlike oantinkens of it lânskip. Op dyselde wize brûkte Tattan dy keunstfoarm om stil te stean by de oarsaken fan de drastyske feroaringen yn it Ierske lânskip fan de ôfrûne tweintich jier.
Fan de midden fan de jierren ’90 ôf naam de ekonomy yn Ierlân in tige hege flecht, nei’t bûtenlânske ynvestearders it lân ûntdutsen hienen as geunstich festigingsplak foar û.o. harren YKT-bedriuwen. De groei dy’t Ierlân belibbe hie Europa net earder meimakke en brocht de bou fan in ferskuorrend tal nije wenningen mei, wêrtroch’t plattelânsgebieten har ûntwikkelen ta nijbouwiken. Yn 2008 spatte dy sjipbûl fan ûnreplik goed útinoar en gâns grutte wenningbouprojekten bleauwen leech benefter as spûkstêden. It binne dy ferlitten omkriten dy’t we weromkommen sjogge yn Tattans muorrekleedsjes, ophongen oan de muorre of dellein op de steapel bakstiennen yn de romte. It teare karakter fan de borduersels tusken de rûch ôfbrutsen bakstiennen makket de wurkjes nammenste wranger, wêrmei’t de keunstner de fraach liket te stellen: hoe koenen wy dit gewurde litte?
Hester Reeve
Foar keunstner Hester Reeve betsjutte har residinsjy oan King’s College in kâns om har te ferdjipjen yn ’e tinkwrâld fan Immanuel Kant (1724 – 1804), ûnder begelieding fan Kant-ekspert dr. Callanan. Yn har wurk siket Reeve faker de ferbining tusken filosofy en keunst, bygelyks yn har eardere performances ynspirearre troch filosofen as Plato (Ymedaca – The Game Plan (Platonic Exercise: Sacrifice to Athena) 2014) en Nietzsche (Of Sound in the Landing Page, 2015). Benammen Kant syn ideeën oer moraliteit en hoe’t de minske moreel hannelje kin, fassinearren de keunstner; se relatearre Kant syn fraachstikken oan har eigen noasje fan it ‘keunstnerswêzen’ (‘artist substance’ neamt Reeve dat) lykas hja dat yn har wurk ûndersiket.
Reeve wie benammen ynteressearre yn de wize wêrop’t moraliteit besjoen wurde kin bûten kennis om en oft dy ek foarm krije kin sûnder wurden. Wurdt moraliteit dêrmei in kreatyf ûndernimmen, freget de keunstner har ôf, ien dy’t ek ta utering komme kin yn bygelyks skilderkeunst? Mei it stellen fan dy fraach leit Reeve in fûneminteel ferbân tusken tinke en meitsje – tusken ús geastlike en materiële wrâld – en stelt hja de keunstnersstudio foar as in ‘eksperiminteel laboratoarium foar moreel fermogen’. Yn SYB toande Reeve, ûnder de oerkoepeljende titel Yes we Kant!, wurk dêr’t de skelk it leitmotiv yn is – makke fan deselde stof as it skilderslinnen en symboal foar de kreative arbeid fan de keunstner. Sa leit yn ’e efterromte in grutte skelk oer de flier, mei yn de bûsen houten pinsielen dy’t de keunstner minusjeus útsnien hat ta fersierde ‘will sticks’, sa’t hja dy neamt. Dêrmei makket hja fan de archetypyske aktiviteit fan de keunstner – it skilderjen – net allinnich in betsjuttingsfol ritueel, mar relatearret hja dy ek oan de ‘goede wil’ dy’t Kant weromseach yn de minske en makket hja it skilderjen ta in morele hanneling.
In wichtich ûnderdiel fan Reeve har presintaasje yn SYB wie, njonken har byldzjende wurk, de ‘lecture-performance’ dy’t hja joech en dêr’t hja yn ferwiist nei it klassike wurk dêr’t Kant ynspiraasje oan ûntliende by it skriuwen fan syn morele ferhannelingen: John Miltons Paradise Lost. Njonken in filosofyske ferhanneling, wie de lêzing benammen ek in oade oan Satan, dy’t sa’n wichtige rol spilet yn dat gedicht oer de sûndefal. De duvel as kreative krêft wolteferstean, net allinnich yn syn ferwûndere beskriuwing fan de skjintme fan ’t hôf fan Eden, mar ek troch him te bemuoien mei Adam en Eva (dêrfandinne Reeve’s titel Go forth and meddle!). Hie de duvel yn ’e foarm fan de slang Eva net ferlokke om de apel fan de Beam fan kennis fan goed en kwea te iten, dan hienen de eagen fan Adam en Eva nea iepene west, hienen hja gjin taal of moreel besef kinnen en hienen hja har net bewust west fan harren eigen stoffelikens, wat deselde wie as de bûtenparadyslike ierde dêr’t hja nei ferballe waarden.
Reeve wit de rasjonaliteit en moraliteit fan Kant tûk oer te setten nei de praktyske arbeid fan de keunstner. It is dúdlik dat der foar har filosofy net in op himsels te beredenearjen teory is, mar eat dat libbe wurde moat. De residinsje, dêr’t teory en praktyk yn kombinearre waarden, sleat dêrmei perfekt oan by har eigen keunstnerskip.
De kolleezjerigen oan it King’s College joegen beide keunstners de kâns om mear teoretyske en wittenskiplike kennis en metoaden op te dwaan, om dy dêrnei trochwurkje te litten yn harren keunstnerspraktyk. It wie tige opfallend dat dy ferdjipping de keunstners werombrocht nei it hânwurk en ambacht dat mei keunst anneks is: meitsjen as foarm fan filosofy. Ûnderwilens is de twadde edysje fan de útwiksel al folop oan ’e gong. Fan ’t jier sille de Nederlânske keunstner Jort van der Laan en de Britske keunstner Ben Cain in kolleezjerige folgje oan it Department of Philosophy oan King’s College, wat har ynspirearje sil ta it meitsjen fan nij wurk by harren residinsje yn Keunsthûs SYB yn ’e hjerst fan 2018.