10 March o/m 15 April 2018
We always need heroes
Rosie Heinrich
Wy konstruearje ús realiteit yn it fertellen fan ferhalen. En as der wat bart sat net strykt mei ús ferhaal, kinne wy dat almeast op de ien of oare wize ferpakke, ferdraaie of gewoan negearje. “Alternative facts” by de rûs. Mar soms bart der eat dat sa bot ferskilt fan wat we ússels ferteld hawwe, dat alles wat we opboud hawwe driget yn te stoarten. Doe’t yn 2008 de banken omfoelen yn Yslân, rekke it lân net allinnich yn in djippe ekonomyske resesje, mar ek it kollektive ferhaal, de myte, stoarte yn. Mear noch as yn in ekonomyske krisis belâne it lân yn in kulturele krisis: de Yslânske kollektive realiteit bliek in yllúzje; in konstruearre ferhaal.
Rosie Heinrich (1981, GB) is fassinearre troch dat proses fan “self-storytelling” en hoe’t we taal dêrby ynsette. We always need heroes is Heinrich har trochrinnend, multydissiplinêr projekt dêr’t hja de psychologyske en sosjale dynamyk om de Yslânske beurskrach yn ûnder de loep nimt. Oer in perioade fan twa jier ynterviewde Rosie Heinrich tsientallen Yslanners oer de hieltyd mar tanimmende ekonomyske woltier foarôfgeand oan de crash, oer de desyllúzje dy’t folge en oer hoe’t de Yslanners úteinsetten mei it fertellen fan in nij ferhaal. Se garre de tsjûgenissen yn in mânsk audio-argyf njonken in kolleksje fan foto’s en fideo’s fan (perforearre) lânskippen en arsjitektuer yn Yslân, studio-opnamen, en in groeiende bibleteek fan boeken en artikelen. Se wurke yntinsyf gear mei in Yslânsk koar en Birna Bragadóttir dy’t as ferteller figurearret en Heinrich har teksten foardraacht, sittend yn it argyf fan de Nasjonale Bibleteek fan Yslân: “it hûs fan wurden en ferhalen”. Yn har fideowurken komme alle eleminten byinoar: opbrutsen ferhalen, sinnen, wurden, mar benammen ek it suchtsjen, it kielskraabjen, it stûkjen fan ’e stim en de stilten wêryn’t om wurden socht wurdt of dêr’t wurden weifalle.
Dy metadialooch wurdt markearre troch tekens en alternative teksten dy’t yntegrearre wurde yn de ûndertiteling fan it wurk. It binne de boustiennen fan in ferhaal en Heinrich fersnijt dy mei de boustiennen fan in materiële kultuer: bylden fan sân, klaai, lava, stien en pigmint. De fideowurken (en it boek mei deselde namme dat op kommendewei is) sitte fol mei gatten, leechten en romten foar alternative ynterpretaasjes: mominten yn sublime retorika dêr’t sprekker en tahearder tegearre betsjuttings yn kreëarje, tusken de rigels troch.
Yn Keunsthûs SYB docht Heinrich it oan tiid om it rike argyf fan We always need heroes út te pakken en te eksperimintearjen mei de gatten en leechten en hoe’t de stim ús persepsje foarmjaan kin. Dêrnjonken wurket hja gear mei muzikant, komponist en keunstner Katrin Hahner oan in fideowurk ynspirearre op in hiel spesifyk skaaimerk fan de Yslânske taal: it brûken fan it wurd “já” by it ynazemjen; in affirmaasje dy’t útsprutsen wurdt as soe dy ynslokt wurde, weromnommen: “to eat one’s words, so to speak.”(Jins wurden opite, om samar te sizzen)
Foar Zomaar Radio, it eksperimintele radiostasjon mei in fokus op Noard-Nederlân makket Heinrich in útstjoering mei Céline Matthieu, ien fan ’e skriuwers fan it skriuwersprogram fan Keunsthûs SYB. Dêrnjonken sil se yn petear mei Eduard Knotter, de oersetter fan SYB en Frysk taalkundige, oer de skaaimerken fan it Frysk, it ynnimmen fan wurden, en hoe’t in taal (en misoersettingen) in wrâldpersepsje foarmjaan kin.
Mei in fokus op de rol fan taal yn de konstruksje fan in kollektyf ferhaal slút de residinsje fan Rosie Heinrich suver naadleas oan op it tema fan Ljouwert, Kulturele Haadstêd 2018 en de twadde Triënnale fan Beetstersweach (6 o/m 9 septimber): “iepen mienskip”.
De wichtichste motiven yn de Triënnale, it oerâlde begryp fan de “Almende” en it pseudoruneskrift fan Oera Linda resonearje mei konsepten yn We always need heroes. Fan “self-storytelling”, skiednisferfalsking oant it iepenbrekken fan tinkbylden en ideeën oer it lânskip om dielde ferantwurdlikens en mienskiplikens fannijs te wurdearjen.
De einpresintaasje fan de residinsje sil plakfine op sneon 14 april yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. It wurkproses kin folge wurde op it webstek fan Rosie Heinrich: www.rosieheinrich.net. De datums foar de útstjoeringen yn oparbeidzjen mei Zomaar Radio sille meikoarten op ús webstek bekendmakke wurde.
Rosie Heinrich wennet en wurket yn Amsterdam. Sy behelle har Masters in Fine Arts oan it Dutch Art Institute, dêr’t hja meidie oan it APRC Research Collective. Tsjintwurdich is hja fellow fan THIRD Cycle Research Group fan DAS Graduate School. Yn 2015 en 2016 hold hja 10 moanne ta yn Reykjavik dêr’t hja yn residinsje by SÍM, The Association for Icelandic Visual Artists, úteinsette mei it langrinnende projekt om de Yslânske krisis hinne: We always need heroes. Mear oer Rosie Heinrich: www.rosieheinrich.net
Katrin Hahner wennet en wurket yn Berlyn. Sy studearre 4 jier oan de toanielskoalle, folge har masters oan de Akademie der Bildende Künste in Stuttgart en studearre oan de Kunsthochschule Berlin Weissensee. Hahner is byldzjend keunstner, muzikant (singer/songwriter aka Miss Kenichi) en performancekeunstner. http://www.misskenichi.com/