6 November o/m 18 December 2017

Hybride Symbioaze: in oertinking oer gearwurkjen fia Mingler

troch Menno Vuister, Oersetting Eduard Knotter

Yn 2017 waard troch de Jonge Akademie en de Koninklijke Akademie voor de Wetenschap it platfoarm Mingler inisjearre. Mingler is it bêst te omskriuwen as in platfoarm dat, krekt lykas in datingsite, troch beheinde profilen mei in omskriuwing fan de profesjonele praktyk en in matriks fan algoritmen gelegenheid jout om as keunstner en wittenskipper ‘matcht’ te wurden mei experts fan de oare dissipline. It doel fan Mingler liket dêrmei benammen it trochbrekken fan de skynber iuwenâlde muorre tusken de (byldzjende) keunst en de (eksakte) wittenskip, en om ûndersikers út beide dissiplinen by steat te stellen om yn kontakt te kommen mei oare professionals dy’t út harren eigen ekspertize wei bydrage kinne oan de fierdere ûntjouwing fan de profesjonele praktyk fan de oar.

As ûnderdiel fan de pilot-faze fan de applikaasje – soks as sa’n ambisjeus, grutskalich en ynterdissiplinêr projekt moat altiten perfeksjonearre wurde – waard yn it lêste fearnsjier fan 2017 yn gearwurking mei it Frank Mohr Institute – de MFA fan de Grinzer keunstakademy Minerva – en keunstnersresidinsje Keunsthûs Syb yn Beetstersweach it project Joint Forces útfierd. Foar dy ‘test’ waarden trije alumny fan it Frank Mohr Institute op grûn fan harren ûndersykjende wurkpraktyk selektearre om fia Mingler yn kontakt te kommen mei wittenskippers dy’t mooglik op positive wize ynfloed en stipe jaan koenen oan ferskate fasetten fan de keunstnerspraktyk, of mei wa’t in gearwurking binnen de algoritmen fan Mingler as potinsjeel weardefol beskôge waard. Njonken tagong ta de applikaasje waard oan de trije keunstners, Annegret Kellner (1979, Duitsland), Thijs Jansen (1986, Nederland) en Emi Kodama (1980, Canada), ek in fjirtjindaachske wurkperioade by Keunsthûs Syb bean. Yn dy wurkperioade krigen de keunstners de romte om har fierder te ferdjipjen, nije gearwurkingsferbannen fia Mingler oan te gean en, wêr’t dat fan tapassing wie, nij wurk te meitsjen.

Wylst yn it ferline al folle faker besocht is om keunst en wittenskip op treffende wize oaninoar te ferbinen, ferhâldt Mingler him, as fariant fan in moderne datingsite, hiel goed ta de ûnderskate manieren wêrop’t minsken tsjintwurdich, sawol yn as bûten de wurksfear, mei-inoar yn kontakt komme. Allinnich al yn termen fan kommunikaasje, (sels)profilearring en profesjonele identiteit is Mingler in útdaagjend projekt dat fierder ûndersyk wurdich is, grif yn de kontekst fan in tanimmende freelance-kultuer en in wurketyk dêr’t it projekt de liedende unit yn is.

Hoewol’t it liket as soe Mingler yn dit gefal tagong biede ta in mannichte oan nije boarnen fan kennis foar in ûndersykjende keunstner, moat sein wurde dat de wurklikheid oars is. Krekt as it lizzen fan relaasjes yn de echte wrâld, of op oare datingsites, binne de konneksjes dy’t fia Mingler lein wurde kinne altiten mei goedfinen fan wjerskanten. Dat betsjut net allinnich dat it gearwurkjen pas yn gong set wurde kin wannear’t beide partijen deroer kommunisearre hawwe, mar ek dat in op it each perfekte match likegoed op neat útrinne kin en dat der romte is foar konneksjes dy’t ferrassend, útdaagjend en ferfrissend wêze kinne foar de profesjonele praktyk fan de dielnimmers. Op basis fan it troch Annegret Kellner skreaune projektútstel kaam de keunstnaresse yn earste ynstânsje op it spoar fan in sa op it each perfekte match mei in wittenskipper, om der efkes letter mei inkelde e-mailkontakten efter te kommen dat de ynteresse foarearst net fan beide kanten wie. Hoewol’t dat faaks tsjinstridich liket foar in applikaasje dy’t ûntwikkele is om ynterdissiplinêr kontakt te befoaderjen, soarget it der krekt foar dat der noch fierder oer dissiplinêre grinzen hinnestapt wurdt, omdat it de dielnimmers fan it platfoarm derop ferget om fierder te sjen as harren eigen direkte belangen en praktiken. Foar Kellner pakte de earste ôfwizing sa besjoen einliks goed út, en kaam hja dêrnei yn kontakt mei dr. Koert van Mensvoort, dy’t sawol in akademyske graad foar de wittenskip (MsC) hat, as foar de keunst (MFA), en it begryp ‘next nature’ oan har yntrodusearre.1

Sawol yn it aard fan syn projekten as de organisatoaryske foarm dêr’t se yn realisearre binne, beweecht it artistike wurk fan Van Mensvoort him benammen op it snijflak tusken kreative oanpak fan wittenskip, ynnovaasje en design, en net sa lyk binnen it ramt fan de hjoeddeistige byldzjende keunst. Sterker noch, de kâns is grut dat er der in keunstbegryp op nei hâldt dat hielendal net te ferlykjen is mei wat, bygelyks binnen de omfieming fan Keunsthûs Syb of het Frank Mohr Institute, trochstrings as keunst beskôge wurdt. Wêr’t Van Mensvoort him op syn webstek omskriuwt as keunstner en filosoof, ferhâlde de útkomsten fan syn keunstpraktyk har dochs lêstich ta it autonome, byldzjende en skulpturale karakter fan (bygelyks) it wurk fan Kellner. Sa produsearre Van Mensvoort in itensiedersboek foar keunstmjittich produsearre fleis (The In Vitro Cookbook / Het Kweekvlees Kookboek, BIS Publishers, 2014) en ûntwikkele er in projekt om in fiktyf bedriuw hinne dat skuon makket fan genetysk modifisearre lear fan pylroggen (The Rise and Fall of Rayfish Footwear, 2012). By dy projekten is it ek fan belang om te fermelden dat Van Mensvoort net yndividueel te wurk gien is, mar as inisjator en einferantwurdlike foar it úteinlike produkt fungearre.

It wurk fan Kellner is it bêste te omskriuwen as in rige eksperiminten dêr’t planten (of blommen) op alderlei manieren yn ta objekt, suver ta slachtoffer makke wurden. Har wurken nimme gauris de foarm oan fan (tydlike) skulptueren (of registraasjes fan dy skulptueren) dêr’t planten om samar te sizzen yn tamtearre wurde, bygelyks troch in boeket blommen te ferankerjen yn in betonnen ôfjitfoarm fan in faas (Your Everlasting Odour, series, 2012-2014), of troch in keamerplant tentoan te stellen troch dy mei in skilderijlist tsjin de muorre te klemmen (Big Island, 2013). Wêr’t Big Island him liket te beroppen op it toanen fan de striidberens fan de plant om him (net) ynkaderje te litten, toanen de boeketten yn Your Everlasting Odour krekt de tsjinstridigheid dy’t ûntstiet wannear’t in bosk blommen feitlik ta de dea feroardiele wurdt, wannear’t dy ôfsnien wurdt om yn in faas set te wurden. De wichtichste oanstriid ta dy wurken liket de ferwûndering te wêzen dy’t Kellner hieltiten wer fielt wannear’t hja nije dingen oer de eigenaardigheden fan it planteryk leart en de mannichte oan manieren ûntdekt dêr’t út bliken docht dat planten folle yngenieuzer en komplekser binne as dat minsken tochten.

Wat dat oanbelanget is it wurk fan beide ûndersikers einliks in goed foarbyld fan in hybride praktyk dy’t op himsels de grins tusken wittenskip en keunst al ûndúdlik makket. Yn dat opsicht toant it no noch prille gearwurkingsferbân tusken Kellner en Van Mensvoort oan dat profesjonele ‘matchmaking’ fia Mingler yndied tige ferrassende útkomsten ta gefolch hawwe kin. Dêr’t it platfoarm benammen keunstners en wittenskippers oantrune wol ta gearwurking, om sa de grins tusken keunst en wittenskip te trochbrekken, hat it testprojekt Joint Forces dus al oantoane kinnen dat de gearwurking tusken keunst en wittenskip perfoarst net op in tsjinstridige of tsjinoerstelde praktyk basearre hoecht te wêzen. Sterker noch, der binne dus al professionals dy’t yn harren praktyk aspekten fan keunst en wittenskip ferbine, en dy hybride praktiken bestiet dus ek al in ûnderskaat en ynteressearre publyk foar. Dêrmei is in hypotetyske gearwurking tusken Kellner en Van Mensvoort just ek in toanbyld foar in foarm fan symbioaze wêryn’t beide ûndersikers net sa lyk profyt hawwe by de ferskillen tusken inoars respektyflike dissiplinen, mar inoar just as twa gelikens útdaagje kinne om de grinzen fan harren beider wurk fierder op te sykjen: joint forces.

1

 Dr. Koert van Mensvoort behelle in Master of Science yn kompjûterwittenskippen en in Master of Fine Arts oan it Sandberg Instituut.