23 February o/m 4 March 2018

RESIDINSJES FAN 24 OERE

Educatie i.s.m. Academie Minerva

De dagen lingje. De winter rint ta de ein. En dat betsjut dat it wer tiid is foar de 24 oere-residinsjes yn Keunsthûs SYB! It begjint sa linkenoan in tradysje te wurden.

Krekt as yn foargeande jierren organisearret SYB yn ‘e mande mei it Sober & Lonely Art Institute (S&L) út Johannesburg in stikmannich ultrakoarte residinsjes. Keunstners dy’t studearje of krektlyn ôfstudearre binne oan Academie Minerva yn Grins, koenen yn de ôfrûne moannen in útstel ynstjoere foar in residinsje fan net langer en net koarter as ien dei en ien nacht. Út alle ynstjoeringen selektearre SYB en S&L de opfallendste útstellen.

Folslein program 24 oere-residinsjes:
23-24 febr. – Romy Joya Kuldip Singh en Carolina Burandt
24-25 febr. – Riane Pater
25-26 febr. – Jannes Bürkner en Sophia Löwe
26-27 febr. – Jochem Wijngaard
27-28 febr. – Helia Rafi en Jennifer Zaharieva
28-1 febr.-mrt – Laura Laasik en Vilius Vaitiekunas
1-2 mrt – Leon Kooi & Hugo Braams
2-3 mrt – Jo T Wu

De earste residinsje sette op freed 23 febrewaris om 12.00 oere út ein.
It program wurdt ôfsletten op sneon 4 maart mei in mienskiplike presintaasje yn it Keunsthûs.