6 November o/m 18 December 2017
Joint Forces
residensie Annegret Kellner, Emi Kodama, Thijs Jansen
Mei trije projekten op it snijflak fan keunst en wittenskip ferkenne Keunsthûs SYB en it Frank Mohr Instituut yn gearwurking mei De Jonge Akademie en de Akademie van de Kunsten it koartlyn lansearre firtuele platfoarm Mingler, in moetingssite foar keunstners en wittenskippers.
Hoewol’t se faak yn ien siken neamd wurde, lykje keunst en wittenskip op ‘t earste each net folle mei-inoar mien te hawwen. Wittenskiplik ûndersyk is faak in bytjse saai en liket fier ôf te stean fan de meislepende keunstnerspraktyk. Keunstners kinne harren yntuysje folgje, hieltyd op ‘en nij in oar paad ynslaan of einleas fan de oarspronklike ûndersyksfraach ôfdwale, wylst wittenskippers bûn binne oan in yn ‘t foar keazen metodyk en it ûndersyk algeduerich ôfbeakenje en ferantwurdzje moatte. En dochs, as jo mei in wittenskipper yn petear reitsje, ûntdekke jo dat efter dat toarre ûndersyk deselde besieling, kreativiteit en nijsgjirrigens ferburgen leit.
Keunstners en wittenskippers rinne waarm foar deselde fraachstikken en diele deselde fassinaasjes, mar pakke dy op in fundaminteel oare wize oan en dêrom binne gearwurkingsferbannen tusken keunstners en wittenskippers sa tige nijsgjirrich! Mar hoe fine jo inoar as jo oan ‘e kop ta yn ‘e tariedingen sitte foar in tentoanstelling, de folgjende subsydzje-oanfraach, it safolste artikel? Fansels: op in moetings- of matchingsite. Mingler is de datingsite foar ûndersikers. Untwikkele troch de Jonge Akademie yn oparbeidzjen mei de Akademie van de Kunsten biedt Mingler in firtueel moetingsplak foar keunstners en wittenskippers. Jo logge yn, meitsje in profyl oan en Mingler giet mei help fan alderlei algoritmen foar jo op syk nei in oerienkomst (match). Ien foar ien ferskine de mooglike partners; somtiden liket it in “match-made-in-heaven”, in oare kear leit de útstelde partner minder foar de hân, mar is dêrom nammenste spannender. Jo skriuwe hinne en wer, beslute inoar te moetsjen en as it klikt stappe jo tegearre yn in projekt.
Mochten jo no tinke: dat wol ik ek! Dan sille jo efkes wachtsje moatte, want Mingler is noch yn de proeffaze en dielnimmen is foarearst noch op útnûging. Lykwols kinne jo no fia Keunsthûs SYB en it Frank Mohr Instituut (FMI) yn ‘e kunde komme mei Mingler, want foar it projekt Joint Forces wurkje SYB en it FMI gear mei de Jonge Akademie en de Akademie van de Kunsten om Mingler te ferkennen, te ferbetterjen en om de krúsbestowing tusken keunst en wittenskip te befoarderjen.
Foar Joint Forces selektearre it FMI trije alumny dy’t yn harren wurk in iepen en ûndersykjende hâlding sjen litten hawwe en frege har in “Project Call” op Mingler te setten. Annegret Kellner, Emi Kodama en Thijs Janssen makken in profyl oan troch ûnderskate fragen te beantwurdzjen oer harren wurk, fassinaasjes, wurkhâlding en wurketyk. Dêrnei gie Mingler teset mei harren antwurden troch der ienfâldige algoritmen op los te litten en krige elk in seleksje oan mooglike partners taskikt. Faaks net fuortendaliks in match op tema, mar dan in wittenskipper mei bygelyks in ferlykbere wurkhâlding. Sa kinne jo fia Mingler einigje mei in ekonoom, wylst jo josels earder mei in biolooch foarsteld hienen.
De syktocht fan Kellner, Kodama en Jansen smiet trije projektútstellen op. Fan 15 novimber ôf krije de trije keunstners yn it Keunsthûs de gelegenheid om yn oparbeidzjen mei harren nijfûne partners, nije ideeën te toetsen en fierder út te wurkjen. Op 17 desimber wurde de resultaten yn Keunsthûs SYB presintearre oan it publyk.
Annegret Kellner (1979, Karl-Marx-Stadt/Chemnitz, Dútslân) wennet en wurket yn Amsterdam. Sy studearre yn Grins oan Academie Minerva, de Hochschule für Bildende Künste yn Dresden, it Hunter College yn New York en it Frank Mohr Instituut yn Grins. http://www.annegretkellner.nl
Thijs Jansen (Grins, 1986) wennet en wurket yn Grins. Hy studearre oan Academie Minerva en it Frank Mohr Instituut yn Grins en oan it California College of the Arts yn San Francisco. http://www.painterthijs.com
Emi Kodama (Vancouver, 1980) wennet en wurket yn Brussel. Sy studearre oan ArtEZ yn Enschede, oan it Frank Mohr Instituut yn Grins en it HISK yn Gent. http://www.emikodama.com
Met dank aan: Noor Nuyten, programmeringscommissie SYB
Mede mogelijk gemaakt door:
Frank Mohr Instituut