30 September o/m 3 November 2017
open call
Joint residency Keunsthûs SYB en CPVA
King’s College London’s Centre for Philosophy and Visual Arts (CPVA) en Keunsthûs SYB kundigje mei grutskens it fuortsetten fan harren gearwurking yn 2018 oan en nûgje keunstners út om in útstel yn te tsjinjen foar in twadde mienskiplik residinsjeprogram! It twaliddich program is in bysûndere kâns foar keunstners mei in belangstelling of nijsgjirrigens nei filosofy om in ûndersyk yn ‘e tiid fan in semester oan King’s College te ûntwikkeljen, om dêrnei yn Keunsthûs SYB de gelegenheid te krijen om op basis dêrfan nij wurk te ûntwikkeljen.
Byldzjend keunstners wurksum yn eltse dissipline kinne in oanfraach dwaan troch in útstel yn te tsjinjen nei oanlieding fan ien fan beide dielnimmende modulen (The Search For Meaning, troch Christopher Hamilton, of The Ethics of Migration, door Sarah Fine). It wurk dat yn de residinsje produsearre wurdt, sil toand wurde by in presintaasje yn Keunsthûs SYB, en letter yn ‘t jier te King’s College yn Londen.
Foar mear ynformaasje oer de residinsje, de modulen en om jo oan te melden, download it informatie pakket en it aanmeldformulier op de website fan CPVA. De kapdatum foar oanfreegjen is middernacht op 3 novimber 2017. Wy stribje dernei om ús definitive seleksje uterlik op 1 desimber te meitsjen.