23 o/m 23 June 2017

Peatland en Leechfean

Ekskurszje projekt Josje Hattink

Peatland en Leechfean; Keunsthûs SYB nûget dy út foar in deiprogramma (freed 23 juny) oer de spoaren dy’t de minske neilitten hat yn it feanlânskip.

De moarns toane wy de bekroande 16mm-film “Flow Country” (2017) fan Jasper Coppes, folge troch in fraachpetear mei de keunstner. Yn de film nimt Jasper Coppes de sjogger mei yn in bysûndere ferkenning fan de feansompen (Peatlands) yn Skotlân. Nei de lunsj gean we ûnder lieding fan Theo Spek (heechlearaar lânskipsskiednis oan de Ryksuniversiteit Grins) en feangraver fan de lêste oere Theun de Leeuw, sels de modder yn op ’e syk nei spoaren fan it ferline yn it feanlânskip by Beetstersweach (natuergebiet De Deelen).

De dei is ûnderdiel fan it publyksprogramma dat gearstald is troch de Nederlânske keunstner Josje Hattink as part fan har projekt “Drach” (1. aug. – 10 sept. yn Keunsthûs SYB). It folsleine programma wurdt meikoarten publisearre op ús webstek.

Wolst oanwêzich wêze by de filmfoarstelling en dielnimme oan de ekskurzje, jou dy dan op by Keunsthûs SYB: info@kunsthuissyb.nl. Wachtsje net te lang, want der is plak foar maksimaal 25 persoanen! Meidwaan is fergees. SYB fersoarget de lunsj en kin, as dat nedich is, helpe mei it regeljen fan ferfier tusken it Keunsthûs en De Deelen.

Programma freed 23 juny:

11.00 oere, Keunsthûs SYB, Haadstrjitte 70, Beetstersweach
Ynrin mei kofje en tee

11.30 oere, Keunsthûs SYB
Foarstelling: “Flow Country” (2017) in film fan Jasper Coppes

The Flow Country yn Skotlân is de grutste feansompe op it Noardlik healrûn. It lânskip is in paradys foar bysûndere floara en fauna. The Flow Country is likegoed in kultuerlânskip as in natuerlânskip, lykas ek de feangebieten yn Nederlân: yn ’e rin fan ’e jierren hawwe it besykjen om it gebiet te beplantsjen mei produksjebosken, militêre oefenings en it bouwen fan wetterkrêftsintrales en wynmûnen, djippe spoaren efterlitten yn it gea. De Nederlânske filmer Jasper Coppes makke in 16 mm-film oer dat ûneinige, desolate gebiet. Yn de film, dy’t troch de datearre technyk in histoarysk artefakt op himsels is, ferkent Coppes mei in archeolooch de opbou yn lagen fan dat lânskip. Flow Country wûn de Scottish Short Film Award yn 2017. Jasper Coppes sil by de foarstelling wêze om te fertellen oer it meitsjen fan de film en om fragen te beantwurdzjen.

12.30 oere: Lunsj yn Keunsthûs SYB
13.00 oere: Mei eigen ferfier nei natuergebiet De Deelen (as dat nedich is, kin Keunsthûs SYB helpe by it regeljen fan ferfier)

13.30 oere – 16:00 oere: Natuergebiet De Deelen by It Hearrenfean
Feanekskurzje û.l.f. Theo Spek en Theun de Leeuw

Hoe kin men better mei it feanlânskip yn ’e kunde komme as troch de learzens út ’e kast te lûken en de dridze treast te wêzen! Heechlearaar lânskipsskiednis Theo Spek en feangraver fan de lêste oere Theun de Leeuw, nimme ynteressearre gasten mei nei De Deelen, in ôfgroeven feangebiet krekt boppe It Hearrenfean. It gebiet is no in mozayk fan wetter, reid, sompebosken en lytse, smelle gerslannen. Theun de Leeuw en Theo Spek lizze út hoe’t it lânskip ûntstien is en leare hoe’t jo de spoaren fan it ferline werkenne en lêze kinne. Under it kuierjen sil Theo Spek in oantal grûnboarrings dwaan wêrby’t de djippe feanlagen omheech helle wurde. De ekskurzje is basearre op de kolleezjerige “Cultuurlandschappen van Noord-Nederland”, fersoarge troch it Kennissintrum Lânskip fan de Ryksuniversiteit Grins.

De ekskurzje einiget mei in besite oan it grûnbedriuw fan Theun de Leeuw. Dêr wurdt op lytse skaal noch fean wûn foar potgrûn. Der binne inkelde aktive petgatten te sjen en der leit fean te drûgjen op it lân. Dêr kinst it hiele proses folgje fan it graven en drûgjen oant it ôffieren fan de turf mei de skippen troch it kanaal.

Theun de Leeuw is de lêste erfgenamt fan famyljebedriuw De Leeuw dat al trije iuwen lang grûn besit en ferfeantet yn De Deelen.

Theo Spek is heechlearaar lânskipsskiednis oan de Ryksuniversiteit fan Grins. In skaaimerk fan syn wurk is de ynterdissiplinêre oanpak fan de kultuerlânskipsskiednis. Theo Spek kombinearret histoaryske, geografyske, boaiemkundige, archeologyske, ekologyske en nammekundige ûndersyksmetoaden ta in gearhingjend ferhaal oer it lânskip en syn skiednis. Theo Spek is sûnt 2010 haad fan it Kennissintrum Lânskip fan de Ryksuniversiteit fan Grins, in ynterdissiplinêr lânskipssintrum dat him rjochtet op wittenskiplike oplieding, wittenskiplik ûndersyk en maatskiplike kennisoerdracht op it mêd fan it Nederlânske kultuerlânskip en syn skiednis.

Mei tank oan:

M

VSBfonds PAY-OFF CMYK


van Teyens Fundatie