29 April o/m 14 May 2017
De beweging it pantser út
Resinsje troch Ananda Serné
Njonken in skulptuer sit in man. Hy spilet sello. It is sneontemiddei en de besikers fan de eksposysje The City as Canvas foarmje sykjend in rûntsje om de man en skulptuer hinne. Ut it trepsgat wei ferskynt in dûnseres dy’t de besikers ien foar ien mei-inoar ferbynt, se leit wifkjende hannen op frjemde skouders. De wippelige rûnte sjocht ta hoe’t de dûnseres beweecht neffens it patroan fan de plestik skulptuer: in patroan dat makke is troch in masine dy’t bewegingen stjurret. Ik stean ek yn de rûnte. Myn hân omheech, mei dêryn de triljende fingers fan myn buorman. De hân wurdt my plakkerich en ik freegje my ôf hoelang’t ik dit stilstean noch folhâld.
Yn ’e tiid fan har residinsje yn Keunsthûs SYB ûntwikkele arsjitekt-keunstner Tiwánee van der Horst in 3D-skildermasine. Dy masine makket skulptueren – en op lange termyn mooglik gebouwen – fan recycle plestik. Untstien út har langstme nei it weromkommen fan in mear yntuïtive (be)tink- en produksjewize fan de gebouwen om ús hinne, betocht Van der Horst in 3D-printer dy’t him stoere lit troch de frije bewegings fan in earm yn ’e loft. Yn in perioade dêr’t it minsklik lichem stadichwei oerstallich yn liket te wurden – wannear’t ik dit skriuw hellet in keunstmjittich skûlliif it nijs (nieuws) – befreget Van der Horst de digitalisearre boutekeningen fan har kollega’s. ‘Ik wol de tekene linen oanreitsje kinne, wat by in digitaal bestân net kin’, seit Van der Horst.
Sy ferfolget: ‘In 3D-printer folget in digitaal model en printet it objekt hiel krekt yn laachjes. Ik wol krekt it floeibere karakter fan raand plestik benutte, in eigenskip dy’t we ferlykje kinne mei dy fan ferve.’
Ynspirearre troch de bewegingen fan skilders (wylde gebearten by actionpainters of detailwurk by pointillisten), sljochtet Van der Horst de grinzen tusken boutekening en skilderkeunst oer en toant dêrmei it belang fan fysike hannelingen oan. Har masine lit romte foar sawol eksperimint as foar mislearring. De brûker giet de ynteraksje mei it materiaal oan en moat de útkomst akseptearje: in line kin net ienfâldichwei wer digitaal útfage wurde lykas by in tekening op de kompjûter, mar foarmet in fysyk objekt.
Ik moat tinke oan in swart-wytfoto út ’e rige Inhabited Drawing (1975) fan Helena Almeida. De foto toant de keunstner wylst se mei in pinne in line yn ’e loft tekenet. Mei de eagen folgje ik de line, dy’t ûnder ynfloed fan de swiertekrêft út Alemeida har pinne nei únderen falt. De útein fan de line, it punt dêr’t Almeida har pinnestreek begûn, sweeft bestjurre yn ’e romte. Sawol Almeida as Van der Horst besykje oer de grinzen fan it byldflak hinne te gean. Fjirtich jier nei de foto fan Almeida sweve de triedden net allinnich op byld, mar ek trijediminsjonaal troch de loft.
Van der Horst fertelt oer it ferstjurringsproses: ‘ferskillende soarten plestik hawwe ferskillende stjurringstiden. Polykarbonaat sturret fluch, as it út ’e masine komt fielt it fuort al oan as klaai. Bioplestik stjurret stadich, komt as huning út ’e masine en jout in mear dripkjende útkomst.’
De ferstivingen yn de eksposysje dogge tinken oan de linen sa’t dy foarme wurde troch in bewegende lamp op in foto mei lange beljochtingstiid. Troch de dynamyk fan de skulptueren te folgjen, imitearret de dûnseres in oantinken oan de eardere beweging, dy’t Van der Horst mei har masine makke. Van der Horst har langst om op dy wize arsjitektuer te realisearjen soe betsjutte dat we yn gebouwen fan yn ’t sin weromkommende bewegingen wenje kinne. Dat fereasket lykwols ûndersyk; foar de neiste takomst binne in bushokje of in klimtastel – dêr’t in bern yn klimt troch bewgingen út it ferline – dreamde projekten.
Om ta sterke struktueren foar de plestik triedden te kommen, besjocht Van der Horst weef- en opteartechniken. Dêrrmei makket hja in analogy mei tradysjonele ambachten, in parallel dy’t Marcel Wanders ek loek doe’t er koalstoffezel behannele as wie it tekstyl, om syn mei de hân knope Knotted Chair (1996) te realisearjen.
De floeibere foarmen yn SYB binne tsjinsteld oan in tiid doe’t tafels fan stien wienen en sûnder mis in ‘tafel’ foarstelden. Yn stee fan it oer ‘finsters’ en ‘muorren’ te hawwen, ûndersiket Van der Horst eleminten leaver op grûn fan eigenskippen. Der wurdt wurke oan finsters en muorren dy’t yninoar oerfloeie. Wat ûntstiet bygelyks wannear’t in ûntrochsichtich finster en in trochsichtige muorre yninoar oerrinne?
Mei har wurk iepenet Tiwánee van der Horst in wrâld dêr’t kategorisearring floeiber yn wurdt en betsjutting tawiisd wurdt op basis fan materiaalstúdzje. Dy lakune (leechte) skept romte foar eksperimint, mar ropt ek fragen op foar de takomst. Funksjonaliteit liket in pylder te wêzen yn Van der Horst har takomstplannen. Hawwe de skulptueren yn SYB dy ynbêding yn funksjonaliteit nedich om as sculptueren te bestean? Of kinne se op harsels stean?
Ek bin ik benijd hoe’t Van der Horst har taalprakkesaasjes fierder trochlûke sil: kriget it takomstige ‘bushokje’ faaks in oare beneaming? Of sil op in stuit in twadieling yn Van der Horst har wurk ûntstean, wêrtroch it ‘bushokje’ en de ‘skulptueren’ ta twa ferskillende wrâlden komme te hearren? Dy takomst is noch floeiber.