8 March o/m 30 April 2017
The city as Canvas
Residinsje Tiwánee van der Horst
Mei dyn eigen hannen in hûs bouwe: dat is faaks wol de ultime dream fan mannich ûntwerper, keunstner of arsjitekt. Mar tusken dyn eigen hannen en de bou fan in hûs, leit in lang trajekt dêr’t withoefolle fertaalslaggen makke wurde moatte. Automatysk komme gebouwen dêrtroch fier ôf te stean fan de inisjele, kreative ympuls: it is de swierrichheid fan de hjoeddeistige arsjitektuer, dy’t digitale tools, prefab eleminten, repetysje en ortogonaliteit as skaaimerken hat.
De arsjitekt en tinker Tiwánee van der Horst wol it yntuïtive tink- en makwurk wer ta utering komme litte yn de gebouwen om ús hinne. Sy brûkt dêrfoar de skilderkeunst as analogy foar de boukeunst. Op in like ienfâldige as revolúsjonêre wize fertaalt hja ekspressive skildertechniken lykas de toets, de feech en de dripper yn trijediminsjonale foarmen. Lykas ferve út in ferftube lit hja in mânske ekstrúzjemasine slanters heechwurdich plestik troch de romte knipe. It prinsipe is te ferlykjen mei dat fan in 3D-printer: floeiber plestik wurdt mei in konstante druk troch in nozzle treaun, dêr’t jo in gelykmjittige en krekte trijediminsjonale line troch krije dêr’t jo laach foar laach in kompleks 3D-objekt mei opbouwe kinne. It ferskil mei in 3D-printer is lykwols dat it apparaat dat Tiwánee van der Horst ûntwikkele hat sûnder in digitale fertaalslach dertusken, direkt troch de ûntwerper of keunstner betsjinne wurde kin: de persoanlike bewegings fan lichem, earm en hân komme ta utering yn in folslein eigen boustyl. It bouwen wurdt in soarte fan 3D-action painting en de stêd wurdt in kanvas. Mei it apparaat kinst letterlik skilderje yn de romte troch gebrûkmeitsjen fan de swiertekrêft en de faasje dêr’t it plestik mei stjurret. Net tefreden of oan wat nijs ta? Kinst it plestik omsmelte en op ’e nij brûke. Dêrmei is de technyk net allinnich fernijend, mar ek in stik duorsumer as in protte tradysjonele boumaterialen.
De masine sil yn maart en april foar ’t earst brûkt wurde yn de residinsjeperioade fan Tiwánee van der Horst by Keunsthûs SYB. It doel fan de projektperioade yn SYB is om de mooglikheden fan dizze technyk te ferkennen troch betreklik lytse bouwurken te bouwen yn nau oparbeidzjen mei arsjitekten, keunstners en dûnsers. By einsluten is it doel om ús wize fan bouwen te transformearjen troch in folslein nije bouwize te yntrodusearjen dy’t tichteby de kreative ympuls fan de arsjitekt stiet en tagelyk in antwurd jout op de tsjintwurdige arsjitektoanyske fraachstikken oangeande it ferlet fan grûnstoffen en de hurd oanwaaksende befolking.