28 February 2017
Eleminten fan in apokalyps of evolúsje
Troch Anne Marijn Voorhorst
Op snein 19 febrewaris liedt Müge Yilmaz (1985, Istanbûl) ús, in groep fan benammen Friezen en Rânestedsjers, nei de bosk fan Beetstersweach. It is tsjuster en dridzich.
De oardel moanne fan Yilmaz har residinsje sit derop. Sy hat har yn dy perioade benammen bûgd oer de performance dy’t wy daliks yn it tsjuster belibje sille. In performance dêr’t se gebrûk yn makket fan saneamde ghilliesuits: pakken dy’t jagers oan hawwe om fan top ta teil op te gean yn it lânskip. Yilmaz brûkte de fermomjende, ferfrjemdzjende kostúms al yn 2016 foar it wurk The Water, the Soil, the Jungle: in ‘famyljeportret’ dêr’t we trije wollige wêzens op sjogge, dy’t de midden hâlde tusken minsken, bisten en planten.
Foardat we de bosk yn geane, ûndersykje ik de spoaren dy’t Yilmaz op de muorren yn SYB oanbrocht hat: ferskillende groepkes moassen dy’t rûke nei bier en sûpe. Der binne ûnder oaren fjouwer wêzens te sjen, dy’t al in bytsje wize op de ‘minske-plant-bisten’. Der is ek in trijehoek ôfbylde dêr’t de punt fan nei ûnderen wiist. De bylden roppe in mysterieuze sfear op. Yilmaz fertelt: ‘Immen hat myn wurk ris sa omskreaun: by it lêzen fan in sciencefiction-boek foarmest de bylden yn ’e holle. Dyn wurk binne de bylden dêr’tst it ferhaal by besikest te konstruearjen.’
Bûten begjint it te skimerjen en Yilmaz partet bûslampen om. Troch de efterdoar tsjogge we as in keppel nei de bosk. By it golffjild fan Lauswolt wurde rigen omseage beammen sêft beljochte troch leech yn it gers steande lampen. Der steane rigen fan glânzgjende auto’s – binnendoar wurdt grif kreeft iten, stel ik my foar, of woartelkrème mei posjearre kwartelaai. Wy rinne hagen fan redendrons bylâns en ferlitte stadichoan de ferljochte wrâld. Yilmaz jout ús oan wannear’t we de bûslampen oandwaan meie.
By in leechhingjende tak wurde wy warskôge troch twa reflektearjende plakken, dy’t opljochtsje as katte-eagen. Dy plakken komme by it fierder kuierjen werom: subtile yntervinsjes dy’t Yilmaz earder op de beammen oanbrocht hat.
Nei de slingerjende, dridzige tocht – skuon dy’t wat sopje – komme wy oan by de Wite Mar. De bûslampen geane op ’e nij út, Yilmaz bliuwt útsprutsen stilstean en seit neat mear. Wy folgje har foarbyld en op it kwêkjen fan in opjage ein nei is it rûnom folslein stil. Ofwachtsjend skeuvelje wy wat oer de lytse iepen flakte. Lofts fan ús in grutte kontener dêr’t de iisklub syn spullen yn bewarret oant it wer friest, mar dy’t likegoed in oaer doel hawwe kin: in skûlplak, in opslachromte for iten …
Dan begjinne wy te wizen, inoar oan te stjitten – de boskjes komme ta libben. De grûndlagen komme oerein, wrotte har stadich los út harren eftergrûn en omjouwe ús yn stillens. Mei harren trage bewegings skowe se troch de groep, rjochting de wetterkant, dêr’t twa elektryske kearsen en in jerrycan reesteane. Dy wurde oppakt en meinommen yn de fierdere parade. Mei harren lichems brûke se in taal dêr’t wy gjin tagong ta hawwe, suver ferearjend bûge de wêzens har nei it wetter, de beammen en inoar.
Slûpendewei gean se nei de lytse zandhichte en rjochtsje har op in beam dêr’t de woartels fan boppe de grûn út groeie en in holte foarmje. Dêr sjogge wy in samling plestik flessen yn, dêr’t de wêzens fannijs bûgjend omhinne spane. Sels it hûntsje fan in besiker, dat ûnder it kuierjen noch tusken eltsenien troch strûsde, hat troch dat er tsjûge is fan in bysûnder ritueel en stiet lûdleas ta te sjen.
Hawwe wy niiskrekt in priuwke hân fan in apokalyptysk senario? En, freegje ik my ôf, binne wy dêryn dan evoluearre ta wêzens dy’t mear binne as homo consumericus, of krekt werom by it begjin: wurde wy op ’e nij de jager-samlers fan tûzenen jierren lyn? Yilmaz lit dat graach yn ’e midden, lykas ek oft se mei de eleminten dy’t se ús oanrikt in dys- of utopy sketse wol. It stillibben dat wy oan ’e ein fan ’e tocht tusken de beamstronken en gersstâlen ûntdekke, befestiget dat. Yilmaz hat op tsientallen tûken, stikken moas en plestik foarwerpen in laach glow-in-the-darkferve oanbrocht, dat de objekten grien opljochtsje. It skept sawol in mearke-eftige as ûntrêstigjende sfear: it liket wol radioaktyf ôffal.
Wylst de eleminten út de Wallebosk noch neitrilje, liedt Yilmaz ús werom nei de buorren, dêr’t minske en bist wer faninoar skaat binne en, sa’t it liket, gjin akute apokalyps driget. Underwilens foarmje har personaazjes en foarwerpen har ta ferhalen by ús yn ’e holle. Dêr’t de plotten tige útinoar fan rinne sille.
Resinsje (maart 2017)
Müge Yilmaz, The Concrete: The Mountain
Troch Anne Marijn Voorhorst
Oersetting Ed Knotter