24 February o/m 5 March 2017
24 oers residinsjes
Safira Taylor en Dima Bondarenko, Mylan Hoezen en Floor Schothorst, Adriaan Luteijn, Marin Hondebrink en Rosalynn van Hummel, Dalida Georgiou-Achmet, Eirik Jahnsen
Ek dit jier organisearret SYB yn gearwurking mei it Sober and Lonely Institute for Contemporary Art (SLICA) in program fan ultrakoarte, 24-oers residinsjes. Studinten en keunstners dy krektlyn ôfstudearre binne oan de Willem de Kooning Academie (Rotterdam), de Hogeschool voor Kunsten Utrecht en Academie Minerva (Grins), koenen yn de ôfrûne moannen in útstel ynstjoere foar in ferbliuw yn it Keunsthûs fan net mear en net minder as ien dei en ien nacht.
Út alle ynstjoerings selektearren SYB en SLICA de opfallendste útstellen. ien foar oar binne it útstellen dêr’t de keunstners harsels yn útdaagje en de konfrontaasje yn opsykje. Sa libje en wurkje Marin Hondebrink en Rosalynn van Hummel 24 oere mei in neakenmodel; ûndersiket Adriaan Luteijn hoe’t it is om in topprestaasje fan 24 oere te leverjen as keunstatleet; skriuwt Dalida Georgiou-Achmet 24 ferskillende keunstnersbewearingen en bout Eirik Jahnsen oanienwei oan in nije ynstallaasje.
De earste residinsje set út ein op freed 24 febrewaris om 12.00 oere. It program wurdt ôfsletten op snein 5 maart mei in mienskiplike presintaasje yn it Keunsthûs. It folsleine program mei alle 24-oers residinsjes is meikoarten te finen op it webstek fan Keunsthûs SYB.
It Sober and Lonely Institute for Contemporary Art (SLICA) is in keunstnersinisjatyf dat gjin foarskriften of grinzen hat: der is gjin resept, gjin fêststeande wurkwize, gjin fêst wen- en ferbliuwplak. Op ûnderskate plakken oer de hiele wrâld organisearret SLICA residinsjes fan in etmiel oant in pear moannen. SLICA fersoarget like maklik in publikaasje as in diner, fasilitearret projekten mei katten, fertoant films oer foarmen en meubels mei poaten, rjochte in klub op foar syngroan drave, hâldt groeps-siësta’s en biedt romte foar it eksperimintearjen mei minsken en bisten.
Foar meaer ynformaasje oer SLICA kinst harren webstek besykje: www.soberandlonely.org.