8 o/m 12 February 2017
Gabber Nation 2.0: Edysje Rotterdam
Art Rotterdam Intersections
Keunsthûs SYB op Art Rotterdam Intersections 2017, 8 o/m 12 febrewaris yn de Van Nellefabryk.
Keunstners: Henrike Naumann, Boris Postma, Merle Vorwald, Bastian Hagedorn, Johannes Büttner, Tea Palmelund, Ekaterina Burlyga.
Kurator: Agnes Winter.
Ofrûne simmer liet Keunsthûs SYB it stille, fredige Beetstersweach efkes wakker op ’e grûnfêsten skodzje mei in droanende presintaasje fan it projekt Gabber Nation. Byinoarbrocht troch byldzjend keunstner Henrike Naumann, presintearren sân Dútske, Deenske en Nederlânske keunstners de opbringst fan in yntinsyf artistyk ûndersyk nei de skiednis fan de gabberkultuer yn Fryslân en de hjoeddeiske betsjutting fan gabber yn Beetstersweach en omkriten. Sy ynterviewden Fryske gabbers fan ’e earste oere, mar ek de jongere generaasje foar wa’t hardcore muzyk noch hieltyd in wichtige rol spilet. It keunstnerskollektyf besocht histoaryske plakken, feesten en oare gearkomsten en lei mei help fan de lokale befolking in argyf oan fan foto’s, fideo’s en parafernalia. It resultaat wie in tentoanstelling fan ûnderskate ynstallaasjes en lûdswurken, fariearjend fan in rekonstruksje fan it haadkwartier fan ID&T, it brein efter Thunderdome (The Birth of Gabber, Henrike Naumann) oant in dystopyske foto-ynstallaasje (Last Breath of the Homelands, Boris Postma) en de ultime fysike rave-ûnderfining gearparse yn in romte fan net mear as 2 kante meter (Cloud 9, Bastian Hagedorn). De wurken boartsje mei de karakteristike estetyk fan de gabberkultuer – fan Mad Max oant Nike Air Max – en reflektearje tagelyk de politike en sosjale betsjuttings fan de beweging foar it plattelân. Yn it freonlike doarp ûntdutsen de keunstners in ferburgen oantriuw nei destruksje mei in ferrassende djipgong en hertstocht. Foardatst op ’e nij begjinne kinst, moat earst alles stikken!
Wat is it hiel oars yn it hjoeddeistige Rotterdam, dêr’t it fjoer fan de gabberscene weiwurden liket te wêzen mei it griizjen fan it hier. De loadsen en lege skoallen wurde net mear brûkt foar legindaryske feesten en it gabberhert liket allinnich noch rêder te klopjen wannear’t Feyenoord spilet en de hardcore troch de lûdsprekkers droant. Ea wie Rotterdam it episintrum fan de Nederlânske hardcore techno, mei de ferneamde club Parkzicht, DJ Rob, Paul Elstak en Rotterdam Records. Dat wie doe, mar hokker rol spilet gabber yn it Rotterdam fan no?
Foar Art Rotterdam Intersections 2017 bringt Keunsthûs SYB de groep keunstners út Gabber Nation op ’e nij byinoar foar Gabber Nation 2.0: edysje Rotterdam. Yn de spesifike kontekst fan de eardere wurkromten fan de Van Nellefabryk yn Rotterdam en ûnder lieding fan kurator Agnes Winter, bringe Henrike Naumann, Ekaterina Burlyga, Johannes Büttner, Bastian Hagedorn, Boris Postma, Tea Palmelund en Merle Vorwald nij wurk dat him ferhâldt ta de rike skiednis fan de gabberscene yn Rotterdam wylst it de hjoeddeiske relevânsje fan de subkultuer ûndersiket.
Ynspirearre troch de wize dêr’t lokale gabbers harren leafde foar de hardcore muzyk op ferweevje mei harren lifestyle en ynterieur, skept Henrike Naumann op ’e nij in yntime persoanlike romte dêr’t húslikens yn sterk kontrast stiet mei de hurde, rûge styl fan gabber. Boris Postma presintearret in foto-ynstallaasje nei oanlieding fan syn besiten oan histoaryske plakken dy’t ea it dekôr wienen foar wreed ferneamde feesten en Ekaterina Burlyga raant en ferfoarmet âlde finylplaten ta in skulptuer wêrby’t hja gebrûk makket fan de apokalyptyske estetyk dy’t sa typearjend is foar gabber. De flierynstallaasje Beyond Thunderdome fan Merle Vorwald boartet mei de fearring fan Nike Air Max en liedt de besiker yn yn de hardcore-ûnderfining fan droanende muzyk dy’t faak ferlike wurdt mei it stampen fan heipeallen; in karakteristyk elemint yn it akoestyske lânskip fan in stêd. Allyksa ek de drilhammer: it lûd dat de grûnslach foarmet fan in nij lûdswurk fan Johannes Büttner en Bastian Hagedorn. It wurk is de soundtrack foar de presintaasje: in earbetoan oan Rotterdam as stêd fan de arbeidersstân. Bij de tentoanstelling ferskynt ek in fanzine: Kern Zine, gearstald en foarmjûn troch Tea Palmelund. Palmelund liet har ynspirearje troch de ideeën fan de skriuwer Hakim Bey oer Temporary Autonomous Zones (TAZ). Kern Zine hat dan ek gjin dúdlike oarsprong, struktuer of doel, mar biedt in iepen romte dêr’t de ferskillende ynfalshoeken en it materiaal fan Gabber Nation 2.0 yn gearkomme. It tydskrift is tagelyk de katalogus foar de tentoanstelling, dy’t al like ûn-hiërargysk en folslein iepen siket nei in posysje tusken dystopy en utopy.
Help Keunsthûs Syb yn de totstandkoming fan Gabber Nation 2.0 en doch in donatie!!
Bisto in (âlde) gabber of/en in rynske keunstleafhawwer en wolsto Keunsthûs SYB en de keunstners belutsen by Gabber Nation 2.0: Edysje Rotterdam stypje yn de realisaasje fan de tentoanstelling op Art Rotterdam? Dat kin troch in finansjele bydrage oer te meitsjen (fan 10 euro ôf) nei Keunsthûs SYB. Alle stipers krije in eksimplaar fan de fanzine Kern Zine, ûntwurpen troch Tea Palmelund (tagelyk katalogus fan de tentoanstelling). Donearresto mear as 25 euro, dan ûntfangsto boppedat de jubileumedysje fan Keunsthûs SYB Our House in the Middle of the Street. Beteljen kin mei iDeal of streekrjocht nei de bankrekken fan Keunsthûs SYB ûnder fermelding fan Gabber Nation 2.0. Wolsto de publikaasjes ûntfange of yn ûntfangst nimme op Art Rotterdam, stjoer dan in berjocht nei info@kunsthuissyb.nl mei fermelding fan Donatie Gabber Nation 2.0. Keunsthûs SYB is registrearre as ‘Culturele Algemeen Nut Beogende Instelling’ (Culturele ANBI). Lês mear.