9 January o/m 17 February 2017

The City as Canvas

Kampanje Crowdfunding foar The City as Canvas

Kampanje Crowdfunding foar The City as Canvas, in projekt fan Tiwánee van der Horst, 8 maart t/m 30 april

Jou in bydrage oan de bou fan in revolúsjonêre 3D-tekenmasine, jou de arsjitektuer in nije kreative ympuls en fergrutsje de fleksibiliteit en duorsumens fan ús bouwen! Stypje it projekt “The City as Canvas” fan Tiwánee van der Horst, residint yn Keunsthûs SYB fan 8 maart oant en mei 30 april. Surf fluch nei www.voordekunst.nl/projecten/5102-the-city-as-canvas en donearje noch foar 19 febrewaris.

Mei dyn eigen hannen in hûs bouwe: dat is faaks wol de ultime dream fan mannich ûntwerper, keunstner of arsjitekt. Mar tusken dyn eigen hannen en de bou fan in hûs, leit in lang trajekt dêr’t withoefolle fertaalslaggen makke wurde moatte. Automatysk komme gebouwen dêrtroch fier ôf te stean fan de inisjele, kreative ympuls: it is de swierrichheid fan de hjoeddeistige arsjitektuer, dy’t digitale tools, prefab eleminten, repetysje en ortogonaliteit as skaaimerken hat.

De arsjitekt, byldzjend keunstner en tinker Tiwánee van der Horst wol it yntuïtive tink- en makwurk wer ta utering komme litte yn de gebouwen om ús hinne. Sy brûkt dêrfoar de skilderkeunst as analogy foar de boukeunst. Op in like ienfâldige as revolúsjonêre wize fertaalt hja ekspressive skildertechniken lykas de toets, de feech en de dripper yn trijediminsjonale foarmen. Lykas ferve út in ferftube lit hja in mânske ekstrúzjemasine slanters heechwurdich plestik troch de romte knipe. It prinsipe is te ferlykjen mei dat fan in 3D-printer: floeiber plestik wurdt mei in konstante druk troch in nozzle treaun, dêr’t jo in gelykmjittige en krekte trijediminsjonale line troch krije dêr’t jo laach foar laach in kompleks 3D-objekt mei opbouwe kinne. It ferskil mei in 3D-printer is lykwols dat it apparaat dat Tiwánee van der Horst ûntwikkele hat sûnder in digitale fertaalslach dertusken, direkt troch de ûntwerper of keunstner betsjinne wurde kin: de persoanlike bewegings fan lichem, earm en hân komme ta utering yn in folslein eigen boustyl. It bouwen wurdt in soarte fan 3D-action painting en de stêd wurdt in kanvas. Mei it apparaat kinst letterlik skilderje yn de romte troch gebrûkmeitsjen fan de swiertekrêft en de faasje dêr’t it plestik mei stjurret. Net tefreden of oan wat nijs ta? Kinst it plestik omsmelte en op ’e nij brûke. Dêrmei is de technyk net allinnich fernijend, mar ek in stik duorsumer as in protte tradysjonele boumaterialen.
De masine sil yn maart en april foar ’t earst brûkt wurde yn de residinsjeperioade fan Tiwánee van der Horst by Keunsthûs SYB. It doel fan de projektperioade yn SYB is om de mooglikheden fan dizze technyk te ferkennen troch betreklik lytse bouwurken te bouwen yn nau oparbeidzjen mei arsjitekten, keunstners en dûnsers. By einsluten is it doel om ús wize fan bouwen te transformearjen troch in folslein nije bouwize te yntrodusearjen dy’t tichteby de kreative ympuls fan de arsjitekt stiet en tagelyk in antwurd jout op de tsjintwurdige arsjitektoanyske fraachstikken oangeande it ferlet fan grûnstoffen en de hurd oanwaaksende befolking.

Bist niisgjirrich nei it projekt en wolst in bydrage leverje? Gean dan nei www.voordekunst.nl/projecten/5102-the-city-as-canvas om fuortendaliks in donaasje te dwaan! It jild dat ynhelle wurdt, sil ynset wurde foar it ûntwerp en it ûntwikkeljen fan de ekstrúzjemasine. Wolst mear witte oer it wurk fan Tiwánee van der Horst, surf dan nei www.tiwaneevanderhorst.com of www.instagram.com/tiwaneevanderhorst.

Yn febrewaris is har wurk boppedat te sjen yn de keunstwike Art Week yn Rotterdam op it SS-skip mei Object Rotterdam (9 tot 12 febrewaris).

poster_website