23 November 2016

toekenning Mondriaan Fonds

Nieuws

Keunsthûs SYB ûntfangt in bydrage fan it Mondriaan Fonds

Keunsthûs SYB is ôfgrysliken bliid mei de bydrage fan it Mondriaan Fonds foar it program fan 2017 én 2018! It Mondriaan Fonds draacht by oan programs fan presintaasje-ynstellings omdat dy fan fitaal belang binne foar ûntjouwing en sichtberens binnen de byldzjende keunstsektor.

SYB set him organisaasjebreed yn foar sawol it artistike en teoretyske eksperimint as ek it ûntwikkeljen fan talint yn de hjoeddeistige keunst. Undersykjen, gearwurkjen en útwikseljen spylje dêr in wichtige rol by.

Keunsthûs SYB stelt him ta doel om de artistike en profesjonele ûntjouwing fan sawol keunstners as kurators te fasilitearjen en te stimulearjen. Dêrta jout Keunsthûs SYB har middels en kennis; keunstners en kurators krije tiid, romte, budzjet, feedback en stipe om in nije stap sette te kinnen yn harren wurk en wurde útdage om har sawol ynhâldlik te ferdjipjen as profesjoneel út te groeien.

De stipe fan it Mondriaan Fonds is essinsjeel foar it fuortbestean fan Keunsthûs SYB.

Ut ’e beskikking fan it Mondriaan Fonds:

De kommisje wurdearret hoe’t SYB it lykwicht tusken lokale en nasjonale impact yn de ôfrûne jierren goed útboud hat. De ynstelling kombinearret in beskieden groei mei it fêsthâlden oan de eigen krêft as plak foar praktykûnderfining dêr’t jonge keunstners en kurators in betsjuttingsfolle stap sette kinne. SYB wit neffens de kommisje in fiks residinsjeprogram del te setten. De ynstelling is ien fan ’e plakken yn Nederlân dêr’t keunstners yn relative ôfsûndering in residinsje hawwe. De residinsje ûnderskiedt him troch de romte foar eksperimint en ûndersyk yn in publike omjouwing yn kombinaasje mei de relative rêst en ôfsûndering fan de lokaasje. De kommisje is oertsjûge fan de presintaasjeplannen en it dêroan keppele oanwaaksende publyksberik. Ta beslút waacht de kommisje it regionale belang mei. It inisjatyf fan SYB om Noordenaars, in platfoarm foar presintaasje-ynstellings yn Noard-Nederlân op te rjochtsjen, fynt hja dêrby in goede ûntjouwing.”

It Mondriaan Fonds draacht by oan de programs fan presintaasje-ynstellings foar byldzjende keunst omdat dy beskiedend binne foar it DNA en de sprieding fan de byldzjende keunst. Sawol publyk en keunstners as gruttere ynstellings, galerys en musea hawwe út reden fan trochrstreamen fan nijsgjirrige keunstners en konsepten profyt fan kwalitatyf heechsteande programs, fan Fryslân oant Kurasao.