1 August o/m 25 September 2016
BURN SCAPE
Residency Helen Dowling
In jacht tropyske fisken. Se sjitte senuweftich trochinoar hinne ûnder it lûd fan in knapperjend fjurke. Dan trije fleurige tweintigers snoarkeljend yn in hurdrôze oseaan. Tuskentroch in opname fan it wetteroerflak út ‘e koele djipte wei mei dêrefter it grille sinneljocht en op ‘e soundtrack it flymjend tsjirpjen fan sikaden. Helen Dowling har The Burning Time Slideshow (2015) hat in wûnderlik oangenaam effekt op de sjogger. De film is in prikeljende, assosjative montaazje fan kleuren, bylden en lûden dêr’tst noch krekt in deagewoane fakânsjefideo yn weromkenne kinst. In betsoenende dûk yn ús kollektyf fakânsjeûnthâld.
Helen Dowling (1982, UK) wurket mei fideo, foto en digitaal byld. Sy is ynteressearre yn it generike byld fan it lânskip; in lânskip dat in gefoel fan weromkennen opropt sûnder dat it ferwiist nei in beskaat plak.
De kommende wiken sil hja út Keunsthûs SYB wei de Waadeilannen en de Fryse kustline ferkenne op syk nei byld- en lûdsmateriaal dêr’t de spesifike kwaliteit fan dat lânskip yn trochklinkt. Yn de montaazjekeamer fersnijt hja materiaal dat hja opnommen hat mei stockbylden en oare bewarre byld- en lûdsfragminten fan oer de hiele wrâld, speurend nei in mienskiplike basis dêr’t keunstner en sjogger inoar op moetsje yn in dielde emosjonele en sintúchlike sensitiviteit.
Alle sneonen yn de perioade fan har ferbliuw yn SYB toant Helen Dowling in stadium fan har wurk yn wurding, dat geregelde besikers fan SYB kinne har yntuïtyf en tipelsinnich kreatyf proses folgje. Op 24 septimber is de definitive montaazje te sjen yn Keunsthûs SYB.
Helen Dowling (UK, 1982) studearre oan Goldsmiths College en de Slade School of Fine Art yn Londen en wie yn 2010/2011 ferbûn oan de Rijksakademie in Amsterdam. Har wurk wie fan ‘t jier ûnder oare te sjen yn Close-Up, A New Generation of Film and Video Artists in the Netherlands yn it EYE Filmmuseum yn Amsterdam.