1 May o/m 12 June 2016

THE ELEMENTAL THAT FACES

Residency Jason Hendrik Hansma

Foar dy, op ‘e grûn, leit in ding. Foar my, op ‘e grûn, leit itselde ding. Wy sjogge, fiele en tinke ferskillend as wy nei dat ding sjogge, mar wy binne it deroer iens dat it dêr leit: yn en foar himsels. Yn de ynteraksje mei dat ding dat foar ús fuotten leit, ûntdekke wy eat dat weromsjocht, wat autonooms dat bûten ús bestiet. It ding draait de rollen om en sjocht ús oan.

De Australysk Nederlânske keunstner Jason Hendrik Hansma is yn ‘e besnijing fan de ynteraksje tusken ús en de dingen om ús hinne. Yn syn wurk boartet er mei de ferskowende, ûngrypbere betsjutting fan de wrâld om ús hinne. Bisten, planten, dingen; se keare har ôf, spegelje, ferstilje, ferskûlje of iepenbierje har. Se kringe troch yn ‘e earen en ‘e noas en ferminge har mei oare dingen dy’t we sjen of suver fiele kinne mei de fingerseinen. De dingen lykje te boartsjen mei ús driuw  hieltiten wer in ferhaal meitsje te wollen, in ferhaal dêr’t wy it middelpunt yn binne en al it oare fan ús ôfhinklik.

By syn ferbliuw yn Keunsthûs SYB sil Hansma wurkje oan in nije 16 mm film dêr’t er it Nederlânske idee fan “natuer” yn  befreget. Hansma lit him dêrby ynspirearje troch it wurk fan de filosofen, logisy en oertsjûge miljeuaktivisten Richard Sylvan and Val Plumwood.  In troud filosofepear dat in radikale omslach bepleite fan ús tinken dêr’t se de minske as mulpunt fan it bestean yn fuortbonsjoerde en him weromsette as gelikens yn in demokratysk netwurk fan planten, dingen en dieren, dêr’t elts elemint likefolle yn oerlibje wol. Tagelyk ferkent Hansma, yn gearwurking mei de doarpstsjerke fan Beetstersweach, de mysterieuze relaasje tusken minsken en religieuze objekten dy’t in beskate kulturele autonomy krige hawwe lykas de preekstoel, de kerkbank en het kerkraam. Ut beide projekten wei ferdjippet Hansma syn ûndersyk nei it Japanske besef fan Mono na aware oftewol “it patos fan de dingen” of in “gevoelichheid foar it efemeare”. Mono na aware is it bewustwêzen fan it flechtige fan de dingen dêr’t in beskate mankelikens mei anneks is, in besef dat dat fergonklike in foarm fan wêzen is dy’t de basis is fan ús bestean.

Jason Hendrik Hansma (1988) wennet en wurket yn Rotterdam. Hy studearre oan de John Curtin University en de École Nationale Supérieure D’art de Dijon (BFA) yn Perth (Australië) en Dijon (Frankryk) oan it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam (MA) en wie dielnimmer oan de Jan van Eyck Academie mei in beurs fan it Mondriaan Fûns.

jason-hendrik-hansma_5   jason-hendrik-hansma_3

jason-hendrik-hansma_1  jason-hendrik-hansma_6