19 December 2015 o/m 30 January 2016
THE REGISTRY OF PSEUDONYMS
Residency Riet Wijnen
“Onlangs bereikte mij langs omwegen het bericht dat de heer John Ravenswood, wonende op het eiland Quelpart, was overleden.” skriuwt J.J. Slauerhoff yn it foaropwurd fan Ravenswood syn dichtbondel Oost-Azië. De auteur, giet Slauerhoff fierder, desertearre fan in walfiskfarder en kaam telâne op in eilân yn de Strjitte fan Korea. Bang om syn ferbliuwplak priis te jaan bertroude er syn fersen ta oan Slauerhoff dy’t de bondel nei syn ferstjerren dochs noch publisearre ûnder de namme John Ravenswood. Fansels leaude net ien dat ferhaal. Fan it begjin ôf oan wie dúdlik dat John Ravenswood nea bestien hat; it is in pseudonym fan J.J. Slauerhoff. Mar wêrom’t Slauerhoff ûnder pseudonym skreau en wêrom krekt dat pseudonym? Dêr komt gjin antwurd op.
Akteurs, keunstners, kriminelen, sjoernalisten, pausen, wiskundigen, filosofen, bestjoerders, histoarisy, dûnsers, keninginnen, finzenen ensafuorthinne: allegearre meitsje se gebrûk fan pseudonimen. Gâns binne ûnderwilens opnommen yn it Registry of Pseudonyms, in online register dat Riet Wijnen by har eardere residinsje yn SYB (2013) begûn is en sûnt dy tiid hieltiten wer oanfolle hat ta in almeugende samling aliassen, alterego’s, skûlnammen, spotnammen en oare pseudonimen op http://registryofpseudonyms.com.
Tiid om efkes stil te stean. Keunsthûs SYB jout Riet Wijnen de mooglikheid om tusken 19 desimber 2015 en 30 jannewaris 2016 har ûndersyk nei it fenomeen pseudonym te ferdjipjen yn Beetstersweach, dêr’t Slauerhoff ea ek 36 dagen ferbleau en wurke as húsdokter. It ûndersyk is in earste ferkennende faze yn it produsearjen fan in ‘reader’ oer it fenomeen pseudonym. Yn har residinsjeperioade sil Riet Wijnen op syk nei de miene dielers, de mienskiplike útgongspunten yn it Registry of Pseudonyms. Dêrútwei sil hja yn petearen mei skriuwers en wittenskippers op syk nei in gaadlike ynhâld en foarm foar de ‘reader’.
Riet Wijnen (1988) wennet en wurket yn Amsterdam. Sy foltôge yn 2012 har master oan it Sandberg Instituut en eksposearre yn binnen- en bûtenlân. Yn 2013 wûn hja de seisde Sybren Hellinga kunstprijs. Njonken har wurk as byldzjend keunstner is hja belutsen by Kunstverein (Amsterdam) as Associated Curator. Yn ‘e mande mei Kunstverein Publications bringt hja boeken en periodiken út lykas Marlow Moss (2013), in alternative bibliografy oer dy Britske konstruktiviste, en Abstraction-Création: Art-Non Figuratif (2014), in werprintinge en oersetting fan de fiif skriuwboeken fan it Frânske kollektyf Abstraction-Création tusken 1932 en 1936. http://www.rietwijnen.nl