26 October o/m 5 December 2015
GRINNING MACHINES and a CLOSEMOUTHED GROWL
Residency Toon Fibbe, Laura Wiedijk
Yn it parallelle, digitale universum dat it ynternet is, bestiet in subkultuer fan minsken dy’t har yn har djipste ynderlik gjin minske fiele, mar bist of mytysk wêzen. Sy drage de siel fan bygelyks in wolf, in foks, in kat, in elf, in fampier, in ingel of in demon en komme benammen gear op ynternetfora. Online jouwe se útdrukking oan harren oarswêzen, sykje se nei in ferklearring foar harren dierlike of mytyske ôfkomst en diele hja oanwizings dy’t har helpe te funksjonearjen yn in mienskip fan minsken dêr’t hja wêzentlik fan ferskille. Sy neame harsels ‘Otherkin’ en se nimme harren identiteit tige serieus.
Hoe kinne wy dy Otherkin neikomme? Freegje keunsteners Toon Fibbe en Laura Wiedijk harren ôf. Is harren radikaal ûntkennen fan in minsklike ôfkomst in flecht út de flugge, moderne maatskippij, dy’t in soad fan ús freget, of is it in radikale died tsjin in kapitalistysk systeem dêr’t elke foarm fan oars-wêzen yn kategorisearre of ta in produkt yn makke wurdt? Hoe ferhâlde har fantasyen, ferhalen en myten har ta de deiske werklikheid offline?
Undercover ynfiltrearje de keunstners Toon Fibbe en Laura Wiedijk dy ynternetmienskippen op syk nei harren radikaal potinsjeel op it snijflak tusken werklikheid en fiksje. Dêrfoar risse hja har de identiteit oan fan in bist of in mytysk wêzen en ferkenne hja de regels fan it spul. As oanleiding nimme hja de sterke nammekundige oerienkomst tusken de etymology fan Beetstersweach (de mieden om de beek* hinne) en de namme fan ien foar de Otherkin bysûndere, suver sakraal plak: the Bitten Meadow (San Antonia , VS). Út ‘e Fryske Bitten Meadow kreëarje beide keunstners nije ferhalen en myten yn ‘e foarm fan ‘performances’ en yntervinsjes yn it iepen fjild (offline) en op ferskate ynternetfora en oare online platfoarms. De Sweach wurdt it senuwsintrum fan in operaasje dy’t fiksje en non-fiksje yn en út inoar floeie lit yn in trochgeande ynteraksje tusken off- en online, hinne en werom.
Laura Wiedijk (Wageningen, 1985) boartet yn har ynstallaasjes en inkjetprinten mei de fêste presintaasjefoarmen fan de reklamewrâld lykas ‘posters’ en ‘displays’. Sy beskôget har wurk as in lofsang op alle keunstgrepen, it fieren fan it útwrydske en it fantastyske. De kleurrike, faak tige detaillearre posters sûgje de sjogger yn in wûnderlik, kaleidoskopysk universum. Laura Wiedijk studearre yn 2010 ôf oan de Gerrit Reitveld Academie en die mei oan residinsjeprograms yn û.o. WIELS (Brussel) en FABRIKculture in (Hegenheim, FR).
Toon Fibbe (Rotterdam, 1987) ferkent yn syn fideo’s en performances it ôfwikende, it marzjinale, de ûndertoan. Hy regissearret situaasjes dêr’t de kommunikaasje yn liket te stûkjen of oars ferrint as datst ferwachtest. Mei syn wurk ropt Fibbe fragen op oer de wizen wêrop’t yndividuen en groepen mei-inoar libje en gearwurkje. Toon Fibbe studearre yn 2012 ôf oan it Piet Zwart Instituut en nimt op ‘t stuit diel oan it residinsjprogram fan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht.