10 o/m 13 September 2015

SFEAR FAN YNSET

de 1e Triënnale van Beetsterzwaag

Keunsthûs SYB presentearret yn ‘e neisimmer de earste edysje fan in om de trije jier weromkommend festival foar byldzjende keunst: de Triënnale fan Beetstersweach. Op tsien histoaryske lokaasjes kinne jo fjouwer dagen lang sjen nei keunst, live performances, meidwaan oan aktiviteiten, harkje nei lêzingen en muzyk, keunstners moetsje, kuierje, en fansels lekker ite en drinke, wylst jo genietsje fan de hjerstsinne en de kleurepracht fan de boskrike kriten fan de gemeente Opsterlân.

Foar de triënnale bringt SYB keunstwurken werom nei it doarp dêr’t se ea ûntstien binne. It giet om keunstwurken dy’t yn de ôfrûne fyftjin jier berne binne op ‘e Sweach, mar earne oars ta waaksdom kommen binne. SYB freget de keunstners werom te kommen nei Fryslân en mei har wurk op ‘en nij de relaasje te sykjen mei it doarp en de omlizzende natuer, as ûnderdiel fan in keunsteparkoers dat alle dagen wat oars te bieden hat.

Wat de selektearre keunstners mien hawwe is in fassinaasje foar dy eleminten út it lânskip dy’t sterk ferbûn binne mei ús kultuer; mei it patroan fan minsklike aktiviteit en de symboalyske struktueren en rituelen dy’t betsjutting jouwe oan ús maatskippij. Sfear fan Ynset ûnthjit dêrmei net allinnich in iepen en frisse fyzje op it lânskip fan ‘e Sweach en de gemeente Opsterlân, mar ûndersiket yn dy ‘sfear’ de ferhâldings tusken beskaving en it aard, en tusken it lokale en it universele. Yn Sfear fan Ynset tilt it dan ek op fan artistike aktiviteit en enerzjy.

Om besikers fan bûten de provinsje Fryslân temjitte te kommen, organisearret SYB op 10, 11, 12 en 13 septimber in busreis út ‘e Rânestêd wei nei Beetstersweach en wer werom. De busreis kostet €15,- en set útein yn Rotterdam, oer Amsterdam nei Beetstersweach. Jo kinne jo no alfêst opjaan foar de bus fia: info@kunsthuissyb.nl

Tidens de foarste edysje fan de triënnale fan Beetstersweach is wurk te sjen fan de neikommende keunstners:
Melanie Bonajo, Walter van Broekhuizen & Arjen de Leeuw, Alexandra Duvekot & Sara Bjarland, Noa Giniger & Shana Moulton, Jasper Griepink, Francesca Grilli, Rumiko Hagiwara & Mounira Al Solh, Tina Helen & Søren Thilo Funder, Tom Kok, Sjoerd van Leeuwen & Harald den Breejen, Erica van Loon, Pernille Lonstrup, Domenico Mangano, Emmeline de Mooij, Rory Pilgrim, Pieter Paul Pothoven, Rosalie Ravensteijn, Savage, Bas Schevers & Hedwig Houben, Lieke Snellen, Ronald van Tienhoven & Laurence Aëgerter, Edward Clydesdale Thomson & Sjoerd Westbroek & Frans-Willem Korsten, Ruth Verraes, Nina Yuen, en Rieke Vos y.g.m. Eric Giraudet de Boudemange, Ilke Gers, Frank Koolen & Kasper Jacobs.

http://triënnalevanbeetsterzwaag.frl/