26 March o/m 7 May 2015

DE FAMILIE KOOL

Residency Pieter Paul Pothoven

Orchidee uit de kas van Wim Kool. Wageningen. September 1981, Fotoarchief Familie Kool

Tink oan it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Hoefolle fan de bylden dy’t no yn dy opkomme, komme net út in Nederlânske film of út in tentoanstelling dy’tst ea sjoen hast yn ien fan de 25 nasjonale oarlochs- en fersetsmusea? In hiele generaasje is opgroeid mei bylden fan de oarloch en it ferset dy’t min ofte mear selektearre en regissearre binne. Dêr heart ek de keunstner en skriuwer Pieter Paul Pothoven (1981) ta. Fan 26 maart o/m 7 maaie wurket er yn Keunsthûs SYB oan in ferhaal oer in generaasje bruorren en sussen dêr’t it libben noch hieltyd fan beynfloede wurdt troch de Twadde Wrâldoarloch, ek al binne se berne yn de jierren 80. De iene siket de oarloch hieltyd op, de oare wol der krekt neat mear mei te krijen hawwe. Allegearre binne se tekene troch de erfenis fan harren pake Wim; in heechachte en eare fersetsstrider, mar ek in man mei in te fersmiten skaadlibben dat net strykte, sa’t bliken die, mei it hearskjende byld fan de rjochtskepen, manlike oarlochsheld. Wim stoar as in ferskoveling.

Yn it wurk fan Peter Paul Pothoven stiet it objekt sintraal as taastbere, stille tsjûge fan in skiednis dy’t ta de ferbylding sprekt, mar tagelyk hieltyd wer oan ús greep ûntkomt. Yn syn nijste projekt, De Familie Kool, ferkent de keunstner en skriuwer mei help fan fiksje, film en ynstallaasje, persoansskiednissen fan in generaasje dy’t opgroeide yn it skaad fan in dûbelsinnige fersetsstrider. Op 4 en 5 maaie sil Pieter Paul de (foarriedige) útkomsten fan it projekt presentearje yn Keunsthûs SYB. Letter yn 2015 sil de keunstner it projekt ôfslute mei in boek dat produsearre en útjûn wurde sil yn oparbeidzjen mei de Jan van Eyck Akademy en Keunsthûs SYB.

Pieter Paul Pothoven (1981) studearre oan de Gerrit Rietveld Akademy en Parsons The New School of Design (New York). Op dit stuit is er ferbûn oan de Jan van Eyck Akademy yn Maastricht.