15 November 2014 o/m 6 January 2015

AS DE TASKÔGER WURKET, SKÔGET DE WURKER TA – IT BEGJIN IS IT LÊSTE PART DAT MAKKE WURDE MOAT

Residency Marianna Liosi, Alessandra Saviotti

YN GEARWURKING MEI MARCEL DICKHAGE EN CATHLEEN SCHUSTER

EINPRESINTAASJE: 20 DESIMBER

It sinemamuseum yn Lyon is ûnderbrocht yn de âlde filmfabryk fan de bruorren Lumière, it DIA: Beacon yn New York hat in plakje yn in gebou dêr’t de etiketten foar koeketrompen printe waarden, WIELS sit yn in eardere bouwerij (brouwerij?) yn Brussel en Keunsthûs SYB hat syn ûnderkommen yn wat ea in lytse fabryk foar snobbersguod (bûterbaltsjes) wie.

It wienen allegearre plakken dêr’t hurd wurke waard foar in faak skerp lean en dêrmei by útstek it soarte fan  plakken dêr’t se yn de jierren sechstich it leafst engazjearre films fertoanden. Underwilens is de polityk engazjearre sinema ferhuze fan it fabryk nei de white cube fan de hjoedeistige keunstromte. En op syn bar  hat de hjoeddeistige keunstromte syn yntrek nommen yn it fabryksgebou dat yn dizze post-Fordiaanske tiid syn oarspronklike funksje ferlern skynt te hawwen. Ferlern skynt te hawwen, want jo kinne jo ôffreegje oft in keunstromte ek net in soarte fan  fabryk is. Is in ynstitút lykas Keunsthûs SYB ek net in plak dêr’t dingen produsearre wurde? Dingen lykas bylden, mar ek keunstnersjargon, lifestyle, in set fan wearden…

Yn de tekst “Is a museum a factory?” omskriuwt Hito Steyerl it museum as de “flagship store van de culturele industrie, bemand door gretige vrijwilligers die er voor niets willen werken” (‘in flaggeskipwinkel fan de kuturele yndustry, mei in fûlbannige bemanning dy’t der fergees wurkje wol’). As dat sa is, freget Steyerl him ôf, hoe funksjonearje polityk engazjearre films dan yn dy kontekst?

Marianna Liosi en Alessandra Saviotti nimme de tekst fan Steyerl as paadwizer foar harren projekt “When spectators work, workers observe” (‘As de taskôger wurket, skôget de wurker ta’). Yn de kommende seis wiken sille beide kurators ûndersykje hokfoar posysje Keunsthûs SYB innimt as hjoeddeistich produksjebedriuw troch werom te gean nei de eardere funksje fan it perseel: in snobbersguodfabrykje. Yn de wurkperioade sille bern út it doarp in produksjeline opsette en foar de kommende feestdagen in foarried snobbersguod oanlizze. Se wurde dêrby holpen troch in profesjoneel swietguodmakker, de kurators, meiwurkers en frijwilligers Fan SYB. It hiele proses – fan de ienfâldige grûnstoffen en de rouwe elastyske klobbe dêr’t snobguod út makke wurdt oant de kreaze steapels doaskes mei sels ûntwurpen etiket en merklogo – sil filme wurde troch de keunstners Marcel Dickhage en Cathleen Schuster. Yn gearwurking mei Liosi en Saviotti ûntwikkelje sy in filmskript om it byldmateriaal te sammeljen en te ferwurkjen ta in film dêr’t de aktuele diskusje oer ‘de keunstromte as fabryk’ en ‘it fabryk as keunstromte’ sintraal yn stiet. De film sil toand  wurde by de einpresintaasje yn Keunsthûs SYB.

Alessandra Saviotti en Marianna Liosi (Jan van Eyck Academie, Maastricht) dogge sûnt 2009 ûndersyk nei de ekonomyske krisis. Sintraal yn harren ûndersyk stiet it effekt dat it manifestearjen fan de krisis yn de streekrjochte libbensrûnte fan keunstners op harren wurk hat. Yn 2011 presintearren Saviotti en Liosi “The Nation of Art without a Future” yn it ramt fan it Art Trail Festival: National Interest yn Cork. De eksposysje wie de útkomste fan in ûndersyk nei hoe’t keunstners yn ‘e tiid fan ‘e finansjele krisis en besunigings yn Itaalje en Ierlân de problemen oanpakke en oerwinne. Op it ‘This Is Not A Gateway Festival’ yn Londen (2013) organisearren Saiotti en Liorsi in filmfertoaning en in diskusjegearkomste oer de natuerlike libbensrûnte as in entiteit dy’t misbrûkt wurdt troch politike macht ûnder de titel “De mienskiplike romte fan de Takomst”.

Marcel Dickhage en Cathleen Schuster (Jan van Eyck Akademie, Maastricht) wurkje sûnt 2001 tegearre oan in oeuvre dat typearre wurde kin as ‘krityske foarmjouwing’. As konseptueel keunstners wurkje se mei ferskate media lykas fotografy, fideo, objekten, ynstallaasjes en tekst. Harren wurk set út ‘e klassike fotografy wei út ein en komt ta stân yn in eksplikaasje mei fraachstikken oangeande bygelyks de tanimmende fleksibilisearring fan de arbeidsmerk en de effekten fan de globalisearring. In hieltyd weromkommend motyf is de ynteraksje tusken de begripen ‘dokumintêr’ en ‘fiktyf’.