27 August o/m 8 October 2014

IT KOMMEN EN GEAN FAN IN ÔFKAPPE BEAMBLÊD

Recensie door Anne van Leeuwen

blad2-b200px

Alle planten hawwe in eigen lûd. In skuorrend blêd gnjirret jin tusken de fingers: it sêfte kreakjen fan de nerven, ôfwiksele mei it iepenspringen fan de fleizige selluloaze, jout in karakteristyk, suver noflik lûd. De mutilaasje fan planten is foar ús in feit. It is ûnderdiel fan in konstruksjeproses troch ferneatiging dat oan ‘e basis leit fan ús beskaving. Allinnich simmerdeis al beweecht it oanienwei troch de loft yn it lûd fan gâns gersmeanders. Mar skuorren gean soms ek bûten harren oangename grinzen. Sa begûn de residinsje fan Sara Bjarland en Alexandra Duvekot mei in wiere amputaasje. By it besjen fan de Tropyske Kas yn Beetstersweach skuorde in frijwilliger in grut blêd fan in bananebeam en skonk dat oan Bjarland en Duvekot. It slachtoffer waard al ringen mei residint en dêrmei sette yn SYB in perioade út ein fan ûnfoarsjoen terminaal by inoar wenjen.

Mar hat in plant njonken in eigen lûd ek in stim? Duvekot ûndersocht dat earder yn The Plant Orchestra: in lûdsynstallaasje dêr’t sy mei in performance in tal planten yn tasjongt. De trillings dy’t se mei de planten útwiksele, fertaalde Duvekot dêrnei yn lûden dy’t in ôftaastend petear tusken minsk en plant suggerearje. Yn SYB fertelt Duvekot dat har wêzentlike ynteresse yn planten ûntstien wie mei in dream oer sjongend gers. Sûnt taast se de grins fan identifikaasje mei dy swijsume meibewenners ôf. Har ûndersyk rint dêrtroch parallel oan resint wittenskiplik ûndersyk nei de kommunikative feardichheden fan planten. Sa skriuwt Daniel Chamovitz yn syn What a Plant Knows oer it “sicht, lûd, gefoel, gehoar, ûnthâld en sels bewustwêzen” fan planten. It docht bliken dat planten wol deeglik kontinu kommunisearje: se reagearje op oanreitsjen, se stjoere troch lucht en grûn alderlei komplekse biogemyske sinjalen út, se sykje nije oriïntaasjepunten mei help fan ljocht en swiertekrêft en kinne sels foar in langer skoft ynformasje ‘opslaan’ en trochjaan. Duvekot hat yn har ûndersyk beammen belang by de besieling fan planten. Dy is foar it grutste part ynjûn troch ús eigen emoasjes en projeksjes en dêrmei foaral in minsklik begryp fan wêzen. Planten hawwe altiten al in wichtige rol spile yn alderlei folkswiisheden en medisinale tradysjes en ek hjoed-de-dei kenne wy se noch magyske krêften ta. Likegoed stean wy yn ús deistich libben dochs foaral fier fan de plant ôf. Duvekot grypt de residinsje yn SYB oan om in poadium te skeppen foar in wiere moeting mei de plant; in wêzen dêr’t wy neffens har allinnich echt mei yn oanrekking komme kinne as we ús eigen bewustwêzen genôch ferromje.

feuille1-b200px

Bjarland har ynteresse yn planten is dúdlik mear nei bûten ta rjochte. Har wurk fynt syn plak yn it healtsjuster tusken it natuerlike en it keunstmjittige: in domein dat sij faak ôftaast op ‘e râne fan libben en dea. Sa makke se earder foto’s fan ôftanke keamerplanten en ferfoarme se plestikken plantdekoraasjes ta wêzentlike nije foarmen. Yn SYB ferfolget sij har syktocht nei dat wat organysk is, mar yn it dekorative ek keunstmjittich blykt te wêzen en nei dat wat artifisjeel is, mar der lykwols libben út sjocht. Sa garre sy yn de tiid fan de residinsje sawol dea planteguod as ôftanke dweilen. Dy objekten ensenearre se yn SYB mei in hast animistyske sensitiviteit. Bjarland har wurk befreget op essinsjele wize de grins tusken kulturele objekten en natuerlike organismen. Har estetyske portretten dolle sadwaande oan de teoretyske fûneminten fan ús natuerbegryp. Wy definiearje natuer almeast frij wat maklik yn opposysje ta kultuer: as “alles wat net minsklik is, of troch de minsk makke.” Bjarland jout yn SYB in oare natuerdefinysje: as datjinge wat wy net kontrolearje of begrinzgje kinne. Natuer is dêrmei in systeem dat himsels foarmet, in ûnôfhinklike krêft, mar wol ien dêr’t wy yn grutte mjitte ôfhinklik fan binne. Om’t wy ús maatskippij sels meitsje en beskiede, wolle wy dy ôfhinklikens eins net mear erkenne. Dêr ferliezen we mei út it each dat wy wol deeglik diel útmeitsje fan de natuer. In konfrontaasje mei it natuerlike stelle we yn ús kultuer leafst sa lang mooglik út: oant we der ienris yn absolute sin mei konfrontearre wurde, yn in amerij tusken libben en dea.

Duvekot en Bjarland hawwe sa harren eigen reden om wêzentlike moetingens mei de natuer net langer út te stellen. Yn SYB organisearren sy dêrom foar buertbewenners en oare belangstellenden in dwaaltocht troch de omlizzende bosken ûnder lieding fan ekolooch Frank van den Haak. Al by de earste meters fan de kuiertocht die bliken dat it ûnderskied tusken it natuerlike en it kulturele suver ûnhâldber wie. Van den Haak omskreau it deunby lizzende park as natuer mei in “kultureel fernis” en de wyldere bosken fan Beetstersweach lieten ús dochs benammen sjen, hjir yn Duvekot har wurden, dat “natuur in Nederland wel is ingeplant, maar uiteindelijk gewoon een bos wordt.” De groep bewûndere net allinnich in protte natuerferskynsels, mar sammele ek al gau in soad ytbere organismen. Foar Van den Haak hat in goed begryp fan natuer profyt fan wat kulturele ferneatiging: “wannear’t it minsken ferbean wurdt om paddestuollen te sykjen, sille sy in beskate bân mei de natuer kwyt reitsje.” Under it kuierjen yn ‘e bosk bliek in moeting mei natuer dochs foaral praktysk animistysk neijage te wurden yn in continue priuwen. De kuier eindige dan ek mei in natuermiel, dêr’t de paddestuollen it meast betsjuttingsfolle natuerynsjoch by joegen yn in identifikaasje mei ús lichem.

It majestueuze stjerrende bananebeamblêd kaam dus net samar, as mediator tusken libben en dea, symbool te stean foar de hiele residinsjeperioade fan Bjarland en Duvekot. By de einpresintaasje yn SYB wie it blêd dan ek prominint oanwêzich. It kroeze en skuorde hieltiten fierder troch yn in dokumintêre fotorige fan de eigen fergonklikens. Yn in oare sintrale ynstallaasje krigen deade stikken natuer tsjin in grut grien fel papier op ‘en nij besieling. In fentilator brocht in arsjitektoanyske ynstallaasje fan tûken wer ta libben yn in ratteljend skaadspel. It bananeblêd makke syn rentree yn in koarte film dêr’t it in reis yn makket, begelaat troch stimmige oargelmuzyk, troch de moderate bosk fan SYB. Dy eksoat út Beetstersweach makket dêr in earste, en fuort ek lêtste, steatlike dûns troch de lokale natuer. De film waard suver fuortendaliks fuortset yn in performance dêr’t Bjarland, ûnder it dwylderich sjongen fan Duvekot, it blêd foar in lêste kear yn opfiert. Dêrnei teach in lytse staasje nei de eftertún fan SYB om dêr it bananebeamblêd yn in krekt fan foarm en mjitte makke grêf ûnder ierde te skikken.

Lykas alle oare planten hawwe beammen gjin stim, mar komme se ûnverwachte ta libben wannear’t jo se trochseagje. Dan kinne se it alderheislikst útraze tusken libben en dea. Bjarland en Duvekot litten yn SYB sjen dat it benammen de dea is dy’t ús wize kin op in libbene oanwêzichheid. It is dy spanning tusken dea en libben, tusken objekt en subjekt dy’t op natuerlike wize útspile is yn dizze residinsje. Dêrtroch rekket de presintaasje yn SYB ek oan de folle grutter en driuwender kwestje fan hoe’t wy natuer begripe yn relaasje ta ússels. It wurk fan Bjarland en Duvekot twingt einliks, yn úterste foarm, ta in lyksoartich ynsjoch. Beide keunstners wize ús op in ûngrypberens fan de natuer, op it ynsjoch – hjir omskreaun yn de wurden fan Timothy Morton – dat “natuer ynhinget tusken it godlike en it materiële. Fierôf fan yn himsels “natuerlik” te wêzen, sweeft natuer oer de dingen as in geast. It lit him net fiksearje yn al dy saken dy’t it opropt. Natuer is dus teplak op itselde terrein as “it subjekt,” in wêzen dat yn it hiele universum op ‘e syk giet nei de eigen refleksje, om dy nea te finen.” Troch ús dramatysk te wizen op de oanwezigens fan in subjektive natuer litte Duvekot en Bjarland sjen dat wy in soad stille meibewenners net serieus genôch nimme. Dy opmerksumens hâldt in potinsjeel polityk bewustwêzen yn: dêr’t net-minsklike entiteiten ek in stim yn krije kinne. Bruno Latour beskriuwt yn syn Politics of Nature hoe’t in ûnferwrikbere fiksaasje op de minsk as iennichst pratend subjekt in wiere demokrasy in ‘e wei stiet. Neffens Latour “fertsjinje netminsken folle mear as ivich en erflik de ûnwurdige, wat fulgêre rol te spyljen fan it objekt op it grutte poadium fan ‘e natuer.” It wurk fan Duvekot en Bjarland yn SYB draacht by oan it skeppen fan in realiteit dy’t nedich is om plant en minsk, tegearre as subjekt en objekt te fetsjen: oan in wrâld dêr’t natuer net inkeld yn definiearre wurdt yn opposysje ta ús bestean. In wêzentlik bewustwêzen fan de plantewrâld hâldt sa it polityk ûnthjit yn fan in wrâld dêr’t planten by einsluten in stim krije. Foar ‘t neist sille wy se nea net sjongen hearre, mar lit ús se yn alle gefal te wurd stean.

feuille2-b200px

oersetting: Ed Knotter