17 January 2017

“Sa letterlik folget de praktyk it skript einliks nea”

door Menno Vuister

Oer it wurk fan Feiko Beckers
Tekst: Menno Vuister
Oersetting: Ed Knotter

Somtiden bekrûpt my it gefoel dat de hjoeddeistige keunst de gewoane minske folslein kwytrekke is. In wêzentlik part fan de hjoeddeiske keunst is nammentlik ûntaarde yn in grimelgrammel fan keunstnerspraktiken dy’t typearre wurde troch in ekstreme ûngelikensens oan objekten dy’t sy opsmite. Boppedat wurdt yn dy keunstnerspraktiken hiel faak besocht om komplekse maatskiplike, politike of wittenskiplike ûnderwerpen benei te kommen. De mooglikheid om dy keunstfoarmen te ynterpretearjen, hinget dêrom faak ôf fan de kennis dy’t de taskôger fan de behannele ûnderwerpen hat. Underwerpen dy’t eins allinnich tagonklik binne foar dyjingen dy’t har dêr beropsmjittich mei dwaande hâlde. Hoewol’t ik sûnder muoite doar te stellen dat hjoeddeiske keunst net maklik hoecht te wêzen, moat ik tusken de mannichte oan tydlike ynstallaasjes en konseptuele projekten faak tinke: hokfoar wearde hat hjoeddeiske keunst yn it deistich libben?

De praktyk fan Feiko Beckers (1983) liket op it earste gesicht in skoalfoarbyld fan de hjoeddeiske keunst dy’t ik hjirboppe as problematysk bestimpele. De yn Fryslân berne keunstner makket performances en fideo’s, njonken dekôrstikken en skulpturale objekten dy’t én ûnderdiel binne fan wat der him yn de fideo’s en performances ôfspilet, én as rekwisieten tentoansteld wurde, dy’t ferwize nei wat der earder plakfûn hat – of krekt noch plakfine sil. Yn dat opsjoch is de praktyk fan Beckers der by útstek ien dy’t de fraach opropt wat no krekt it wurk fan de keunstner is en – as dy fraach beändere wurde kin – hoe’t dat wurk besjen wurde moatte soe.

Lykwols wit it wurk fan Feiko Beckers him op in nijsgjirrige wize te ûnderskieden fan krekt dat earder neamde problematyske karakter fan beskate hjoeddeistige keunst. Yn tsjinstelling ta de komplekse politike, maatskiplike of wittenskiplike fraachstikken dy’t de hjoeddeistige keunst karakterisearje, set Beckers syn wurk út ein by persoanlike foarfallen: hy docht eksperiminten om te reflektearjen op de wrâld om him hinne. Betide wurken lykas Thirteen attempts to slip over a banana peel (2005) en An attempt to get struck on the head by a falling plant knocked over by my cat (2007) lykje op besykje út te finen oft twa faak foarkommende cartoon-ûngemakken yn werkelikheid ek plakfine kinne soenen; en yn bygelyks Three Options (2011) lit Beckers syn mem opdrachten útfiere wylst er sels wiidweidich op ’e tekst is oer âlden dy’t bang binne dat har bern wat oandien is.

Hoewol’t de earstneamde wurken lang sa persoanlik net binne as Three Options, sit him de krêft eins al yn de titels. It brûken fan it wurd attempt – ‘besykjen om te’ – wiist sawol op it feit dat Beckers ûndersykjenderwize tewurk giet, as op in keunstner dy’t net bang is de grinzen fan syn eigen comfort zone ôf te taasten. Sels as it giet om in performance dêr’t Beckers yn fan in ljedder falt yn it bywêzen fan syn mem (A story about my fathers heart attack/Hanging up a family portrait with my mother, 2011); of wannear’t de keunstner yn dialooch giet oer wêrom’t er in goefreon net meinimme wol nei syn favorite Italjaanske restaurant (A conversation is a risk to lose your own opinion, 2015); of wanneer’t er útleit wêrom’t er it mier hat oan sofa’s (Why I don’t own a sofa, 2016) is Beckers net bang om himsels yn ’t belang fan wurk sear te dwaan. By útstek it bêste foarbyld dêrfan is de fideo Accident with a red car (2010), wêryn’t de keunstner mei in read autoke tsjin in blok beton rydt.

Hoewol’t Accident with a red car, likegoed as de oare foarbylden, jin tinke lit as soe Beckers oanienwei op syk wêze nei pynlike of ûngemaklike situaasjes, is dat net wêr’t it de keunstner om te rêden is. fanselssprekkend bringt it organisearjen fan in autoûngemak gefaar mei, mar de kearn fan it wurk sit him just net yn de fysike impact. Neidat Beckers earder belutsen wie by in autoûngemak op de Dútske autowei (keunstner en meipassazjiers stapten sûn en wol út ’e auto) betocht er it keunstwurk as in manier om de angel út ’e earnst fan de situaasje te heljen. De auto wie spesjaal kocht foar it evenemint, oer de sydkant fan de auto hie Beckers in houten boerd pleatst mei dêrop in tekene auto mei de noas al ferknûkele, en it sloopbedriuw wie ek al belle. It sabeare ûngemak mei de reade auto wie dêrmei it sa ideaal mooglike ûngemak. Of better sein: der wie hielendal gjin sprake fan in ûngemak.

Troch de oarspronklike situaasje – it wiere autoûngemak – op sa’n wize te dekonstruearjen, hat Beckers it klear krige om in aaklike ûnderfining te neutralisearjen. Fan in dramatyske situaasje makke er in evenemint dêr’t alle dramatyske faktoaren út weisnien wienen en der, yn stee fan in ferheftich werbelibjen, krekt drûge humor yn in artistyk jaske ûntstie. It gefaar dêr’t Beckers himsels yn brocht troch mei in auto op in blok beton yn te riden, is foar de keunstner dan ek neat oars as de logyske konsekwinsje fan syn idee om it barren in plak te jaan. It is krekt dêrom dat de krêft fan Accident with a red car net leit yn it skynbere gefaar, mar yn de útwurking fan de fideo op de taskôger.

Troch de drûge registraasje en komyske ienfâld fan it ensenearre ûngemak giet de fideo op ferrassende wize yn tsjin it ferwachtingspatroan fan de sjogger. De titel fan it wurk sprekt eins mar in bytsje ta de ferbylding, mar dochs wurde jo as sjogger konfrontearre mei de ûnbewuste kondisjonearring fan deistige media. Wylst de auto gong makket rjochting it beton ferwachtsje jo sûndermis in ‘plottwist’, in ferrassend kearpunt, of op syn minst in punch line, mar dat bart allegearre net. De auto botst op it beton, it ûngemak is ta útfier brocht en hoewol’t Beckers dêr letterlik útfiert wat de titel fan it wurk belooft, bliuwe jo as sjogger in bytsje fertize efter. Sa letterlik folget de praktyk it skript einliks nea.

Accident with a red car is symptomatysk foar it taalspul dat in aloan wichtigere rol krige hat yn it oeuvre fan Beckers. Troch krekt letterlik út te fieren wat er betinkt, en troch eleminten op in simpele, drûge en faak komyske wize te brûken, boartet de keunstner mei it ferwachtingspatroan fan de taskôger en trochbrekt er geregeld de slim oan te wizen grinzen fan de performance of fideo. Wannear’t Beckers bygelyks syn heit of mem yn syn wurk brûkt, yntrodusearret er harren drûchwei. Hy lit der gjin twifel oer bestean dat it dan echt om ien fan syn âlden giet. Foar de taskôger lit er sa in faaks ûngemaklike situaasje ûntaardzje yn in humoristyske, útmakke saak.

Yn tsjinstelling ta Accident wurdt yn oare wurken mannichkear gebrûk makke fan sprutsen taal. Beckers skriuwt skripts en aktearret (al as net mei oaren) ferhalen dy’t gean oer syn tûkelteammen yn it libben en pynlike sosjale situaasjes. De keunstner behannelet dêryn hieltyd ien of mear wierbarde situaasjes dêr’t er in oplossing foar betinkt, om dêrnei – al fertellend – út ’e doeken te dwaan dat de fûne oplossingen ek net wurkje. Sa giet er yn de ynstallaasje The Inevitable Others (2016) – dy’t Beckers makke as resultaat fan syn ferbliuw yn Keunsthûs Syb – yn op trije foarbylden dêr’t er yn besiket om lestige sosjale situaasjes foar te kommen. Sa sjocht de keunstner der bygelyks it nut net fan yn om mei oaren nei de bioskoop te gean, omdat dy persoanen allinnich mar yn it tsjuster neist him sitte. Om lykwols ûnbehindere en allinnich nei de film te kinnen, en net dochs noch yn de rige of yn de seal kunde tsjin te kommen, besiket Beckers sa koart mooglik foar it begjin fan de foarstelling nei de bioskoop ta te gean. Hoewol’t er dêrtroch net yn de rige hoecht te stean en ûngemurken de seal ynrinne kinne soe, is it grutte neidiel dat Beckers te let is en dêrtroch de film net mear sjen kin.

Yn in twadde casus yllustrearret Beckers in besykjen om ûnbehindere oer strjitte te rinnen sûnder in praatsje mei bekenden meitsje te hoege troch ûnder it lopen hiel lulk te sjen. It effekt is lykwols dat it troch syn lulke troanje krekt liket dat er om help siket. Sadwaande wurdt er krekt faker oansprutsen, en no sels ek nog troch ûnbekenden.

It fertellen fan de trije ferhalen dy’t Beckers ferdútst is net it iennichste dat yn The Inevitable Others bart. Yn talkshow-format yntrodusearret Beckers yn elts ferhaal hieltyd ien gast. De gasten komme lykwols net oan ’t wurd en de ferhalen wurde ôfwiksele mei muzikale yntermezzo’s dêr’t njonken de muzikant ek de romte bûten it dekôr yn sichtber is. Sa barre der om de fertellende keunstner dus noch in oantal opmerklike dingen mei effekten dy’t Beckers syn keunst krêft bysette. De net-pratende gasten yn de talkshow spylje nei harren yntroduksje gjin rol mear, mar harren oanwêzigens ferwiist alwer nei de titel fan it wurk. Ek wannear’t Beckers syn ferhaal allinnich fertelle wol, is der troch it tapaste talkshow-format foar him dochs de needsaak om der oaren by te belûken. It muzikale yntermezzo, en it fuortdraaien fan de kamera dat dêrmei anneks is, soargje sawol foar in komysk effekt as foar it trochbrekken fan de skynwerkelikheid dy’t kreëarre wurdt troch it dekôr.

Mei de anekdoaten dy’t Beckers fertelt, dy’t ek de ûntsteansskiednis fan it wurk útlizze, soargje alle eleminten yn it wurk foar demystifikaasje. It wurk hat it oer in oanwaaksende maatskiplike kwestje yn de (Nederlânske) maatskippij: it ferlet om allinnich te wêzen, mar de keunstner fertelt dêr út eigen ûnderfining wei oer. De aloan mislearjende oplossingen wurkje ek demystifisearjend. Se litte sjen dat in folslein logyske tinkwize yn teory trochstrings in goede oplossing liket te wêzen, wylst dat yn ’e praktyk faak net sa ûndûbeldsinnich blykt út te pakken. De taskôger wurdt him dêrfan bewust makke mei help fan anekdoaten grôtfol mei (drûge) humor, om sa te begripen dat de werklikheid feitlik altyd krekt justjes oars yninoar sit as dat wy dy yn ’e holle hawwe kinne.

Hoewol’t de kombinaasje fan ferskillende artistike aspekten, wêrûnder skreaune tekst, aktearwurk, it selsboude dekôr, de úteinlike fideo en de ynstallaasje as gehiel, it yngewikkeld makket om antwurd te jaan op de fraach wat no krekt it wurk fan de keunstner is, is krekt dy fraach folslein ûnbelangryk om it wurk fan Beckers ynterpretearje te kinnen. Troch it tapassen fan demystifikaasje, yn de foarm fan anekdoaten, humor en hieltiid in skynber ienfâldige, mar trochtochte kar fan de keunstner, is it wurk te besjen as dat fan in praktysk filosoof. Troch syn persoanlike prakkesaasjes fuort yn te setten, wurkje de fideo’s fan Beckers ûntwapenjend en stelle se de keunstner yn steat syn eigen ferhaal te fertellen. In ferhaal fan in yndividu dat besiket om ta better ynsjoch te kommen oer de wrâld om him hinne. De wize dêr’t Beckers dat op kommunisearret set jin sawol oan ta neitinken as dat it ferdivedearret en jin yn it moed taast. Benammen mei de komplekse situaasje fan de hjoeddeistige keunst yn ’e efterholle, wurket dat treffend.