7 November o/m 22 December 2016

THE INEVITABLE OTHERS

Residency Feiko Beckers

Yn 1838 stjoerde de Frânske skriuwer Gustave Flaubert de ienfâldige kopiïsten François Bouvard en Juste Pécuchet út Parys der mei in grutte sek mei jild op út. Yn in efterôfplakje kochten de beide manlju in lânhûs, harren base d’operation parfait! Dêr koene de kantoarklerken mei harren yntellektuele ambysjes harren yn alle stilte talizze op in ferskaat oan wittenskiplike en pseudowittenskiplike teoryen, op syk nei it grutte sukses. De eksperiminten rûnen lykwols op neat út: harren meloenen smakken nei pompoenen, it destillaat ûntplofte, de selsmedikaasje dy’t se betocht hiene, makke harrensels siik en harren humanistyske teoryen wiene bespotlik. Mar it pakte earst folslein ferkeard út doe’t se mei harren selsûntwikkele reseptuer in boeredochter mei kinkhoast op it rântsje fan de dea brochten.

Bouvard en Pécuchet dript fan Flauberts minachtsjen foar swide plannen en foar wat de Dútske keunstkritikus Jan Verwoert “extreme complexiteitsreductie” neamt, of de oanstriid om it libben draachliker en oersichtliker te meitsjen troch it oant yn it ekstreme te simplifisearjen. Der is lykwols ien komponint dat dy swide plannen en ekstreme simplifikaasje yn ’e wei stiet en úteinlijk mislearje lit, en dat is de meiminske.

De mislearringen, it ûngemak en de sjenante situaasjes dy’t ûntsteane yn de ynteraksje mei de meiminske, steane sintraal yn it wurk fan Feiko Beckers. Yn syn fideo’s en útfieringen besiket er fet te krijen op situaasjes út syn eigen persoanlik libben. Situaasjes dêr’t freonen of famyljeleden faak in wichtige rol by spylje. Sa siket er yn Slow and gradual (2012) nei in wize om ôfskied te nimmen fan in freondinne dy’t foargoed nei Taiwan ferhuzet, wylst er yn de útfiering No chance of success whatsoever (2012) besiket om te gean mei it skamtegefoel dat er foar syn heit hat. Dy en oare fraachstikken yn it wurk fan Beckers besteane yn de kleau tusken dat wat de minske wol en dat wat de wrâld him tastiet en te bieden hat. Syn útfieringen en fideo’s grinzje oan it absurde en flirte mei de slapstick, wylst de taskôger dy’t de tema’s werom ken, fuortdaliks tinke moat oan de kleau tusken winsk en werklikheid yn syn eigen relaasjes.

Yn Keunsthûs SYB sil Feiko Beckers yn in hjoeddeiske ferzje fan Bouvard en Pécuchet it plattelân fan Beetstersweach opsykje om dêr syn tiid te wijen oan it foarmjen fan teoryen en strategyen om mei de deistige en minder deistsige beskingen fan it libben omgean te kinnen. Mar yn tsjinstelling ta de sukkelers fan Flaubert stelt Beckers (stiet) de doar fan syn laboratoarium wol foar de meiminske iepen. Beckers nûget freonen, famylje en kollega-keunstners út om oan de losse triedsjes yn syn teoryen te lûken, syn strategyen yn ’e war te skoppen en syn befiningen te befreegjen. Dy útlis mei de meiminske foarmet úteinlik de basis foar in searje koarte fideo’s dy’t nei ôfrin fan de wurkperioade te sjen wêze sil yn Keunsthûs SYB.

Oer de keunstner
Feiko Beckers (Wytmarsum, 1983) wennet en wurket yn Brussel. Hy studearre oan Akademy Minerva yn Grins en it Californian College of the Arts yn San Francisco en hold twa jier oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam ta (2010-2011). Yn 2015 wie syn wurk te sjen yn twa solo-útstallingen: Where everything is safe and sound by Jeanine Hofland yn Amsterdam en A conversation is a risk to loose your own opinion yn Le CAP, Lyon.