SKIEDNIS

De doelstelling fan Keunsthûs SYB leit streekrjocht yn it ferlingde fan wat Sybren Hellinga (1926-2000) him as libbensdoel stelde. Syb Hellinga behearde fan 1995 oant 2000 in ‘ideële galery’ op ’e Sweach. Hy nûge talintfolle, begjinnende keunstners út foar eksposysjes. Fakentiids wienen dat keunstners dy’t it eksperimint en de fernijing net út ’e wei gienen.
Utgongspunt by dat alles wie it langstyme nei en it lueaen yn in nije, minskweardige wrâld. Hellinga hie fertrouwen yn de hjoeddeistige keunstner dyt, nei syn miening, by steat wie om dy wrâld te kreëarjen.

‘By it ynkommen yn de galery jout it âlde, neare part, it tsjustere yn it minsklik libben oan. Dêrnei komme jo yn it nije part. Jo komme deryn troch âlde finsters, dy’t útbrutsen bunne. Om de nije romte is in grutte glêzen fasade boud, wêrtroch’t alles yn in see fan ljocht baait: in útsjoch op de komst fan in bettere wrâld foar elkenien.’ (Syb Hellinga)

As Syb siik wurdt, begjint er mei in tal minsken oan de oprjochting fan Stichting Syb en it opsetten fan de organisaasje dêrfan. Nei syn dea yn 2000 lit er it pân en syn ideology nei oan Stichting Syb mei de twingende winsk dat Keunsthûs SYB fuortbestean sil as poadium foar jonge keunstners. Emmie Muller, Anja Swint en neef Chris Hellinga hawwe beskiedend west yn dy oergongsperioade en foar it fierdere sukses fan Keunsthûs SYB.

It pân is in ryksmonumint.

sybren-hellinga

Skiednis fan it hûs

It Hûs mei de Earn: It anker yn de gevel draacht it jiertal 1754, mar it pân is folle âlder. Yn it begjin fan de 18e iuw wie Johannes Lammerts de earste eigener. Hy ferkocht it yn 1734 oan de linnewevers Johannes Hoytes en Martsen Johannes foar 158 goudgûnen en 7 stuorren. Yn 1753 wurdt it pân wer fan de hân dien. De timmerman Sake Annes keapet en ferbout it hûs, ûnder oare troch it te ferheegjen mei in ferdjipping.

Mei it gevelanker leit er it ferbouwingsjier fêst. We meie oannimme, dat de no noch oanwêzige earn doe op de skoarstien set is. Nije bewenners, mei útienrinnende beroppen as eksekuteur, arbeider, meirjochter of feedokter, komme en gean. Guon bliuwe koart; oare bewenners, lykas de famylje Gosses, generaasjes lang.

vroeger2

Het Huis met de Arend

Schroor’s Bûterbaltsjes: Op in iepenbiere feiling yn 1890 wurdt it hûs mei de earn foar 2100 gûne ferkocht oan Bouwe Durks Schroor (1864 -1929 ), beurtskipper en winkelman. Hy fêstiget der in winkel dêr ‘t ûnder oaren de ferneamde ‘Van Ouds Beroemde Schroor’s Friesche Boterballetjes’ (nei geheim resept fan heit Schroor) fabrisearre en ferkocht waarden. Bouwe syn soan, Theodoor Schroor, beëiniget yn 1986 – hy wie doe 88 jier âld – de fabrikaazje fan de bûterbaltsjes. Salang’t it fabrykje yn bedriuw wie, jilde mei it each op geheimhâlding fan it resept oant it lêst ta: tagong ferbean foar lju sûnder foech.

Galery Hellinga: Nei it ferstjerren fan it echtpear Schroor keapet de gemeente Beetstersweach it perseel op as ûnderdiel fan de foar wenningbou nedige grûn. Syb Hellinga wurdt de nije eigener fan it snobberswinkeltsje. Nei in yngeande ferbouwing en restauraasje iepenet er op Befrijingsdei 1995 syn lang koestere dream: galery Hellinga.

vroeger1