1 July o/m 15 August 2021

Inge Meijer: Community Garden

Residinsje

Image: Catalina Suescún P.

Fan 1 july ôf ferwolkommet Keunsthûs SYB Inge Meijer, dy’t oant en mei 15 augustus te gast is. Inge wurket wilens har residinsje oan Community Garden; in projekt dêr’t hja ûndersyk yn docht nei hoe’t wy de publike romte – dy’t no ornearre is foar auto’s – ynsette kinne foar tunen dêr’t elkenien gebrûk fan meitsje kin.

It idee foar Community Garden is ûntstien nei it lêzen oer de projekten fan it Nederlânske duo Fokke van Katwijk & Bram Bos en de Kolombiaanske Duván Antonio Ramírez. Van Katwijk & Bos seagen yn 1998 it dak iepen fan Van Katwijk syn Toyota Corolla, stoarten de auto healfol mei túnierde en setten der planten yn. De autotún hat 6 jier bestien op it parkearplak yn Amsterdam Súd. Duván Antonio Ramírez boude in installaasje foar syn auto dêr’t er sels kweekte planten mei rûnbringt troch de strjitten fan Medellín (nei Bogota de grutste stêd fan Kolombia).

Autotuin, Fokke van Katwijk en Bram Bos, 1998.

Inge is troch de projekten fan Van Katwijk & Bos en Ramírez ynspirearre rekke om nei te tinken oer publike romte; romte dy’t bygelyks ornearre is foar auto’s en hoe’t we dy mooglik ek oars brûke kinne. Yn de perioadecfan har residinsje yn Keunsthûs SYB brûkt Inge har eigen auto as útgongspunt foar in prototype fan in Mienskipstún (Community Garden).

Inge docht dêrnjonken ûndersyk nei de funksje fan (tún)mienskippen, troch in gearwurking oan te gean mei de Tropyske Kas op ’e Sweach. Sa wol se yn it simmerskoft as frijwilliger helpe om de planten wetter te jaan. “Troch mei te wurkjen mei de griengroep, bakploech en wetterjouwers fan de Tropyske Kas wol ik leare oer de planten en it funksjonearjen fan dy mienskip. Dy ûnderfiningen sille bydrage oan it ûntwerpen fan de Community Garden. It doel fan it projekt is om op in oare wize nei romte te sjen en troch de ferbylding nije mooglikheden ta fergrienjen te skeppen.”

Har wurkproses en it ûndersyk nei de funksje fan (tún)mienskippen sille omset wurde yn in film. Yn de residinsjeperioade fan Inge is Keunsthûs SYB sneons en sneins iepen fan 13:00 – 17:00 oere, ûnder foarbehâld fan de maatregels oangeande it koroanafirus.

Oer de keunstner
Inge Meijer foltôge in BA oan de ArtEZ Academy of Fine Arts and Design yn 2012 en foltôge yn 2017 de twajierrige residinsje oan de Rijksakademie van Beeldende Kunsten te Amsterdam. Har wurk hat tentoansteld west yn ynstellingen en galerys sawol yn Amsterdam – dêr’t hja fêstige is – as yn it bûtenlân, ûnder oaren it Stedelijk Museum Amsterdam, UNSEEN, Museum Arnhem, en it Asia Culture Center yn Gwangju, Súd-Korea. Har wurk wurdt fertsjintwurdige troch Galerie Akinci en har publikassje The Plant Collection waard yn 2020 selektearre foar de Best Verzorgde Boeken.