22 November o/m 31 December 2017

OP ‘E SIIK NEI DE TAKOMST

Iepen oprop oan skriuwers en muzikanten

Yn ‘e maitiid fan 2018 sille komponist/muzikant Sjoerd Leijten en keunstner/skriuwer Stijn Verhoeff residint wêze by Keunsthûs SYB.

Foar harren filmprojekt IN SEARCH OF THE FUTURE binne hja op ‘e siik nei skreaune ferhalen oer de takomst. Hawwe jo ideeën oer hoe’t de takomst der út sjen sil? Hawwe jo foar eagen wat der mei it lânskip bard wêze sil? Hoe’t de minsken mei-inoar prate? Wêr’t se yn leauwe, hokfoar rol oft de bisten op har nommen hawwe of hoe’t de technology him ûntwikkele hat? Skriuw dan in monolooch, dialooch of groepspetear fan maksimaal 2000 wurden.

Rjochtlinen binne: a) it petear fynt plak yn it hjoed en giet oer de takomst, b) it ferbyldzjen fan in mooglike takomst stiet sintraal, c) it kin in ympresje wêze en hoecht gjin útwurke ferhaal mei karakterûntjouwing of plot te wêzen, d) de tekst hoecht gjin folsleine, koherinte wrâld te ferbyldzjen, mar mei ien ûnderwerp beljochtsje (bygelyks de takomst fan it plattelân, de relaasje mei it ferline, in nije ideology, ynterseksualiteit, iten, …), e) it petear fynt plak op in ienfâldige lokaasje (bygelyks yn it kafee, op ‘e souder, ûnder it kuierjen troch de bosk) en f) de tekst kin sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk skreaun wurde (by in Fryske tekst graach in koarte synopsis yn it Nederlânsk).

Foar fragen, mail Stijn Verhoeff: svff@protonmail.com
Foar harren filmprojekt IN SEARCH OF THE FUTURE eksplorearje Sjoerd Leijten en Stijn Verhoeff de klankwrâld fan Beetstersweach. Dêrom binne hja op ‘e siik nei muzikanten út ‘e Sweach en omkriten, fan wa’t sang en klang him op in direkte of yndirekte wize ferhâlde ta it lânskip. Yn gearwurking mei dy muzikanten wolle wy in bysûndere soundtrack foar de film meitsje, dêr’t tradysje en takomst har mei-inoar yn ferminge. Bespylje jo in ynstrumint? Sjonge jo Fryske lieten, spylje jo klassike muzyk, improvisearje jo of meitsje jo oarsoarte muzyk? En hawwe jo niget oan in gearwurkingsferbân? Nim dan kontakt mei ús op!

Sawol solomuzikanten, as groepkes, ensembles en oare foarmen fan mei-inoar spyljen binne wolkom om har te oppenearjen. Jo kinne ús ek eventuele demo’s, skeakels (links), soundclouds, ensfh. tastjoere fia it ûndersteande e-mailadres. Cd’s, kassettebantjes of oare fysike lûdsdragers kinne stjoerd wurde nei it ûndersteande adres.

Sjoerd Leijten, Krugerstraat 3D, 1091 LB Amsterdam

Foar demo’s, skeakels en fragen, mail Sjoerd Leijten op: numina@protonmail.com

KAPDATUM: 31 desimber 2017