1 August o/m 10 September 2017

Drach

Residency Josje Hattink

Yn it Atlanticum (8000 – 5000 f. Kr.) bestie de boaiem fan Fryslân, Grinslân en Drinte noch foar in grut part út sompe. Yn dat wide, sodzige moeraslân, krigen soerstof en baktearjes amperoan de kâns om de ôfstoarne planteresten te fertarren. Oer tûzenen jierren ûntstienen út de deade planteresten meterstsjokke lagen fean, in boarne fan fossile brânstof dy’t de doarpen yn de feangebieten, sa ek Beetstersweach, likefolle woltier as earmoede brocht hat.

It ferfeantsjen hat djippe spoaren neilitten yn it gea: turfstekke, petgatten en setfjilden. Hânarbeid op lytse skaal ûntwikkele him yn de 19e iuw ta grutskalige yndustriële feanterij. Baggelbûgels (ek wol leike of leikbûgel) en baggermasinen; it binne wurden dy’t suver út ’e taal ferdwûn binne, mar de spoaren fan dat soarte ark binne noch altiten te lêzen yn de feankriten yn Nederlân.

De Nederlânske keunstner Josje Hattink (1990, Amstelfean) bestudearret al goed in jier de geografyske en kulturele skiednis fan de feangebieten om Beetstersweach hinne. Foar SYB hat hja in ôfwikseljend publyksprogramma gearstald mei foarstellings, petearen mei keunstners, wurkgroepen en in ekskurzje oer fean, turf en it feanlânskip.

It programma giet foarôf oan in residinsje-perioade yn Keunsthûs SYB fan seis wiken. Yn de tiid fan har ferbliuw ûndersiket Josje Hattink yn hoefier de bewenners fan ’e Sweach en omkriten har noch ferbûn fiele mei it fean (of ‘drach’ yn it Aldfrysk), it materiaal dat sa’n wichtige rol spile hat yn it libben fan in protte fan harren foarâlden. Wat betsjutte de feanlannen noch foar har? Tagelyk ferkent Hattink de skulpturale kwaliteit fan it fean en de lege romte dy’t it efterlit yn it lânskip, troch yn en om it keunsthûs ynstallaasjes te meitsjen mei fean en turf. Hattink lit har dêrby ynspirearje troch foarmen dy’t typysk binne foar de feanterij, lykas turfheappen en –klampen, setfjilden en petgatten. Yn har ûndersyk wurket hja gear mei Theun de Leeuw, de lêste kommersjele turfstekker fan Nederlân en Theo Spek, heechlearaar lânskipsskiednis oan de universiteit fan Grins.

Josje Hattink studearre byldzjende keunst oan de Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten yn De Haach. Sy die mei oan ferskate groepseksposysjes en residinsjes, wêrûnder Atelier Austmarka (Austmarka, Noarwegen) en De Satellietgroep, artist in residence ‘De Zandmotor’ yn Villa Ockenburgh yn Loosduinen. It wurk fan Josje Hattink is gear te fetsjen yn in ienfâldige fraach: wannear’tsto in kûle graafst, ûntstiet dan automatysk in berch? Foar Hattink is it ferkennen fan materialiteit, folume en negative romte in wize om te begripen hoe’t de wrâld om ús hinne opboud is en funksjonearret.

Mei tank oan:

M

VSBfonds PAY-OFF CMYK


van Teyens Fundatie