it moaiste wurd

Workshop foar bern

Schermafbeelding_2018-03-23_om_11_21_28_4d3

Yn oansluting op it projekt fan Rosie Heinrich oer de stim, taal en self-storytelling organisearret Keunsthûs SYB ûnder lieding fan Hester Veenstra op sneon 7 april fan 13:00 oere ôf in edukative workhop foar bern fan 7 o/m 12 jier.

Wat fynsto it moaiste Fryske wurd?
Miskien is it in wurd datst faak brûkst of hearst? In wurd mei in spesjale betsjutting? Of deagewoan in wurd mei in moaie klank. Mei dy fragen sille bern oan ’e gong yn de workshop IT MOAISTE WURD. Mei help fan kollaazfe mei ûnderskate materialen ferbyldzje hja harren “moaiste Fryske wurd”. Dêr skriuwe hja in koarte útliz by, wêrom oft hja it keazen wurd it moaiste fine.

Wolsto meidwaan? Meld dy dan fluch oan op info@kunsthuissyb.nl

De einresultaten fan de workshop wurde tentoansteld yn Keunsthûs SYB op 7 en 8 april van 13:00 – 17:00 oere.

Datum: 7 april 2018
Lokaasje: Keunsthûs SYB, Beetstersweach
Tiid: 13:00 – 14:30