SYB ON AIR

Gearwurking Keunsthûs SYB & Zomaar Radio

Screenshot-2018-3-21 Zomaar Radio

By it projekt fan Rosie Heinrich set SYB út ein mei in gearwurking mei Zomaar Radio. Yn de pilot útstjoering fan SYB ON AIR gean Rosie Heinrich en Céline Mattieu (keunstner en skriuwer foar it skriuwersprogram fan SYB) in petear oan, dat We always need heroes as startpunt nimt.

Zomaar Radio is in op mienskip rjochte radiostasjon dat yn ’e mande mei artysten en oare entûsjastelingen yn Noard Nederlân eksperimintearret mei it medium ynternet-radio.
Zomaar Radio is in ûnôfhinklik stasjon dat operearret út ’e thúsbasis Vera yn Grins wei. Dêrnjonken fine ek útstjoeringen plak út bygelyks Café Neushoorn yn Ljouwert wei, mar ek ad hoc op oare lokaasjes en eveneminten.

De earste ôflevering fan SYB ON AIR sil meikoarten te beharkjen wêze op www.zomaarradio.nl en op Mixcloud. Sykje Zomaar ek op Facebook