20 October 2017 o/m 31 January 2018

Iepen oprop Keunsthûs SYB 2019-2020

nijs

banner_OC-metroM

Iepen oprop Keunsthûs SYB 2019-2020 foar keunstners dy’t wenje en wurkje yn Nederlân

SYB stimulearret en fasilitearret ûndersyk, eksperimint en nije gearwurkingsferbannen. Keunstners wurde op basis fan in projektútstel útnûge om seis wike yn it hûs oan ‘e Haadstrjitte, midden yn ‘e buorren fan Beetstersweach, te wurkjen en te ferbliuwen. Alle wykeinen binne de doarren fan SYB iepen foar publyk om it wurkproses folgje te kinnen. De wurkperioade wurdt ôfsletten mei in presintaasje.

SYB stiet iepen foar keunstners dy’t djipdollend artistyk ûndersyk dwaan wolle om in nije stap te setten yn de ûntjouwing fan harren wurk. Dêrnjonken sykje wy keunstners dy’t projekten mei de fokus op de partisipaasje fan it doarp en de regio opsette wolle.

(Sjoch ek op ús webstek foar mear ynformaasje oer eardere projekten)

Keunstners kinne in projektútstel yntsjinje dêr’t it ûndersyk, de doelstelling, de wurkwize en it foar eagen stelde gearwurkingsferbân omskreaun wurde. It projektútstel moat aktuele dokumintaasje en in C.V. oan taheakke wurde.

Yn ‘e tiid fan de residinsje hat de keunstner it folsleine hûs ta syn foldwaan. SYB biedt dêrnjonken organisatoaryske begelieding, artistike feedback fan SYB’s programmearringskommisje en skriuwersprogram, publisiteit en in (ein)presintaasje yn SYB.

Keunsthûs SYB kriget stipe fan it Mondriaan Fonds en dêrnjonken freegje wy op projektbasis by ferskate publike en partikuliere fûnsen bydragen oan om de residinsjes en projekten mooglik te meitsjen.

Oanmeldingsproseduere:

De oanmelding foar in residinsje yn SYB bestiet út*:

in projektplan dêr’t it ûndersyk, it doel, de wurkwize en de winske gearwurking yn definiearre wurde (maks. 500 wurden)

in algemiene omskriuwing fan jo wurk, artist statement (maks. 300 wurden)

motivearringsbrief; de reden foar jo ynteresse yn in residinsje yn SYB en op hokfoar wize oft jo jo wurk of praktyk ûntwikkelje wolle in de residinsjeperioade yn SYB (maks. 300 wurden)

dokumintaasje (maks. 7 ôfbyldings, fideo/film op vimeo- of youtube-skeakel)

in C.V. mei dêryn de neikommende ynformaasje: folsleine namme, bertedatum en berteplak, nasjionaliteit, adres, telefoannûmer, e-mailadres, webstek-adres

jou yn it útstel oan wannear’t jo yn 2019/20 beskikber wêze soenen foar in residinsje yn SYB

Tink derom: ferstjoer alles yn ien PDF nei project@kunsthuissyb.nl
kapdatum 31 jannewaris 2018

*Projektútstellen dy’t net folslein binne wurde net yn behanneling nommen.