5 June o/m 2 July 2017

Enough Rumours to Swing A Cat

Residency Alison Yip

Residential mural (sunken city style), Mount Pleasant, Vancouver 2014 by OK! Murals Residential mural (sunken city style), Mount Pleasant, Vancouver 2014 by OK! Murals

Residency Alison Yip Yn de tiid fan har ferbliuw rjochtet Yip har omtinken op it 300 jier âlde bouwurk dêr’t Keunsthûs SYB yn festige is. It gebou is in ikoan wurden foar residinsjes en Yip sil mei troch harsels ûntwikkele metoaden foar muorreskilderingen en romtlike yntervinsjes, de ferhalen fan it 300 jier âlde gebou reflektearje en ynterpretearje.

Mei skilderjen, muorrebewurkingen en it gebrûk fan aldendeiske materialen beoefenet Alison Yip in ferskaat oan sjenres en stilen fan fisuele represintaasjes. Se ûndersiket noasjes fan omfiemjen en absorpsje en hoe’t dy har werjaan litte yn byld, as in kognityf proses, en binnen gruttere gehielen as skilderijen en arsjitektuer.