28 March o/m 30 April 2016

INTERNATIONAL VILLAGE SHOP BEETSTERZWAAG

Residency Wapke Feenstra

dsc_8481klein

Beetstersweach yn de International Village Shop yn Keunsthûs SYB.

Wat soesto graach meinimme wolle út Fryslân asto op besite giest by in boerehúshâlding yn, sis mar ris wat: Vladivostok? Fryske Dúmkes! Ja dy binne bysûnder, mar dy ferpakking is sa âldfrinzich! Is der net wat hippers? Faaks wat Frysk dat better by wodka past? Hoe soe dat derút sjen?

Klinkt “streekprodukt” in bytsje sleauwich? Tink dan nochris! Wat fynsto dat past by dyn streek en wêrom soenen minsken dat hawwe wolle?

Mochten der al ideeën by dy yn ‘e holle opkomme en soest it nijsgjirrich fine om dy ideeën te dielen? Of soest it moai fine om ris te hearren wat dyn buorlju produsearje wolle soenen? En wolst de útdaging oangean om dy moaie plannen mei-inoar yn aksje om te setten en echt eat te  meitsjen en yn ‘e merk te setten dêr’tst as Opsterlanner grutsk op wêze kinst? Mail dan nei info@kunsthuissyb.nl en meld dy oan by de International Village Shop.

The International Village Shop draait op minsken en groepen yn ‘e regio dy’t it slagge is om harren krêften, kwaliteiten en middels te bondeljen yn in proses datst, sûnder pretinsje, kulturele produksje neame kinst. Want de wize dêr’tst in lokaal produkt op ûntwikkelest en presintearrest, makket abstrakte begripen lykas ‘identiteit’, ‘wearde’ en ‘earlikens’ ynienen hiel konkreet. Lit in groep minsken út it neat in streekprodukt ûntwikkelje en der ûntstiet as út himsels in petear oer wat harren bynt, wat harren omkriten sa bysûnder makket; oer it lânskip, it doarp, de skiednis, mar ek oer yndividuele wearden, oer lifestyle, brâning, merkwurking en it ferdielen fan middels. Dat is krekt wat Wapke Feenstra foar eagen hat mei har projekt Beetstersweach yn de International Village Shop yn Keunsthûs SYB.

Fan april oant yn july strykt de International Village Shop del op ‘e Sweach en sil Wapke Feenstra mei in – noch gear te stallen – groep doarpsbewenners en boeren, in nij, lokaal produkt betinke, ûntwikkelje, produsearje en eventueel ferkeapje. Dat wurdt dien yn brainstoarmsessies en ûntwerpworkshops, begelaat troch keunstners en saakkundigen op it mêd fan produktûntwikkeling. De dielnimmers presintearje harren prototype yn it Keunstwykein fan Beetstersweach op 1, 2 en 3 july 2016. Dêrnjonken wurdt de útkomst fan it projekt yn septimber 2016 toand yn in presintaasje fan Keunsthûs SYB yn museum GfZK yn Leipzig (www.gfzk.de) en fan septimber ôf op dizze website: http://www.internationalvillageshow.myvillages.org/.

De International Village Shop (http://www.internationalvillageshop.net) is in projekt fan Myvillages, in gearwurkingsferbân fan Kathrin Böhm, Wapke Feenstra en Antje Schiffers, dat yn 2006/2007 begûn mei in lyts netwurk fan kastkes by de iepenbiere wei lâns. Dy saneamde “honesty boxes” sieten fol mei lokale produkten en foarbygongers koenen sels útmeitsje wat hja foar dy produkten betelje woenen. Tsien jier letter is de International Village Shop in goedrinnend ynternasjonaal keunstprojekt mei tsientallen tydlike en permaninte winkeltsjes yn  ‘e foarm fan merkkreammen, ferkeapfitrines, keukentafels, wandmeubels en útklapbere doazen rûnom op ‘e  wrâld fan doarpshûs oant Tate Museum yn London, fan noflik mei-inoar oant striidlustich en besiele. Boppedat hat de International Village Shop ûnderwilens in eigen line: New Village Goods. Dy produkten reizgje mei nei nije winkelprojekten en fariearje fan Frogbutterspoons (Franken, DE), Caravan Bloempotten (Ballykinlar, IE) oant it Ittinger Ei (Kartause Ittingen, CH) of Ohner Linnen (Ohne, DE).

Wapke Feenstra wennet en wurket yn Rotterdam (NL), mar groeide op op in melkfeehâlderij yn Fryslân (Wjelsryp, Littenseradiel). It plattelân hat altyd in konstante faktor yn har wurk west, wêrby’t de fokus leit op it lânskip as in konstant fluktuearjend sjenre yn de byldzjende keunst. Wapke Feenstra har wurk is romtlik en kin alle foarmen oannimme. It dûkt bygelyks op as in reisboek (De Beste Plek 2007), in digitale beammekolleksje (Webxylotheek), in printerige yn in museumkolleksje (SPOT 2001-2002, Museum Boijmans Van Beuningen, Rotterdam (NL) of as dokumintêre foar Omrop Fryslân (Farmers & Ranchers, 2015).

Myvillages is yn 2003 oprjochte troch Wapke Feenstra (Rotterdam), Antje Schiffers (Berlyn) en Kathrin Böhm (Londen) mei as doel om romte te skeppen foar  byldfoarming fan it plattelân yn de hjoeddeistige keunst. Ûnder de flagge fan Myvillages, naam Feenstra mei de foarstap ta ferskate gearwurkingsprojekten lykas Vorratskammer (Berlijn, 2010-2012) dêr’t in jier lang iten yn byinoar brocht waard yn in grutte spyskast yn it Haus der Kulturen der Welt. Yn fiif dagen koenen de 8000 gasten har laavje oan in karút oan iten en drinken út Berlyn en de neiste omkriten. Yn 2012 sette Wapke Feenstra út ein mei it Russyske projekt Made in Zvizzchi, in alsidich portret fan it plattelânsdoarpke Zvizzchi (RU). Wapke Feenstra dokumintearre de produksje fan it doarp yn foto’s, printbrievekaarten, boeken en oare produkten en tekene in geologyske animaasje oer it ûntstean fan de 600 000 000 jier âlde doarpsboaiem. Made in Zvizzchi waard toand yn PAV (Turyn 2015), de 6de Moscow Biënnale (2015) en it Archstoyanie Festival. Yn ‘e maitiid fan  2016 is Made in Zvizzchi te sjen yn GfZK Leipzig.