10 o/m 14 February 2016

mano y mano

Tentoonstelling Art Rotterdam Intersections 2016

atcsintersctions

Op de keunstbeurs wurdt net hantsjebakt oer de priis fan in keunstwurk. Wat jo al sjogge binne hannen dy’t mei ynmoed fûstkje, hannen dy’t skouderklopkes jouwe en hannen dy’t achteleas delflijd wurde op in skouder by it tútsjen. En hiel inkeldris kinne jo hannen betraapje op it stevich fûstkjen om de keap te bekrêftigjen. De keunstbeurs is langer net mear yn’t foarste plak in romte fan hannel, mar wurdt hieltyd faker ynrjochte as in plak dêr’t keunstleafhawwers, keunstners, kurators, galeryen en ynstituten inoar moetsje, sjogge en wersjogge. De keunstbeurs is in plak dêr’t relaasjes smeid wurde, oanhelle of beklamme mei in ienfâldich hângebeart.

Dat hângebeart stiet sintraal yn de fjouwer wurken en performance dy’t Keunsthûs SYB fan ‘t jier presintearret op Art Rotterdam Intersections 2016 yn de Van Nelle Fabryk ûnder de titel Mano y Mano. De titel betsjut letterlik ‘hân en hân’ en is in ferbastering fan de Spaanske útdrukking Mano a Mano (hân ta hân) wat letterlik in hângefjocht betsjut en figuerlik in foarm fan kompetysje. Yn Mano y Mano bringt kurator en lid fan SYB’s programmearringskommisje Vincent van Velsen ferskillende keunstwurken gear dy’t elts in kommunikative funksje fan de hân en it gebeart dêrmei ta útgongspunt hawwe. Sa ferkent Semâ Bekirovic yn har fideo-ynstallaasje The Radiance of Sensible Heat, de oerdracht fan enerzjy fan de hân nei it objekt. Yn de ynstallaasje Thumbs Up to Clenched Fist skôget Machteld Rullens de ûntjouwings fan de anty-apartheidsbeweging ANC oan ‘e hân fan ferskillende, op inoar folgjende gebearten: fan de opstutsen tomme oant de oprôle fûst. Yn de fotorige Endless Chain neemt Erica van Loon de hân as mjitter fan de dingen om ús hinne. Aimée Zito Lema presintearret in part fan har byldargyf Untitled (Gestures), in groeiende samling foto’s út sawol publike as private kolleksjes dêr’t (hân)gebearten in paadwizer yn foarmje. De hiele Keunstbeurs troch sil it kollektyf All the Cunning Stunts de ekonomy fan de keunstbeurs trochkruse troch de hândruk yn te setten as metafoarysk glydmiddel fan de ekonomy en alternative ‘queer currency’ mei harren trochrinnende performance If + Trust.

 

Sema Bekirovic (1977, NL) wurket op it spanningsfjild tusken it fêsthâlden en loslitten fan kontrôle. Sy lit har wurk beskiede troch kâns en tafal; prinsipes dy’t de grûndslach foarmje fan de natuur en dy’t in wichtige impact hawwe op ús bestean.

Sema Bekirovic studearre oan ‘e Gerrit Rietveld Academie en ferbleau fan 2005 oant 2006 as artist-in-residence oan de Rijksakademie voor Beeldende Kunsten yn Amsterdam. Koartlyn waard har wurk toand yn solotentoanstellings yn Museum Jan Cuenen yn Oss (2013), Diana Stigter yn Amsterdam (2011) en The Hayward Gallery yn London (2010).

 

Erica van Loon (1978) siket op assosjative wize om ferbannen tusken it lichem fan ‘e ierde en dat fan ‘e minske. Se brûkt in ramt fan patroanen, dat referearret oan besteande modellen dêr’t wy ús omjouwing en ússels mei identifisearje.

Erica van Loon studearre arsjitektoanysk ûntwerpen oan de Hogeschool voor de Kunsten Constantijn Huygens te Kampen en byldzjende keunst oan ‘e Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Fan 2005 oant 2007 residearre hja oan De Ateliers yn Amsterdam en yn 2012 ferbleau hja as artist-in-residence oan it Banff Centre for the Arts yn Kanada mei in beurs fan it Mondriaanfonds.

 

Machteld Rullens (1988, NL) toant de skjintme en absurditeit fan it alledeiske troch dokumintêre strategyen te kombinearjen mei fiktive eleminten. Sy hellet de ynspiraasje út ‘e meast gongbere dingen, dy’t hja posysjonearret en manipulearret mei as doel it befreegjen fan wierheid en werklikheid.

Machteld Rullens studearre oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst yn De Haach en oan it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam. Har wurk wie te sjen op ferskate groepstentoanstellings yn binnen- en bûtenlân. Ûnder oare yn 2015 yn it Sober and Lonely Institute yn Johannesburg en yn galery Dürst Britt & Mayhew yn De Haach.

 

Aimée Zito Lema (1982, NL/ARG) makket it grutste part fan har wurk yn gearwuking mei de belutsen mienskip. Har wurk ûntstiet út in konstante niget oan arbeidsomstannichheden en kollektive libbensfoarmen.

Aimée Zito Lema studearre oan de University of the Arts in Buenos Aires en de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Fan 2009-2011 folge hja de Master Artistic Research oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn De Haach. Fan 2013-2014 wurke hja oan it langrinnende ûndersyksprojekt Body at Work bij Casco, office for art design and theory yn Utert. Yn 2014 wie se as gastdosint ferbûn oan it ArtEZ yn Arnhim. Op dit stuit wurket Zito Lema as artist-in-residence oan de Rijksakademie yn Amsterdam.

All the Cunning Stunts is in gearwurkingsferbân tusken de yn Aotearoa (Nij Seelân) berne keunstners Liz Allan, Clare Noonan, Rachel O’Neill en Marnie Slater. Sûnt 2010 meitsje hja mei-inoar bylden, teksten en performances.