3 August o/m 13 September 2015

FESTIVAL OF SPORTS

Residency Rieke Vos, Kasper Jacobs, Ilke Gers, Frank Koolen, Eric Giraudet de Boudemange

eric-fierljeppen

No’t de ein fan july yn ’t sicht komt, komt de toergekte sa njonkenlytsen op har hichtepunt. Sponsors, dopingplysje, de sport(fyts)parse en poadiumfamkes komme machtich as de miggen op de swittende hurdfytsers ôf. Op ’e hakken folge troch de taskôgers. Sport ferieniget. Mar troch de fiergeande professionalisearring, kommersialisearring en mondalisearring fan grutte eveneminten lykas de Toer de France soene jo hast ferjitte kinne wat sport ek wêze kin: in rike utering fan lokale kulturele identiteit dêr’t ynstinkt foar kompetysje like folle romte kriget as de ympuls foar it spul, ienigens en nocht en wille.

Lokale sporttradysjes slagget it om op in ienfâldige wize minsken te ferbinenen. In krêft dêr’t ek de keunst profyt fan hawwe kin, skreau Berthold Brecht yn syn essee Mehr Guten Sport (1926), dêr’t er yn bepleitet dat keunst mear as sport wêze moatte soe. Oarsom soe sport mear as keunst wêze kinne, sa as eartiids de wedkampen ûnderdiel wiene fan wijde feesten en hillige hannelingen. Oant yn de 19e iuw, skreau kultuerfilosoof Johan Huizinga yn Homo Ludens (1938), wie sport sterk ferbûn mei lokale rituelen, leauwe en artistike uteringen.

Mei Festival of Sports giet Rieke Vos op syk nei de hjoeddeistige bannen tusken sport en keunst. Yn har ûndersyk set se spul, ymprovisaasje en kreativiteit yn as in antidotum fan in troch effisjinsy dreaune mienskip. Festival of Sports is in mearjierrich ûndersykstrajekt dat bestiet út in searje eveneminten yn binnen-en bûtenlân wêrfoar’t Rieke Vos meiwurking kriget fan in tiim fan keunstners, ûntwerpers, arsjitekten, teatermakkers, koreografen en skriuwers dat iderkear fan gearstalling feroaret ôfhinklik fan de lokaasje en de kontekst. Wat allegear mien hawwe is in fassinaasje foar sport en spul as kulturele utering.

De earste edysje fan it Festival of Sports, de Fryslân edysje, sjocht nei de tradisjonele Fryske sporten as keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen. Rieke Vos frege dielnimmende keunstners om op boartlike wize besteande sporten te ferdraaien, nije sporten út te finen of op in oare manier te reflektearjen op atletyske prestaasjes en de entoeraazje fan in sportevenemint.

Rieke Vos (1981, Arnhem) wennet yn Amsterdam en is free-lance kurator en skriuwer. Sy initsearret kulturele programma’s en útstallings en wurket yn opdracht fan ferskate organisaasjes yn binnen- en bûtenlân. It giet fakentiids om projekten yn de iepenbiere romte dy’t har ôfspylje op de grinzen fan keunst, arsjitektuer en it libben yn ’e stêd op syk nei mominten fan poëzy yn it deistich libben. Yn 2013 wie se as ûndersykskurator belutsen by de Istanbul Biennale en ko-kurator fan de útstalling Artifical Amsterdam by de Apple Arts Centre. Tusken 2010-2011 wie se kurator by SKOR/Stichting Kunst en Openbare Ruimte en naam se diel oan it Appel Curatorial Programme. As skriuwer wurket Rieke Vos û.o. foar Stichting Sonsbeek en Metropolis M.

Ilke Gers (Nij-Seelân, 1981) is grafysk ûntwerper en dêrfoar proftennisster. Op dit stuit wurket se oan de Jan van Eyck Academie oan har, oer meardere boegen, omfetsjend ûndersyk Techniques of the Body oer hoe’t lichemsbeweging, fysyk úthâldingsfermogen en de kulturele bepaaldheid wearklank krije kinne yn in grafyske taal. Sy ûntwikkelet dêrta in tal nije spul- en sporten wêrby’t se it publyk in sintrale rol jout yn de ûntwikkeling fan regels, stratezjyën, techniken en metoades. Foar Festival of Sports sil Gers sjen nei de fysike, kulturele en sportive eleminten fan it keatsen yn gearwurking mei skoallen en keatsferienings yn Beetstersweach en omjouwing.

Eric Giraudet de Boudemange (Frankryk, 1983) is in byldzjend keunstner mei in benei etnografyske oanpak fan tradisjonele sporten en folkloristysk spul. Hy leit kontakt mei de leden fan in troch him útsochte feriening of mienskip en docht mei en observearret har by har frijetiidsbesteging mei in skerp each foar de byhearrende gebearten, gebrûken en omgangsfoarmen. Op grûn fan syn observaasjes en mei help fan films en foto’s makket er dêrnei in eigen narratyf yn de foarm fan in performans of in ynstallaasje. Foar Festival of Sports sil Eric Giraudet de Boudemange benammen sjen nei it fierljeppen, dêrby útgeand fan in earder wurk, de film An Essay on Dutch landscape (2013), dêr’t er it spul tusken lichem en lânskip yn dy karakteristike Fryske sport op ferbjusterende wize yn yn byld bringt.

Frank Koolen (Nederlân, 1978) en Kasper Jacobs (Nederlân, 1981) binne beide byldzjend keunstner. Doe’t se lêstendeis in skoftsje op Cura?ao taholden makken se tegearre de film Play Cura?ao, in kabbeljend portret fan in trochsnee sneon op it eilân. It drûge, winerige eilân foarmet it dekôr foar allerhanne sosjale rituelen dy’t foarm jouwe oan de lokale kultuer sa as dûns, karaoke, skeaken, motorkross, draakjefleanen, fytsen of in oldtimer-rally. Foar Festival of Sports ûntwikkelen Jacobs en Koolen in ferfolch op Play Cura?ao wêrby’t se har fokus ferleinen nei de besteging fan frije tiid yn Fryslân.