15 May o/m 20 June 2015

AS THE LAKE SAID TO THE BOAT

Sjoerd Westbroek, Frans-Willem Korsten, Edward Clydesdale Thomson

as-the-lake-said-to-the-boat

Old Man [the sun] showed them the roots and the berries, and showed how to gather these, and certain times of the year they should peel the bark of some trees and eat it…

(Grinell, G.B. 1913. Blackfeet Indian stories. C. Scribner’s Sons, New York.).

De binnenkant fan de bast fan nuddelbeammen wie iuwenlang in wichtige boarne fan ytbere stoffen yn de lêste moannen fan de strange winters fan Laplân. De Samy, de lânseigen befolking fan Noard Skandinaavje, strûpten de folsleine bast fan de beammen, mar lieten altyd genôch libben tyltweefsel efter om de beam net slim te verwûnjen. De groeden dy’t dêrtroch ûntstien binne yn de stammen binne no noch te lêzen as ynskripsjes dy’t ús iuwen nei’t se oanbrocht binne noch wat sizze as negativen fan in aldendeiske hanneling. De bosken spylje dêrom yn it libben fan in protte Sweden in suver religieuze rol; as jo allinnich wêze wolle mei eat dat grutter is as josels en de wrâld om jo hinne, geane jo nei de bosk.

Yn Keunsthûs SYB ûndersiket keunstener Edward Clydesdale Thomson de kommende wiken it spanningsfjild tusken ferskillende weardesystemen lykas it gebiet tusken de spirituele erfaring fan de Sweedske bosk en de ekonomyske wearde fan de bosk rjochte op optimale houtproduksje. Yn de romte tusken soksoarte fan weardesystemen ûntstiet it komplekse politike spul dat ús relaasje ta it lânskip om ús hinne beskiedt.

Tidens syn ferbliuw yn Beetstersweach sil Clydesdale Thomson yn petear mei keunstner Sjoerd Westbroek en bysûnder heechleraar film- en literatuerstúdzjes Frans-Willem Korsten. Yn As the lake said to the boat analyzearje dy trije  ús weardesystemen troch benammen te sjen nei de romte tusken ferskillende weardesystemen. Sa wurde de oerbosken fan it fiere Laplân ferbûn mei it keunstmjittich foarme polderlânskip by Seewolde dêr’t yn de jierren tachtich en njoggentich mei in protte idealisme en ambysje in grutte rige lânskipskeunstwurken ûntstie. It byldepark – dat ‘De Kunstbaan’ neamd waard – hat ûnderwilens in rûzige skiednis fan fertutearzging troch beliedsmakkers en stellerij fan keunstwerken troch de lokale befolking. Sjoerd Westbroek ûndersocht de maatskiplike idealen dy’t de grûnslach foarmen fan dy ûnderwilens fergetten keunstplannen en de takomstmooglikheden foar wat der no noch fan oer is. Yn pertear mei Korsten en Clydesdale Thomson ferkent Westbroek it spanningsfjild tusken it sosjaal demokratyske ideaal fan de keunst as in bydrage oan de ûntjouwing fan it folk, de ekonomyske belangen fan de toeristensektor en de yndividuele, autonome praktyk fan de belutsen keunstners.

Edward Clydesdale Thomson, Sjoerd Westbroek en Frans-Willem Korsten moeten inoar 8 jier ferlyn op it Piet Zwart Ynstitút en sûnt binne hja altyd yn petear bleaun. Hja wikselje keunstwurken en teksten út, reagearje op inoars wurk en hâlde inoar skerp. Op ‘e Sweach yntinsivearje de freonen harren petear mei as doel meiïnoar in  film te meitsjen dêr’t it begryp ‘lokaasje’ sintraal yn stiet. Dy film sil presintearre wurden by de einpresintaasje yn Keunsthûs SYB (21 juny). Yn ‘e wykeinen is Edward Clydesdale Thomson oanwêzich yn Keunsthûs SYB om mei besikers te redendielen oer ús ferhâlding ta spesifike lokaasjes en lânskippen.

Edward Clydesdale Thomson (1982) is Skotsk en Deensk en wennet en wurket yn Nederlân. Hy studearre ôf oan it masterprogramma fan it Piet Zwart Ynstitút yn Rotterdam en folge it BArch-programma oan de Glasgow School of Art. Fan 2011 oant 2012, wie er ferbûn oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en yn 2011 wûn er de Lecturis Award en waard er nominearre foar de Prix de Rome. It wurk fan Edward Clydesdale Thomson wie ûnder oare te sjen yn de solo-tentoonstelling  Causa Finalis (2012) yn Galery Fons Welters, Amsterdam; de Prix de Rome 2011; SMART Project Space, Amsterdam en Secret Gardens (2012), TENT, Rotterdam.

Sjoerd Westbroek (1979) wennet en wurket yn Rotterdam. Hy studearre yn 2008 ôf oan it masterprogramma fan it Piet Zwart Ynstitút yn Rotterdam en wie yn 2013 ferbûn oan de Jan van Eyck Akademy yn Maastricht. Resinte projekten binne ûnder oare The Building a Pedantry of Lines oan de Jan van Eyck Akademy en Pick up this book, in ynstallaasje en publikaasje foar de útstalling If Mind Were All There Was,  Kunstverein Göttingen. Sjoerd Westbroek is mei-oprjochter fan ADA (Area for Debate and Art) yn Rotterdam. 

Frans Willem Korsten is bysûnder heechleraar ‘Literatuur en samenleving’ oan de Erasmus Universiteit en universitêr haaddosint oan de oplieding Film- en literatuurwittenskip fan de Universiteit Leiden. Tegearre mei Yasco Horsman rjochte er it ‘Leids Platform voor Literatuur, Recht en Retoriek’ op.