9 o/m 22 March 2015

KUHNTRADICTIONS

Academie Minerva

imagesprojectenMinerva_in_SYBclootcrans-h_1.jpg

Iepening: vrijdag 13 maart, 20:00 oere
Eksposysje: 14-22 maart, 13:00-17:00 oere

Foar it projekt Kuhntradictions, in oparbeidzjen mei Akademy Minerva, feroaret Keunsthûs SYB yn in laboratoarium fan tinseksperiminten en ûndersykje de studinten hoe’t abstrakte/konseptuele saken as startpunt tsjinje kinne foar it meitsjen fan wurk.
Stel dat jo in kat yn in doaze stopje, jo dogge dêr in fleske mei giftich gas by dat in kâns hat fan eksakt 50% om stikken te gean. Dan slute jo de doaze ôf. Is de kat op dat momint dea of libben …. of allebeide? Dat is ien fan de bekendste tinseksperiminten, Schrödingers Cat neamd. In tins- of tinkeksperimint is in eksperimint dat mei gebrûk fan taal en foarstellingsfermogen plak fynt yn ‘e holle yn stee fan de fysike wurklikheid. Dat meganisme wurdt wittefaak tapast yn ‘e wittenskip en filosofy om abstrakte problemen nei foarren te skowen. Funksjonele tinseksperiminten meitsje allinnich gebrûk fan objekten of situaasjes dy’t foar eltsenien foar te stellen binne. It skept in imazjinêr senario, in ferhaal of anekdoate dêr’t eltsenien itselde probleem út distillearje moatte soe. Wat sil der lykwols barre wannear’t de subjektive byldfoarming fan in yndividu in rol spilet yn it tinseksperimint? Wat sil der barre wannear’t ûnbekende objekten of ûnferwachte spilers taheakke wurde?

De 4de jiers studinten fan Akademy Minerva wurde útdaagd om, allinnich of yn gearwurking, yn de tiid fan in yntinse fiifdaachske miny-residinsje, yn of om Keunsthûs SYB sels in senario te kreëarjen fan in besteand of sels-postulearre tins-eksperimint. De fokus van de projektwike mei Akademy Minerva leit op it omgean mei abstrakt, konseptueel materiaal as startpunt en dat te transformearjen nei fysike wurken. It úteinlike medium kin fariearje fan performance oant fideo of objekt. De studinten wurden begelaat troch keunstner en lid van SYB’s programmearringskommisje Tom Kok.

De ynstallaasjes en eksperiminten fan Tom Kok (1987, Gouda, NL) binne fuortkommen út in fundaminteel ûndersyk nei technology en wittenskip. Strategyen en metoaden dy’t hantearre wurde troch de wittenskip tsjinje oan ‘e ien kant as direkte ynspiraasjeboarne foar it meitsjen fan byldzjend wurk en binne oan ‘e oare kant oanlieding ta djipgeand redendielen. It oan ‘t ljocht bringen fan besteande mar ferburgen fenomenen út ‘e technology en wittenskip stjoert in ûndersyk dêr’t materiaal, foarm, beweging en lûd de essinsje yn foarmje. Hy studearre oan de HKU en oan it Piet Zwart Instituut. Kok hat dielnommen oan ferskate groepseksposysjes yn Nederlân, België en Dútslân. Dêrnjonken wie syn wurk te sjen yn ûnderskate solotentoanstellings yn o.a. NP3 (Grins) en Gallery Fortlaan 17 (Gent). Geregeldwei wurket er gear mei Jan Willem Deiman (Kok & Deiman). www.tomkok.com

Deelnemende kunstenaars:

Lai Kuen Chan
www.laikuenchan.com

Rosemarie Swingle
www.rosemarie-swingle.com/ 

Nia Konstantinova
www.niako.net

Wim Warrink
www.wimwarrink.wordpress.com

Laureen Langkamp
www.laureenlangkamp.com