28 o/m 28 June 2015

NO SOLID GROUND

Recensie door Anne Marijn Voorhorst

cross_b327

CROSS SECTION OF A LANDSCAPE #2 – Yeb Wiersma & Miek Zwamborn

Yn koarte broek krije wy de fuotten omheech. Seeklaai bliuwt ús oan ‘e skonken plakken, fan ‘e fuotten oant oan ‘e kûten. Ik hear ien praten, de wyn op ‘t Waad hat alle romte en swypket by de earen lâns.

Nearne earder sa’n gelikense ferdieling fan loft en boaiem sjoen, en ik fernim hoe’t myn lichem him dêr op ynstelt: de holle tinkt net mear, mar sweeft – de lucht drukt de tinzen del – en de fuotten wolle allinnich mar wrotte. Foarút, it eachweid freget om berikt te wurden, de leechte wachtet om ynfolle te wurden troch ús lea.

Hjoed binne wy kuierjendewei ûndersikers fan ‘t Waad. De oerweldigjende romte en horizontale linen op dizze tocht, ‘No Solid Ground’ neamd, steane yn fûl kontrast mei  Yeb Wiersma en Miek Zwamborn harren foargeande edysje ‘Cross Section of a Landscape’: in kuiertocht troch de bosken fan Súd-Limburch. Dêr oerhearske de tichte begroeiïng en lytse bysûnderheden fan planten. Ûnder lieding fan in botanist rûnen hja dy tocht. In reis dy’t ferrike waard mei sitaten en bylden út eigen wurk en dat fan liende skriuwers, amateurs en wittenskippers.

Hjoed liedt Yeb de tocht yn mei it foarlêzen fan in fragmint út it boek Aquaphobia, Tulipmania, Biophilia: A Moral Geography of the Dutch Landscape van filosoof Hub Zwart:

“(…) Roman visitors were most of all struck by the formlessness of this damp and drairy world, by the lack of clear distinctions between land and water.

(…) It was an environment, so to speak, without a face.”

“(…) Romeinske besikers wienen it meast oangrypt troch de foarmeleazens fan dizze wiete en dridzige wrâld, troch suver gjin ûnderskied tusken lân en wetter.
(…) It wie in krite, om samar te sizzen, sûnder gesicht.” 
]

It slyk sljurket en lûkt en twingt jin om op ‘e nij út te finen hoe’t men rinne moat. In rook fan rotsjen stiicht út de djippere ierdlagen omheech. It slyk is in grûndsoarte dy’t wit fan beide tijstreamen, leit gids Rob út. De laach ûnthâldt de ûndergrûn fan soerstof. En troch  ús ploegjende fuotten krije de sonken organismen de kâns om har te mingen mei lucht en in foar ús waar te nimmen rook te foarmjen.

boekb327

Ja, dy line yn ‘e fierte, dy’t de loft skiedt fan de ierde, set ek in streek op it lichem: alles fan ‘e heupen oant ‘e holle is sa licht as in fear, lit it tiidsbesef ferdampe, en makket de ûnderkant (fan heupen oant fuotten) muoisum en swiersettich.

Dat tsjinakseljen docht ús wifkjen. It iene part weifleanend as in ûntsnapte heliumballon, it oare dat him yn ‘e ierde stoarte wol en wrotte wol as in mol.

Rûnom litten wy linen efter, dy’t net sa rjocht blike te wêzen as dat wy tochten. Efterom eagjend lykje wy op dronkenlappen dy’t in ûnwisse koers folgje.

Dan ferskine der miljoenen lytse krinkels oer it spegeloervlak fan it Waad: de ekskreminten fan wjirms, dy’t der krekt sa útsjogge as sysels. Tink dy ris yn dat alle bisten poepe soenen yn ‘e foarm han harsels, der soe gjin plak mear wêze om te libjen.

Wy geane om Miek hinne stean. Sy plantet twa bamboestokken yn ‘t Waad en hinget inkelde wyld protestearjende papieren op. Tusken de wynpûsten troch, sjogge wy ôfbyldings op de fellen fan it wurk Tidal Series (1969) van de Boyle Family. Miek fertelt oer it wurk, dat bestiet út fjirtjin stúdzjes fan hieltyd deselde fjouwerkante meter op it strân fan Camber Sands, flakby Sussex. Mei in ûnderbrekking fan tolve oere, heinden de keunstners alle dagen twa kear it oerflak, foar in wike lang. Se brûkten hars en glêsfezel om de foarmen fan it sân te omsluten, dy’t alle kearen wer ferskilden fan de foargeande tolve oeren troch it wikseljen fan it tij en waarsomstannichheden. De keunstners hawwe, sa’t se sizze, gjin ynfloed hân op de ûntstiene foarmjouwing fan de wurken, útsein de kar foar dy iene kante meter.

Wy sette út ein mei it paad werom. De horizon dêr’t de skym fan Skylge te sjen is litte wy efter ús, en we rjochtsje it each nei foarren, nei tsjerketuorren en grien.

Yn ‘e fierte sjogge wy omhakke klaai: ús fuotprinten fan in oere tebek lizze der noch like farsk by. Ús spoaren wurde net samar wei. Lykas de libbensdoer fan in glêzen flesse yn ‘e berm ien miljoen jier is, is dy fan in fuotleast op it Waad sa’n seis oere, oant oan it folgjende heechwetter ta

Yn ‘e leechte skûlet it fol-wêzen, fernim ik, as de grûn ûnder ús fuotten fêster wurdt. Sâltige, drûge stikken grûn dêr’tst op fearrest. De skuorren beskiede it ritme fan it lânskip. Ôfskie fan bosken kwelderkrûd en panikerich kriezende kluten en strânljippen.

It weromkommen fan fêstens, it gerslân dat oan ‘e dyk ta leit. It giel fan ‘e bûterblommen en it grien fan gers bespringt de eagen as soe ik hallusinearje. No komt de ûntdekking dat it in yllúzje is dat de horizon fêstsit: hy slingeret, wâlet as weagen. Ik triuw wat kwelderkrûd yn ‘e mûle om der wis fan te wêzen dat it swanken net fan ‘e honger komt.

Mei skjinne, waarme klean oan sitte we oan ‘e tafel by Louwrien Wijers en Egon Hanfstingl. Kommen dampende ‘Blissful Peace Soup’, sean troch Egon, litte ús stadich delkomme yn ‘e wrâld, dy’t ynienen sa nij liket.

Louwrien fertelt oer har moetings: Andy Warhol, Joseph Beuys, Robert Filliou, de Dalai Lama… ûnderwilens besykje ik om de eagen net ticht te knipen lykas op it Waad, om de yntinsiteit fan de wyn en it ljocht te ferleegjen.

Mei kleare blik leit Louwrien har ideeën oer ‘Groundlessness’ iepen, dêr’t hja op ‘e nij ús ûnderfining mei it Waad fuorret. De útspraak fan Warhol komt my yn ‘t sin: “To be really rich, I believe, is to have one space. One big empty space.”

As ik risselwaasje meitsje om fuort, de auto yn, werom nei Amsterdam, langet Yeb my twa posters oer, dy’t hja makke foar dizze tocht. Der binne ôfbyldings te sjen, dêr’t ik it lânskip fan dizze dei yn weromsjoch. Twa steapele rjochthoeken yn griistinten sjoch ik, mei op de hoarizon in skerpe tear. De RISO-technyk jout de foto’s in dof karakter. Op de oare side twirje wurden dy’t assosjearje oan it Waad – dwaalgast, kokkel, bûnte pyt, kwelderkrûd. De twadde poster toant swart-giele geometryske blokjes fan it semafoaralfabet, dêr’t in boadskip yn ferskûle sit.

Wiken nei de waadrintocht sit ik yn ‘e trein yn Noard-Itaalje. Hy rôlet troch it lânskip fan de Dolomiten; de donkere bergen freegje om jins tinzen fêst te heakjen oan de rotsen. Net ien fan de oare reizgers liket der gehoar oan te jaan. Ik lês de sin yn ‘e mail dy’t Yeb en Miek ús neistjoere:

Id rather slog through mud than indifference

[ “Ik soe leaver sjokke troch drek as ûnferskilligens” ]

– Fragmint fan Francis Ponge: Unfinished Ode to the Mud

text_1