10 October o/m 13 November 2014

DE PARADOKS FAN LOAIENS

Recensie door Vincent van Velsen

video-in-progress-yelle-historian-interview

hangmatbreedb200

Wat sil der barre as jo twa keunstners byinoar bringe dy’t harren dwaande hâlde mei it snijflak tusken keunst en libben? Rumiko Hagiwara en Mounira al Solh ûndersochten yn de perioade fan harren residinsje de hjoeddeistige betsjutting fan loaiens. Sy bestudearren teksten oer dat ûnderwerp, sochten om wizen fan loaiwêzen en praten mei in protte minsken oer it ûnderwerp. De aktiviteiten en petearen hawwe hja filme; relevante teksten leinen by Syb op de tekstetafel. Dat waard allegearre presintearre ûnder it genot fan bitterballen en fryt – loai iten by útstek – mei op de eftergrûn in lange rige fan dokumintaasjemateriaal op film. Unbewurke, sa’t it by loaiheid past.

De film toant manieren om loai te wêzen. Opfallend is dat it by it loaiwêzen op de ien of oare wize altyd om in hanneling te rêden is. Pilates, skjintmemaskers of lizze te smoken yn in boarterstún; altyd is it in aktive foarm fan loaiens dy’t útgedroegen wurdt. In wichtich útgongspunt foar it duo wie de tekst fan Mladen Stilinovic In Praise of Laziness dêr’t er yn fertelt dat keunst yn de westerske kapitalistyske demokratyske maatskippij folslein akseptearre is en opnommen yn it algemien hearskjende ekonomysk tinken. Dêrtroch is keunst gewoan ien fan al dy mooglike aktive wizen om jins dei ‘nuttich’ trochbringe te kinnen en draacht it net mear it stimpel fan loaie aktiviteit. Sven Lütticken praat yn dy sin (Slothism, 2014) fan ‘chronopolitics’: tiid as ekonomyske ruilwearde. Yn de 24-oere-ekonomy is it bydragen oan ekonomyske groei en mjitberens it heechste doel: work hard, consume hard. Produsearjen yn wurktiid en konsumearjen in frije tiid – safier’t in wiere skieding überhaupt noch bestiet.

De keunstners liken in selde wikselwurking tsjinkommen te wêzen. Wylst se loaiheid útdrage en ûndersykje, binne se hurd oan ‘e gong. To work, or not to work liket hjir benammen in retoaryske fraach. Yn de 19de iuw stelde Marx syn skoansoon Paul Lafargue (The Right to be Lazy, 1880) dat religy brûkt waard om de ekonomyske en de dêrút fuortkommende politike oerhearsking te stypjen mei de godlike eask om yn dit libben hurd te wurkjen om dêr yn it hjirneimels foar beleanne te wurden. No is it de neo-liberale doktrine dy’t ús wurkje lit, mei de oertsjûging dat mear altiten better is: greed is good. Wurkleazen binne loaikerts en wurkjen wurdst better fan: mar is dat wol echt sa?

By de Griken wie wurkjen inkeld ornearre foar slaven; de boargers – ynwenners fan Athene – holden har dwaande mei it mentale libben en seagen del op fysike arbeid. Dat is no wol oars. It mentale wurdt hieltyd oerskade troch de praktyske saken, de eask fan permanent performance, betelle oanwêzichheid en in konstant parate hâlding ta hanneljen. It is net samar dat de measte minsken mar amperoan seis oere deis sliepe en de lange earm fan it wurk ûnder infloed fan e-mails en smartphones oant yn ‘e sliepkeamer rikt. Dochs is kear op kear bewiisd wurden dat rêst, lazyness sa’t jo wolle, in positive ynfloed hat op sawol de geastlike kondysje as de kwaliteit fan produksje.

Sa sei Bertrand Russel dat kwalitatyf heechsteande kennis net fuortkomt út praktysk nut, mar út in kontemplative steat fan de geast. De bêste ideeën binne fyzjes dy’t fakentiids fuortkomme út mominten dy’t as ‘sinleas’ en ‘ûnnuttich’ bestimpele wurde; Peter Higgs (fan it ferneamde dieltsje) stimt dat besef mei en seit dat er hjoeddedei nea mear wurkje kinne soe op de wize wêrop’t er ta syn teory kaam: de tiid en gemoedsrêst dy’t er nedich hie om ta syn teory te kommen wurdt net mear jûn, want dy is simpelwei net produktyf genôch. Tsjintwurdich is it net mear wurktiid dy’t metten wurdt, mar produksje. Yn ferbân dêrmei bekritisearret Lafargue (it begryp) wurk út in Marxistysk perspektyf wei en dêrby is it in slavernij fan ien syn tiid en geast; ûnder de slogan ‘rjocht op wurk’ wurdt de wurkjende klasse mentaal yn ‘e stringen holden; Wylst it krekt ferfeling en loaiens is, dy’t de kreativiteit opsmyt en dêrmei de foarútgong fan de minsk bewurkmasteret.

Yn oerienstimming dêrmei stelde Nietzsche dat de boargers oan it wurk holden wurde út eangst fan de politike machthawwers foar de frije ynfolling en winsken fan it yndividu. Salang’t minsken twongen wurde om dwaande te wêzen, dogge se gjin mâle dingen: ‘wurk is de bêste polysje’. It is de bêste manier om eltsenien kreas yn it stokramt te hâlden en fuort ek de ûntjouwing op mentaal flak effisjint te behinderjen. It opbrûken fan de lju harren enerzjy soarget derfoar dat sy it net mear oan tiid hawwe foar refleksje, prakkesearje, dreame, soargen, leafde en haat. It jout koarte termyn-doelen – alle moannen betelling, it ôfmeitsjen fan in hanneling – wat soarget foar in maklike en regelmjittige foldwaning.

Nijsgjirrigernôch bestiet it wurd ferfeling (boredom yn it Ingelsk) pas as ‘probleem’ en teoretysk konsept sûnt de ein fan de 18de iuw. It is in byprodukt fan it ferfelende ientoanige wurk dat dien waard yn fabriken en oare yndustrialisearre foarmen fan produksje. Tagelyk hat ferfeling de wei nei alderhanne foarmen fan ferdivedaasje iepene, want wa’t him ferfeelt, moat fermakke wurde: radio ûnder wurksumheden dy’t net bot útdaagjend binne, of op de bank foar de telefyzje nei in hiele dei ferfelende arbeid. frijetiidsbesteging bestiet allinnich mar by de graasje fan wurk; lykas fakânsje en skoft. Datsoarte fan taalgebrûk hâdt yn dat wurk sjoen wurdt as in permaninte tastân wêrby’t ‘moaie hannelingen’ as aardichheidsjes tuskentroch tsjinje, as noflike ôfwikseling, of mear as wolkomme ôflieding fan it monotoane en allegeduerigen bydragen oan de ekonomy.

De resinte opkomst fan bedriuwen lykas Uber, Thuisafgehaald en AirBnB, wurkje it ekonomisearjen fan de frije tiid allinnich mar mear yn ‘e hân: ite en itensiede, autoride of it hawwen fan in geryflik hûs wurdt dêrmei allegear ûnderhearrich oan ‘commodification’. Under druk fan de breanedige ekstra ynkomsten njonken de lytse fergoeding dy’t de tiid fan in gewoane wurksume boager hjoed-de-dei noch opbringt, binne alderhanne foarmen fan nije soarten ‘bybaantsjes’ foar folwoeksen professionals hieltyd minder faak in útsûndering.

‘Thinking about doing anything, might easily lead to doing something’ alsa Jerry Seinfeld yn de sitcom ,ûnder deselde titel, oer neatdwaan. Dat is krekt wat Hagiwara en Al Solh ús sjen lieten yn harren ûndersyk: loaiheid resultrearret – paradoksaal genôch – dochs benammen yn oare dingen dwaan. Smoke, Pilatus, sûnenssmaskers meitsje en oanbringe, of foarmen fan oaren oan it wurk te setten as kompinsaasje fan de eigen loaiens of fermeits. Net foar neat sei Al Solh dat jo loaiens en tiid keapje kinne. It ekonomyske ymperatyf fan wurk om te (oer)libjen kin allinich tsjingien wurde troch josels ôf te sûnderjen en josels te foarsjen om jo dêrmei ôf te sluten fan eltse foarm fan hanneljen dy’t mei jild te krijen hat; in residinsje like yn dy sin in tige passende metoade. By einbeslút waard der in hiel soad dien en yn wurklikheid mar in bytsje loaike. Oblomov, de troch Ivan Goncharov beskreaune protagonist út it ek sa neamde boek, kin as lêste les tsjinje: hy loaike syn hiele ûnopmerksume libben lang oant it op ‘t lêst rêstich útdôve as in nachtkears. It brocht him net folle goeds, mar echt folle minder waard er der ek net fan.

todayb200

oersetting: Ed Knotter