10 October o/m 13 November 2014

IN PRAISE OF LAZINESS

Residency Rumiko Hagiwara, Mounira Al Solh

press02_web

“Seis dagen sille jo arbeidzje en al jo wurk dwaan.” Sa stiet it skreaun yn de tsien geboaden. Arbeidsetos ûndersskiedt de goeden van de omstippers, de pierewaaiers, de Taugenichts, de keunstners. “(…)Ik bin der grutsk op dat ik de loaiens fierd haw yn ‘e keunst.” skreau Marcel Duchamp, dêr’t er him fuort mei ôfsette tsjin syn tiidgenoat en grutte rivaal Pablo Picasso mei syn oeuvre fan sa rûchwei 50.000 wurken.

Al sûnt de romantyk is loaiens in hâlding dêr’t jo jo mei ôfsette tsjin it systeem, in sykjen nei in frijplak yn in wurkfabryk dy’t aloan mar trochdinderet. Mar sadree’t jo jo bewust wurde fan dy hâlding, begjint dat sykjen al gau wer op wurk te lykjen …

Rumiko Hagiwara (Japan) en Mounira Al Solh (Libanon) sille yn SYB oan it wurk om de loaiens te trochgrûnjen. Want as loaiens ek ferset wêze kin en sels in oare foarm fan wurkjen, dan hat it in funksje, in doel. Yn In Praise of Laziness vragen Hagiwara en Al Solh harren ôf hoe’t we it loai-wêzen sa op ‘en nij wurdearje kinne, dat we in tsjinwicht biede kinne oan it oardiel dat faak yn ús holle trochklinkt wannear’t we ús tiid ferdogge mei skynbere liddichheid. Wat ûntjout him dêr yn dy liddigens? Dochs seker net allinnich de stim fan de duvel?

Yn de residinsjeperioade wurdt it publyk útnoege om yn ´e mande mei de keunstners diel te nimmen oan in yntinsive, krityske kursus loaiens. It program bestiet út deistige sessys loai wêze en spesjaal gearstalde yoga- en meditaasjelessen om de loaie bealch te trainen yn kombinaasje mei boekbesprekken,lêzings, filmskôgings en diskusjegearkomsten. It doel fan it programma is om gear te wurkjen en ûnderfinings te dielen en te learen om de loaiens yn ús libben te begripen as in steat fan wêzen dy´t we  beoefenje kinne. De inhâld fan it program fine jo meikoarten op ús webstek.

Yn it program wurkje beide keunstners oan in skript foar harren fideo “a dialoque about laziness”; in konversaasjestik d&er´t de petearpartners de ideology fan loaiens yn ús deistich libben yn ferkenne. Dy fideo sil toand wurde op de einpresintaasje yn novimber (datum folget).


Ruminko Hagiwara (1979, Tomioka, Japan) studearre oan de Tokio Zokei Universiteit en de Keninklike Akademy yn De Haach en makke yn 2007 har postakademyske oplieding dien oan de St. Joast in Breda. Fan 2008 oant 2009 hold se ta oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Under de titel “In praise of shadow” hie se yn 2011 in solo-útstalling yn Jeanine Hofland yn Amsterdam. Ruminko Hagiwara rjochtet har yn har wurk op de subtile, gewoane dingen yn ús deistich libben lykas in skaad op de muorre. Yn har wurk docht se ús as taskôger suggestjes dy´t liede kinne ta dramatyske wizigings yn de wize dêr´t we triviale ferskynsels op belibje. www.rumikohagiwara.com

Mounira Al Solh (1978, Beirut, Libanon) studearre skilderkeunst oan de Libaneeske Universiteit yn Beirût en Byldzjende Keunst oan ‘e Gerrit Rietveld Academie. Fan 2006 oant 2008, hold se ta oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Mounira Al Solh hie solo foarstellings yn ‘e Sfeir-Semler Gallery yn Beirût en yn ‘e Keunsthal Lisbon yn Portugal. Yn har wurk dekonstruearret Mounira fideos, ynstallaasjes, fotokollaazjes, skilderijen en performances. Se is haadredakteur fan it tydskrift NOA (Not Only Arabic). www.mouniraalsolh.com