27 August o/m 8 October 2014

DJIP YN IT OERWALD

Sara Bjarland, Christine Bax, Alexandra Duvekot

blad2w

EINPRESINTAASJE
5 oktober 2014, 15.00 – 18.00 oere
Kunsthuis SYB, Hoofdstraat 70, Beetstersweach

Hja koene elkoar net, mar waarden troch Keunsthûs Syb yn Beetstersweach útnoege om tegearre te wurkje. Sara Bjarland en Alexandra Duvekot makken yn de ôfrûne wiken yn Syb in searje keunstwurken om it tema ‘jungle’. Sy lieten him dêrby ynspirearjen troch in barren yn de Tropische Kas yn it doarp.

Bjarland en Duvekot wurkje faak mei planten as materiaal en de natuer as tema. Keunstner, skriuwer en muzykant Duvekot liet dit jier op Oerol yn de lûdynstallaasje ‘De hartslag van een bos’ it lûd fan sapstreame hearre en fertelde oer it dei- en nachtritme fan planten. Fotograaf en keunstner Bjarland wurket op de grins fan echte en keunstmjittige natuer en fotografeerde sy âlde en deade keamerplanten dy hja lâns de strjitte fûn.

Yn de Tropische Kas kamen hja yn petear mei ien fan de frijwilligers. Hja fertelden him dat hja op sykje wiene nei plantôffal, wêrnei hy fuortendaliks in grut blêd fan in bananenplant ôfhakte. Skokt troch dizze ûnferwachte aksje nammen hja it blêd mei werom nei Keunsthûs Syb, wêr hja realisearje dat krekt dizze aksje en har reaksje dêrop, har wurk koe ferbine. Sy besletten in film te meitsjen mei it blêd as haadpersoan.

Wy noegje jo fan herte út foar de einpresintaasje fan Djip yn it Oerwâld – Diep in de Jungle op snein 5 oktober. De tentoanstelling wurdt iepene om 15.00 oere mei ien ynlieding troch Noor Nuyten, lid fan SYB’s programmakommisje.

Op de tentoanstelling is de film ‘Le voyage de la Feuille’ te sjen. Fierder fierder binne der foto’s, ien ynstallaasje en dokumintaasje fan de oare aktiviteiten dy Bjarland en Duvekot organisearjen, lykas de berneworkshop junglehuodden meitsjen troch Groep 5/6 fan Basisskoalle de Paedwizer.
Boppedat presentearret skriuwster Christine Bax de prozatekst dy sy skreau nei oanlieding en as oanfolling op dit projekt, dat yn it Frysk oerset is. Nei 5 oktober is dizze tekst ek online te lêzen.

Om 16.00 oere is der de performance ‘L’enterrement de la Feuille’, mei live muzyk.
De film ‘Le voyage de la Feuille’ sil ek noch op 11 oktober te sjen binne wilens ‘Apeldei’ yn de Tropische Kas te Beetstersweach, sa’n twa minuten rinne fanút Keunsthûs Syb, yn de overtún fan it Lycklamahûs, tsjinoer Hoofdstraat nû 80. Mear ynfo

It projekt ‘Djip yn it Oerwâld – Diep in de Jungle’ is stipet troch de provinsje Fryslân.