SÂN KEUNSTNERS, 24 OERE YN SYB

Útsteld

Hoe is it eins om te gast te wêzen yn in residinsje? En wat kinst dwaan en meitsje yn 24 oere? Yn febrewaris en maart sille in stikmannich keunstners de útdaging oangean yn in 24-uurs residency in Kunsthuis SYB. Mei: Karina Puuffin, Kara Noble, Layla Arthur, Nune Tunjikian, Pan Vanitcharoenthum, Polina Shuvalova, Klaudija Ilayte, Samantha Pellarini & Zjuul Wiersema and Miru Park.

De selektearre keunstners studearje oan Academie Minerva. Yn de ôfrûne moannen koenen hja in útstel ynstjoere foar in ferbliuw- en wurkperioade fan net mear en net minder as ién dei en ién nacht.

Út alle útstellen selektearre byldzjend keunstner en kurator Noor Nuyten en Josine Sibum Siderius (SYB) de opfallendste útstellen. De keunstners wurde yn harren ultrakoarte residinsje op ôfstân begelaat, en krije alle romte en tiid om yn harren etmel in nije draai oan besteand of nij wurk te jaan. Sa dogge se ûnderfining op mei it wurkjen as artist-in-residency, it plennen en útfieren fan in projekt op lokaasje, en kinne se ûnderfine wat de rêst en omkriten fan Beetstersweach en in residinsje lykas SYB har biede kin.